Springe nei ynhâld

Jan Couperus

Ut Wikipedy
Jan Couperus

Jan Couperus (Wâldsein, 8 oktober 1755 - De Haach, 16 novimber 1833) wie in Nederlânske regint en folksfertsjintwurdiger. Yn 1801 waard er troch it Steatsbewâld beneamd as griffier fan de Steaten-Generaal.

Mr. Couperus wie in lid fan de famylje Couperus en in soan fan de predikant Petrus Theodorus Couperus en Elisabeth Muilman. Syn heit stie tusken 1744 en 1765 yn Wâldsein en waard dêrnei nei Gouda beroppen. Nei it ferstjerren fan syn twadde frou troude syn heit mei Huberta Catharina van Eijck, dochter fan de Goudske boargemaster Vincent van Eijck.

Couperus studearre rjochten oan de Universiteit Leiden en promovearre dêr yn 1779. Hy skynt in folgeling west te hawwen fan Pieter Paulus, ien fan 'e ideologen fan 'e patriottebeweging. Nei syn stúdzje fêstige er him as advokaat yn Gouda en ferfolle dêr inkelde regintefunksjes lykas tsjerke-, plysje- en librijeremaster en kommissaris fan de houlikssaken.

Yn 1785/1786 hold er in pear redes foar de rederikerskeamer De Goudsbloem. Ek boargemaster Jan Jacob Slicher, de pedagooch Gerard Carel Coenraad Vatebender, de neerlandikus/argivaris Hendrik van Wijn, de dichteres Petronella Moens, Jan Verveer, Gerrit Brender à Brandis en Abraham en Jan Jacob Vereul sieten ek by dat selskipdiel. It genoatskip hie relatyf in soad froulike leden. Op 1 maaie 1787 waard er beneamd ta baljuw fan Gouda, mar mei't er de patriottyske beweging oanhinge gesindheid moast er nei de ynfal fan de Prusen yn septimber it fjild romje.

Couperus troude op 2 novimber 1794 mei Johanna Maria van der Hoeve, dochter fan syn orangistyske tsjinstanner de Goudse regint Willem van der Hoeve, dy 't yn 1795 Gouda ûntflechte wie fanwegen syn skulden.

Opfettingen fan Couperus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Couperus moast neat hawe fan uterlik fertoan. Yn in pear taspraken kearde er him fûl tsjin it materialisme fan in part fan de reginteklasse. Hy propagearre wearden as húslik lok en oprjochte leafde, op deugd en achting grûnfêste boppe it hawwen fan jild en macht. Ek it sluten fan houliken inkeld om der maatskiplik better fan te wurden of dreaun troch dierlike wollust fûn er ferwerplik: Wie het huwelijk primair zag als middel om zijn politieke, financiële of seksuele ambities te verwezenlijken, beging een deerlijke vergissing, miende er hawwe.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: