Terbandster Tsjerke

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Rotondetsjerke)
Jump to navigation Jump to search
Terbandster Tsjerke

De Terbandster Tsjerke is in tsjerkegebou yn Terbant ten noardeasten fan it knooppunt by It Hearrenfean.

De tsjerke waard earder wol Rotondetsjerke neamd fanwegen de tichtbylizzende rotonde foardat dy yn 2000 in klaverblêd waard. De neoklassisistyske tsjerke út 1843 is in ûntwerp fan arsjitekt Thomas Adrianus Romein, stedsarsjitekt fan Ljouwert, en yn dy stêd ferantwurdlik foar in protte bouwurken, wêrûnder it Beurs- en waachgebou. It tsjerkegebou ferfong in tsjerke út 1743.

Eigener fan de tsjerke is de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Yn 1985 waard de tsjerke restaurearre. Ek it Van Dam-oargel waard 2003 restaurearre troch Bakker & Timmenga. De tsjerke is in ryksmonumint.