René van der Gijp

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
René van der Gijp.

René van der Gijp (Doardt, 4 april 1961) is in Nederlânsk fuotbalanalist en earder proffuotbalspiler.

Tidens syn betellefuotbalkarriêre, dy't fjirtjin jier duorre hat, spile Van der Gijp yn de Earedifyzje foar Sparta Rotterdam, PSV en It Hearrenfean. Bûten Nederlân wie er aktyf foar it Belgyske KSC Lokeren en de Switserske klups Neuchâtel Xamax en FC Aarau. Ek kaam hy lykas syn heit Wim en omke Cor út foar it Nederlânsk alvetal.

Nei it beëinigjen fan sy'n spilerskarriêre waard Van der Gijp analist by fuotbaltelefyzjeprogramma's lykas Voetbal Inside.