Tsjerke fan Hichtum

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Hichtum
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Hichtum
adres Schwartzenbergwei 5
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39349
offisjele webside
Protestanske gemeente Burgwert-Hartwert-Hichtum

De Tsjerke fan Hichtum oan de Schwartzenbergwei is in tsjerke fan de protestanske gemeente Burgwert-Hartwert-Hichtum. It is ien fan de âldste tsjerken fan Fryslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei alle gedachten hawwe de muontsen fan it kleaster Blomkamp by Hartwert in grutte rol spile by de bou fan de tsjerke. De fan oarsprong romaanske tsjerke út de 12e iuw waard yn de 15e iuw gotisearre. Romaansk binne noch de healrûne apsis, de tichtmitsele rûne finsters oan de noardlike kant en in lyts tichtmitsele finster leech yn de súdlike muorre by it koer (mooglik in hagioskoop); gotysk binne de ramen (trije yn de súdlike muorre, twa yn it koer en ien yn de noardlike muorre).

Nei de reformaasje waard Hichtum mei Burchwert en Hartwert ien tsjerklike gemeente. De pastory stiet yn Burchwert. De steunbearen binne om 1600 hinne oanboud.

Yn 1730 waard neffens in ûntwerp fan Claes Bockes Balckin nij ferwulft en dak boud.[1]

Toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wannear't de toer boud waard is net bekend. Oant de Twadde Wrâldkriich hongen der yn de toer twa klokken út 1617 en 1623. Op lêst fan de Dútske besetter waarden de klokken yn de Twadde Wrâldkriich foardere en allinnich de klok út 1617, getten troch Hans Falck, is útwerom fûn en hinget tsjintwurdich tegearre mei in moderne klok wer yn de toer.[2] Oan de noardlike kant is in tichtmitsele poartsje yn gotyske styl te sjen. De sark by de noardlike kant fan de toer dekt in grêfkelder.[3]

Fan Gruisen-oargel

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De preekstoel stamt út 1795 en wurdt droegen troch in earn, dy't mooglik noch in ûnderdiel útmakke fan in preekstoel út 1609. Yn 1882 waard it ynterieur feroare en ferhuze de preekstoel fan it tradisjonele plak oan de súdlike muorre nei it koer. Sûnt dy tiid giet it grutte epitaaf út 1656 ta oantinken fan Hessel fan Huyghis en syn frou Frouck fan Wyckel foar in part skûl efter de preekstoel. Oant 2013 stiene der foar yn de tsjerke noch fjouwer banken foar de tsjerkeried, tsjintwurich binne der noch twa fan oerbleaun. De tsjerkebanken binne ienfâldich en 19e iuwsk.[4].

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tagelyk mei in nije preekstoel krige de tsjerke ek in nij oargel. De Ljouwerter oargelbouwer Albertus fan Gruisen boude it ienmanualige ynstrumint yn 1795 achter in kast, dat mei ynstruminten is fersierd. Sûnt dy tiid binne der troch Willem Hardorff en Bakker & Timmenga ûnderhâldswurksumheden útfierd, sûnder dat de disposysje feroare.[5]

In grutte sark jout it plak oan fan de grêfkelder fan de famylje Aysma en Huyghis.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: