Thomas Romein

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Thomas Adrianus Romein)

Thomas Adrianus Romein (Ljouwert, 16 desimber 1811 – Ljouwert, 24 febrewaris 1881) wie in Fryske arsjitekt.

Beheinde biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thomas Romein wie de soan fan de timmerman Jacob Romein. Nei de skoalle yn Ljouwert studearre hy yn Rotterdam. Yn 1843, neidat hy earst yn tsjinst west hie fan Wettersteat, waard hy stedsarsjitekt fan Ljouwert. Fan 1874 oant 1881 wie Romein ek direkteur gemeentewurken en hy organisearre de Ljouwerter brânwar.[1]

Yn 1860 sloech Romein in oanbod fan de gemeente Utert foar de funksje fan stedsboumaster ôf fanwegen in neffens him te leech salaris. As stêdsboumaster woe er neutraal de publike saak tsjinje kinne en syn salaris net oanfolle moatte mei opdrachten foar partikulieren.[2]

Hy ûntwurp benammen neoklassisistyske gebouwen.

Inkele wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plak Wurk Jier Ofbyld
Dokkum Doopsgesinde tsjerke 1852 Lege weg 14 Dokkum.jpg
Ljouwert Haadwacht 1845
Ljouwert Paleis fan Justysje 1851 Paleis van Justitie Leeuwarden 01.JPG
Ljouwert Likehúske begraafplak Spanjaardsleane 1874
Ljouwert Middelbere skoalle foar famkes, Grutte Tsjerkestrjitte 12 1876
Ljouwert Beurs- en waachgebou 1880 Bibliotheek Leeuwarden 03.JPG
Ljouwert Steedlik Gymnasium 1881 Stedelijk Gymnasium Leeuwarden.jpg
Menaam Gemeentehûs 1843
Pitersbierrum Tsjerke 1845 Tsjerke fan Pitersbierrum.jpg
Sint Jabik Groate Kerk 1844 Jacobiparochie-parochie-Jacobskerk.jpg
Terbant Rotondetsjerke 1845 Rotondekerk Terband 06c.JPG

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yedema, G., Thomas Romein; Neoclassicisme in Friesland, Ljouwert 1992.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brouwer, J. H. en oaren (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Romein, Thomas
  2. Boschma, C., Thomas Romein, in classicistisch bouwmeester in het Friesland van de 19e eeuw, in Opus Musivum, side 449, 449.

---