Springe nei ynhâld

Kees Rijvers

Ut Wikipedy
Cornelis Bernardus Rijvers
Kees Rijvers (1957)
Kees Rijvers (1957)
persoanlike bysûnderheden
namme Cornelis Bernardus Rijvers
bynamme Trois Pommes
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 27 maaie 1926
berteplak Princenhage
stjerdatum 4 maart 2024
stjerplak Breda (Princenhage)
klupskiednis
posysje Middenfjilder
jeugdteams
Groen-Wit
NAC Breda
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1944-1950
1950-1953
1953-1955
1955-1957
1957-1960
1960-1962
1962-1963
NAC Breda
AS Saint-Étienne
Stade Français
AS Saint-Étienne
Feyenoord
Saint-Étienne
NAC Breda
–(–)
76(20)
–(–)
66(16)
92(36)
57(15)
14(2)
nasjonaal team
1946-1960 Nederlân 33(10)
trainer by
1963-1964
1964-1966
1966-1972
1972-1980
1980-1981
1994
TSC
Willem II (assistint)
FC Twinte
PSV
Nederlân (bûnscoach)
PSV

Cornelis Bernardus (Kees) Rijvers (Princenhage, 27 maaie 1926 - Breda (Princenhage) 4 maart 2024[1]) wie in Nederlânsk proffuotballer en fuotbaltrainer. Hy kaam út foar NAC Breda, Saint-Étienne, Stade Français en Feyenoord. Hy wie trainer fan FC Twinte, PSV en wie fan 1980 oant en mei 1981 bûnscoach fan it Nederlânske alvetal. As spiler kaam er 33 kear út foar it Nederlânsk alvetal.[2]

Libben en wurkpaad

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rijvers, dy't as fuotballer opgroeide by de Bredase fuotbalferiening Groen-Wit. Op syn fjirtjinde folge in ferhuzing nei NAC Breda, dêr't er in drege perioade trochmakke doe't yn 1944 syn mem ferstoar en de jonge Kees troch syn heit oan syn lot oerlitten waard. Uteinlik ûntferme NAC-oanfierder Lou van der Linden him oer de puber dy't ûnderfuorre drige te reitsjen. Oan de ein fan it seizoen 1943/1944 makke hy syn debút yn it earste alvetal. Yn it earste alvetal fan NAC Breda en wist by syn debút fuortendaliks it iennige doelpunt fan de wedstriid te skoaren. Yn de seis seizoenen dy't er foar de klup spylje soe, krige er gau in rop as linksbinnen en wist er binnen twa jier de status fan ynternasjonal te berikken. Yn 1950 waard er dêrnei as ien fan de earste Nederlânske fuotballers professional, en wol yn Frankryk, by AS Saint-Étienne. Hjir koe er in suksesfolle perioade, sa waard er mei de klup yn 1957 lânskampioen fan Frankryk en waard er ek ien kear keazen ta spiler fan it jier. Falinsia CF toande belangstelling foar Rijvers, mar op dat stuit waard er troffen troch de bof. Rijvers advisearre de Spanjerts om Faas Wilkes oan te lûken, in advys dat opfolge waard. Rijvers kaam letter noch út foar Feyenoord en kearde dêrnei werom nei Saint-Étienne, wêrmei't hy de Frânske beker wûn. Hy sleat syn aktive karriêre yn 1963 ôf by NAC Breda. Yn april 1963 skoarde er syn lêste doelpunt yn de earedifyzje yn in útwedstriid tsjin AFC Ajax. De wedstriid waard mei 3 -1 wûn troch NAC Breda.

Rijvers spile yn totaal 33 wedstriden foar it Nederlânsk fuotbalalvetal, wêryn't er tsien kear skoare koe. Hy makke syn debút op 3 oktober 1946 yn in mei 6-2 wûn útwedstriid tsjin Lúksemboarch en Rijvers wist krekt as yn syn debúttwedstriid foar NAC Breda ek yn syn debúttwedstriid foar it Nederlânsk alvetal ta skoaren te kommen. Tsien kear stie er tegearre mei de fuotballegendes Wilkes en Abe Lenstra op it fjild. Mei-inoar foarmen se it ferneamde "Gouden Binnentrio". Nei syn fuortgean nei Frankryk waard it Rijvers troch de KNVB ferbean om noch yn it Nederlânsk alvetal te spyljen, omdat it fuotbalbûn wegere om profesjonele spilers op te roppen, mar nei't yn Nederlân yn 1954 it betelle fuotbal ynfierd waard, koene de yn it bûtenlân spyljende profs ek wer nei Nederlân weromkomme en wer foar it Nederlânsk alvetal útkomme. Syn lêste wedstriid foar it Nederlânske alvetal wie op 7 maart 1960, werby't er yn in útwedstriid tsjin it Surinaamske alvetal yn de 58e minút wiksele waard foar Cees Groot. Nederlân wûn úteinlik mei 4-3.

Fuort nei it beëinigjen fan syn fuotbalkarriêre tekene Rijvers in kontrakt as trainer by de amateurferiening TSC út Oosterhout. Fan 1964 ôf wie er as assistint fan trainer Jaap van der Leck yn tsjinst fan Willem II. Yn jannewaris 1966 slagge er foar it trainersdiploma-A. Inkelde moannen letter waard bekend dat er per 1 juny 1966 oansteld waard as haadtrainer fan FC Twinte, dêr't er Friedrich Donenfeld opfolge. Rijvers bleau seis jier by FC Twinte. Hy fierde in drastyske ferjonging troch yn it team. Sa liet er Jan Jeuring, Theo Pahlplatz en René Notten debutearje en helle er talinten as Epi Drost, Kick van der Vall, Dick van Dijk en Piet Schrijvers nei Ynskedee. Yn seizoen 1968/69 stried FC Twinte lang mei om it lânskampioenskip en waard it úteinlik tredde. Dit wie it begjin fan in langduorjende perioade wêryn't FC Twinte útgroeide ta in stabile subtopper yn de Earedifyzje en wêryn 't it him geregeld pleatste foar Europeesk fuotbal.

Rijvers sette yn 1972 ôf nei PSV en waard by FC Twinte opfolge troch syn assistint Spitz Kohn. PSV late hy yn 1975 nei it earste lânskampioenskip sûnt 1963. Ek yn de seizoenen 1971-76 en 1971 -78 waard it team lânskampioen. Dêrneist wûnen Rijvers en PSV yn 1974 en 1976 de KNVB-beker en waard yn 1978 de UEFA Cup binne helle. Nei 't de resultaten yn seizoen 1979-80 ôffoelen, waard Rijvers yn jannewaris 1980 te kennen jûn dat syn kontrakt oan de ein fan it seizoen ferbrutsen wurde soe. Yn maaie 1980 tekene Rijvers in kontrakt by Beringen FC yn Belgje. Hy degradearre mei it team út de Belgyske earste klasse. De degradaasje waard letter weromdraaid nei't Beerschot, dat yn in fraudeskandaal ferwikkele wie, weromsetten waard. Rijvers hie lykwols yntusken de klup ferlitten en wie bûnscoach fan it Nederlânsk fuotbalalvetal wurden.

Hoewol't Rijvers tusken maart 1981 en novimber 1981 in soad fuotballers weromhelle (Ruud Krol, Johnny Rep; Willy van de Kerkhof, Jan Peters, Johan Neeskens, René van de Kerkhof en Piet Schrijvers), stiet er bekend as dejinge dy't Oranje drastysk ferjonge fan septimber 1981/febrewaris1982 ôf. Fan it alvetal dat yn 1988 ûnder lieding fan Rinus Michels Europeesk kampioen waard, liet Rijvers fan septimber 1981 ôf njoggen spilers debutearje, te witten efterinoar Wim Kieft, Frank Rijkaard, Ruud Gullit, Gerald Vanenburg, Jan Wouters, Ronald & Erwin Koeman, Marco van Basten, en Adri van Tiggelen. Ek Edo Ophof debutearre ûnder Rijvers, op 25 maart 1981 (Nederlân-Frankryk 1 -0 ). Datselde diene Michel Valke, René van der Gijp, René Hofman en Peter van de Ven yn 1982. Under Rijvers waard it WK fan 1982 net helle, ek it EK yn 1984 waard krekt net helle. Yn oktober 1984 naam Rijvers sels nei in 1-2 thúsnederlaach tsjin Hongarije ûntslach, in lobby fan in groep trainers ûnder lieding fan Leo Beenhakker fan FC Volendam lei mei ta grûnslach oan it fuortgean fan Rijvers. Yn 1983 helle Rijvers as haadcoach fan it Nederlânsk alvetal ûnder 20 jier op it Wrâldkampioenskip -20 de kwartfinale.

Yn 1986 kearde Rijvers werom by FC Twinte as technysk direkteur mei haadtrainer Theo Vonk ûnder him, en trije jier letter waard er technysk koördinator by PSV. Yn oktober 1994 waard er, mei tsjinsin, trije moannen ynterim-trainer fan PSV, omdat Aad de Mos op steande foet ûntslein wie en der op dat stuit gjin oare ferfanger wie mei in folslein trainersdiploma Rijvers sette it alvetal wer op de rails en wurke syn opfolger Dick Advocaat yn.

Kees Rijvers wie sûnt 1949 boaske en heit fan seis dochters, wêrfan't hy twa oerlibbe. Yn de tiid fan syn trainerskip by FC Twinte en PSV wie wenne hy mei syn húshâlden yn respektyflik it Twintske Oldenzaal en it Brabânske Knegsel. Yn 1991 fêstige er him mei syn frou op it eilân Île d'Oléron oan de westkust fan Frankryk. Yn 2013 kaam hy werom nei Nederlân en wenne sûnt dy tiid wer yn Breda. Kees Rijvers ferstoar op 4 maart 2024, yn'e âldens fan 97 jier.

  • Yn 2004 krige Rijvers de oeuvrepriis foar syn hiele trainerswurkpaad út hannen fan Rinus Michels. Riuwers wie de earste persoan ea dy't dizze priis krige. Sûnt it ferstjerren fan Michels yn maart 2005, rikte Rijvers dizze priis sels út, yn 2008 bygelyks oan Wiel Coerver.
  • Yn 2019 waard Rijvers beneamd ta earelid fan FC Twinte.
  • Fjouwer jier letter, yn 2023, waard er (yntusken 96 jier âld) beneamd ta bûnsridder fan de KNVB, fanwege syn brede fertsjinsten foar it Nederlânsk fuotbal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: