Sint-Michaeltsjerke (Wâldsein)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Sint-Michaeltsjerke

De Sint-Michaeltsjerke is in tsjerkegebou oan de Merkstrjitte yn Wâldsein.

De tsjerke út 1792 is wijd oan Sint-Michael en is de âldste roomske tsjerke fan Fryslân. De trijebeukige skûltsjerke waard yn 1933 ferboud. Oan de westside ferriisde in toer en it skip (dekt troch in tonferwulf) waard mei twa traveeën ferlinge. Ta de ynboel hearre neogoatyske hilligebylden (Isidorus, Barbara, Theresia, Antonius, Marije, Jozef) fan om 1880 en meubilêr dat yn 1909 troch Wolter te Riele setten waard. It brânskildere glês (1927-1933) is makke troch atelier C. van Straaten. De skilderingen yn it koar binne fan Jacob Ydema. It oargel út 1811 (setten yn 1840) is makke troch Albertus van Gruisen.


Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: