Tsjerke fan Goaiïngea
Nikolaastsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Goaiïngea | |
adres | Hege Wier 28 | |
koördinaten | 53° 3' N 5° 41' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1758 (tsjerke); 1787 (toer) | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39768 | |
Webside | ||
Stichting Kerkgebouw Goenga | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Goaiïngea is de eardere herfoarme tsjerke fan it doarp. It is tsjintwurdich in sintrum foar kulturele aktiviteiten en sa út en troch wurde der noch tsjerketsjinsten fierd.
Funksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke fan Goaiïngea waard yn 2014 troch de PKN-gemeente De Lege Geaën oerdroegen oan de "Stichting Kerkgebouw" en wurdt tsjitnwurdich brûkt foar rou- en troutsjinsten, foar eksposysjes, oare kulturele aktiviteiten en út en troch in tsjerketsjinst fan de PKN.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De midsiuwske tsjerke fan Goaiïngea wie grutter as it hjoeddeiske tsjerkegebou en datearre út de 14e iuw. Yn 1758 waard dy midsiuwske tsjerke ferfongen troch de tsjerke fan no. De sealtektoer bleau lykwols noch in lytse tritich jier stean en waard yn 1787 ferfongen troch it setten fan in houten tuorke op de sealtsjerke.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It autentike tsjerkeynterieur bleau ek nei de feroaring fan de funksje as kultureel sintrum yntakt. De tsjerke hat in preekstoel út 1759, dy't makke is troch Mathijs Gorp. Ut de midsiuwske tsjerke komme de flierstiennen ûnder de toer. De skuorde klok, dy't yn 1342 troch Stephanus getten waard, is nei in restauraasje troch Klokkenjitterij Royal Eijsbouts yn Asten yn maaie 2019 wer ophongen.[1]. It mechanyske oerwurk datearret út de 16e iuw en waard yn 1981 restaurearre.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1800 hinne krige de tsjerke foar it earst in piipoargel. It ynstrumint waard yn 1900 ferfongen troch in oargel fan Bakker & Timmenga.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|