Sint-Fitustsjerke (Wetsens)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sint-Fitustsjerke
Fitustsjerke, Wetsens.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Coat of arms of Dongeradeel.svg Dongeradiel
plak Wetsens wapen.svg Wetsens
adres Opgong 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 09727
webside Stifting Alde Fryske Tsjerken
De noardmuorre

De Sint-Fitustsjerke is in 12e iuwsk tsjerkegebou yn Wetsens. De tsjerke waard yn 2016 troch de PKN-gemeente Dokkum-Ealsum-Wetsens oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken en wurdt tsjintwurdich út en troch brûkt foar trou- en routsjinsten en muzikale útfierings.

Bouskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De romaanske Fitustsjerke stiet op in fjouwer meter hege terp, dy't tsjin it ein fan de 19e iuw foar it grutste part ôfgroeven waard. Op de terp hinne is de radiale struktuer noch foar in diel oanwêzich. De tsjerke waard yn de 12e iuw boud, mooglik noch earder, en hie oarspronklik faaks in reiten tek. Oarspronklik wie it tufstiennen skip nei it westen ta likernôch fjouwer meter langer en waard it dêr ôfsletten mei in sealtektoer. Op de hoeken krige de tsjerke in fundearring fan fjildstiennen, dy't der yn de omkriten folop te finen wiene.

De tsjerke yn 1723 neffens Jacobus Stellingwerf mei toer en goatyske ramen yn de noardmuorre

Yn 1841 besletten de tsjerkfâlden de toer fanwegen boufalligens ôf te brekken. Wylst dêr al in begjin mei makke wie stoartte de toer op in snein yn. De tradysje wol ha dat de dûmny krekt begjinne soe mei in preek oer Simson dy't mei it omfier triuwen fan de pylders de timpel fan de Filistinen ferwoastge. Op it plak krige de tsjerke in trijesidige ôfsluting fan gieltsjes mei oan de bûtenkant in houten ôfdak foar de klok.

Oan de tsjerke waard yn de rin fan de tiid hiel wat ferboud, itjinge goed oan it muorrewurk falt ôf te lêzen troch in brûkende tapassing fan ferskate stiensoarten. It oarspronklike muorrewurk yn it eastlike diel fan de noardlike muorre bleau it bêste bewarre. Yn de noardlike muorre binne de lytse heechlizzende romaanske finsters tichtmitsele, lykas ek de hagioskoop of piskina yn it noardeastlike diel. De sparfjilden mei rûnbôgefriezen binne skieden troch Bremer sânstien. Ek de goatyske ramen fan de súdlike muorre binne letter ynbrocht. Ek is boppe de spitsbôgen oan de bakstien te sjen dat it skip letter ea ferhege is. Op de grins mei de 19e iuwske westlike ôfsluting is yn de eastlike muorre in goatysk portaal. Foar dy tagong oer is oan de súdlike kant in 16e iuwske tagong ûnder in segmintbôge.

De tsjerke waard yn de jierren 1970 restaurearre troch P.B. Offringa, Grins. Ut dy tiid stamt de houten oanbou fan de noardlike muorre. Achter de oanbou binne de resten fan in eardere sydkapel.

De tsjerke waard al sûnt de jierren 1990 net mear brûkt en is op 8 april 2016 oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Muorrewurk

It ynterieur fan de Fitustsjerke is tige ienfâldich. Eartiids hat de tsjerke in ferwulft hân, dêr't yn de tsjerke noch spoaren fan te sjen binne. Tsjinwurdich hat de tsjerke in flak houten balkenplafond. Wylst it koer bûten fiifsidich is, hat it yn de tsjerke in healrûne foarm. De alterstien fan reade sânstien út de katolike tiid waard nei de reformaasje as drompel ûnder de súdlike tagong lein. Nei de restauraasje yn de jierren 1970 krige de stien in plak yn it koer fan de tsjerke. Mei de lêste grutte restauraasje waarden ek de nissen en de âlde finsters yn de tsjerke wer foar it sicht helle.

Nei alle gedachten stamme de preekstoel, it doophek, it tekstboerd en de banken út in restauraasje yn 1836. It neamen wurdich is in sark fan de Dokkumer kûper Luitien Coerts († 1580) mei reliëfs fan it ark dat er by syn wurk brûkte.

De klok fan de tsjerke út 1842 waard yn 1943 troch de Dútsers foardere en omraand. De tsjintwurdige klok waard nei de kriich getten.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel op de út it begjin fan de 19e iuw stammende kreake fan de Fitustsjerke waard yn 1933 oankocht út Sappemear. It bestie út ûnderdielen fan trije ferskillende oargels, dêr't in tige âld ynstrumint ûnder is. It oargel waard yn 1974 ferboud troch de bruorren Van Vulpen en krige doe in nije kast.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]