Springe nei ynhâld

Pieter Huistra

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Pieter Huistra
Basis ynformaasje
NammePieter Huistra
Berne18 jannewaris 1967
BerteplakGoaiïngea
PloechFK Grins
FunksjeHaadtrener
Pieter Huistra as coach fan Pachtakor Tasjkent

Pieter Huistra (Goaiïngea, 18 jannewaris 1967) is in Frysk âld-proffuotballer en fuotbaltrainer. Huistra spile de measte fan syn wedstriden as linksbûten.

Karriêre as fuotballer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Huistra begûn syn fuotbalkarriêre as amateur by Drachtster Boys, dêr't al gau dúdlik by waard dat er in protte talint foar it fuotbal hie. Syn debút yn it betelle fuotbal makke er op 5 septimber 1984 by FK Grins yn de wedstriid tsjin FK Folendam. Nei twa jier waard er ferhierd oan BV Feandam, dat doe noch yn de Earedifyzje fuotballe. Dêr foel er sa op dat de trainer fan FK Twinte, Kees Rijvers, him yn 1987 nei dy klup helle. Dêr waard er in fêste basiskrêft en in belangrike spiler fan it alvetal. Yn 1988 waard er dan ek foar it earst oproppen foar it Nederlânsk alvetal.

Yn 1990 gie Huistra nei de Glasgow Rangers yn Skotlân ta te fuotbaljen. Hy spile fiif seizoenen foar dy klup en waard al dy jierren kampioen fan Skotlân. Yn 1995 folge er Wim Jansen nei Japan. Tegearre wurken hja yn de J-League by Sanfrecce Hiroshima.

Nei twa seizoenen yn Japan soe er yn 1997 foar in heal jier wer fuotbalje foar FK Grins. Yn it seizoen 1997/1998 gie Huistra nei it Belgyske Lierse SK. Nei twa seizoenen by Lierse rekke er swier blessearre oan syn haksine. Yn syn lêste jier by Lierse kaam er dan ek net oan spyljen ta. Yn it seizoen 1999/2000 gie er noch foar ien jier nei RBC Roosendaal, mar ek dat seizoen hat Huistra net fuotbalje kind.

Seizoen Klup Kompetysje Wedstriden Doelpunten
1984-1985FK GrinsEaredifyzje101
1986-1986FK GrinsEaredifyzje70
1986-1987BF FeandamEaredifyzje335
1987-1988FK TwinteEaredifyzje348
1988-1989FK TwinteEaredifyzje346
1989-1990FK TwinteEaredifyzje253
1990-1991Glasgow RangersScottish Premier League274
1991-1992Glasgow RangersScottish Premier League325
1992-1993Glasgow RangersScottish Premier League304
1993-1994Glasgow RangersScottish Premier League216
1994-1995Glasgow RangersScottish Premier League153
1995Sanfrecce HiroshimaJ-League356
1996Sanfrecce HiroshimaJ-League287
1996-1997FK GrinsEaredifyzje92
1997-1998Lierse SKEarste Klasse3211
1998-1999Lierse SKEarste Klasse220
1998-1999Lierse SKEarste Klasse00
1999-2000RBC RoosendaalEaredifyzje00
Totaal39471

Huistra hat yn syn karriêre acht kear yn it Nederlânsk alvetal fuotballe. Syn debút wie op 16 novimber 1988 yn de freonskiplike wedstriid tsjin Itaalje. Syn lêste wedstriid foar Oranje spile er yn 1991.

As gefolch fan in blessuere foel Huistra bûten de seleksje foar it Wrâldkampioenskip fuotbal yn 1990.

Yn totaal hat Huistra acht ynterlannen spile, yn dy wedstriden kaam er net ta skoaren.

Karriêre as trainer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn fuotbalkarriêre wie Huistra fan 2001 oant en mei it seizoen 2004/2005 jeugdtrainer by FK Grins. Nei dat jier waard er assistint-trainer by Vitesse, dat wie hy oant en mei 2008. Op 3 april 2008 waard bekend dat Huistra de taken fan Rob Witschge tydlik oernimme soe as assistint-trainer by AFC Ajax. Fan it seizoen 2009/2010 ôf is Huistra oansteld as coach fan Jong Ajax, as opfolger fan Adrie Koster. Op 22 desimber 2009 waard bekend dat er fan it seizoen 2010/2011 ôf oan de slach soe as haadtrainer fan FK Grins. Hy is de opfolger fan Ron Jans, dy't nei it seizoen 2009/2010 FK Grins ferlit en oan de slach sil by SK It Hearrenfean.

Perioade Klup Kompetysje Funksje
2001-2005FK GrinsEaredifyzjeJeugdtrainer
2005-2008VitesseEaredifyzjeAssistint-trainer
2008-2009AFC AjaxEaredifyzjeAssistint-trainer
2009-2010AFC AjaxEaredifyzjeTrainer fan beloften
2010-FK GrinsEaredifyzjeHaadtrainer

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]