Springe nei ynhâld

Johan Æmilius Abraham van Panhuys

Ut Wikipedy
portret
It monumint oan it Hoendjip.

Jonkhear Mr. Johan Æmilius Abraham van Panhuys (De Like (Grinslân) 17 oktober 1837Hoogkerk (Grins) 6 novimber 1907) wie yn syn tiid de rykste man fan Grinslân.

Hy wie boargemaster fan de gemeente Tytsjerksteradiel (1864-1880) en fan Grins (1880-1883) lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân (1866-1883). Van Panhuys wie Kommissaris fan de Keninginne fan Grinslân (1883-1893) en dêrnei, yn 1893, in lyts skoftke Kommissaris fan de Keninginne fan Oerisel. As fisepresidint fan de Ried fan Steat (1893-1897) wie hy gjin sukses. Hy naam ûntslach fanwege syn sûnens en gie rintenierjen. Van Panhuys wie Minister fan Steat fan 1898 oant syn dea yn 1907.

De famylje Van Panhuys wie eigener fan de boarch Nienoard yn De Like.

Hy is ferdronken doe't syn reau dêr't er yn reizge mei syn twadde frou, syn soan en dy syn frou troch tichte mist yn it Hoendjip rekke.

It fjouwertal waard neist de tsjerke fan Midwolde begroeven. Omdat de van Panhuysen mar twa minderjierrige bern efterlieten dy't fierders troch famylje grutbrocht waarden kaam op 6 novimber 1907 ek in ein oan de bewenning fan it hûs Nienoard.

De dramatyske dea fan de fjouwer aristokraten, hja hiene har yn it reau opslute litten omdat hja dy dei by in bank yn Grins in grutte slompe jild opnommen hiene, en de panyk fan it ferdrinkende fjouwertal hat sa grut west dat neffens tsjûgen "de nagels yn de learen kape fan it reau stutsen", hat yn Grinslân grutte yndruk makke.

Yn 2007 waard op it plak fan it ûngelok in monimintsje delsetten. In staasje reauwen hat as neitins oan harren op 6 novimber 2007 de fatale tocht lâns it Hoendjip nochris makke.

Johan Æmilius Abraham van Panhuys wie kommandeur yn de Oarder fan de Gouden Liuw fan Nassau, Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau en Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: