Haghatsjerke
Haghatsjerke | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Tsjerkebuorren 2 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1840 | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 39786 | |
webside | Side Protestanske gemeente Heech |
De Haghatsjerke is ien fan de twa PKN-tsjerken fan de protestanske gemeente fan Heech.
Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De namme fan de tsjerke ferwiisd nei de namme Haghekerck, sa't de tsjerke yn 1132 neamd waard.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De oarspronklik oan de hillige Kristoffel wijde midsiuwske tsjerke, in trijeskepich gebou mei sealtektoer, waard yn 1744 ferfongen troch nijbou. By de ôfbraak fan de midsiuwske tsjerke waard dowestien oantroffen, itjinge it wierskynlik makket dat dy tsjerke om 1200 hinne boud wie. Fan de âlde tsjerke bleau it koer stean en op deselde hichte brocht as de nije muorren fan de ienskepige nijbou.
Yn de 19e iuw waard it rûnom yn Fryslân wenst dat dûmny's frijsinnich begûnen te preekjen. Heech bleau dêrfoaroer rjochtsinnich en dat loek yn de tiid fan it Fryske Reveil sa'n soad tsjerkefolk út de omkriten, dat de tsjerke te lyts waard. Yn 1840 foel it beslút om de tsjerke te fergrutsjen. It eastlike diel mei it midsiuwske koer waard sloopt en ferfongen troch nijbou, sadat der in grut tal ekstra banken koene wurde tafoege.
Doe't de doleânsje him oantsjinne tsjin it ein fan de 19e iuw, waard Heech ek meifierd: de dûmny, de hiele tsjerkeried, de tsjerkfâlden en in grutte mearderheid fan de gemeente briek mei de herfoarme tsjerke en sletten harren oan by de Nederdútsk-grifformearde Tsjerke. Lang om let waard de tsjerke tawiisd oan it folk dat de herfoarme tsjerke trou bleau. De grifformearden lieten yn dy tiid in eigen tsjerke bouwe oan de De Skatting.
Doe't de herfoarme tsjerke troch de úttocht fan de dolearjenden fierstente grut woarn wie, waard yn de tsjerke in houten skiedingswand set. It eastlike diel fan de skiedingswand waard tenei brûkt as konsistoarje en yn de noardeastlike koermuorre ûnder it raam waard in yngong ta dy konsistoarje ynbrocht.
Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de tsjerke achter it doophek stiet tsjin it lewand, dat de tsjerke fan de konsistoarje skiedt, de iken preekstoel. De preekstoel datearret út likernôch 1700. Oan it doophek mei twa iepeningen ûnder bôgen is in koperen lessener mei in earn, dy't út 1821 stamt; de earn is lykwols nei alle gedachten âlder. Oan wjersiden fan de preekstoel hingje twa âlde psalmbuordsjes. De trije kroanluchters yn de tsjerke binne 18e-iuwsk.
Yn de toer hinget in klok út 1615 mei in diameter fan 102 sintimeter fan de klokkejitters Johan Franciscus en Thomas Simon
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It tsjintwurdige oargel ferfong eartiids in âlder ynstrumint, dat yntusken mankeminten krige hie. It waard yn de jierren 1858-1860 ferfongen troch in ynstrumint fan de firma Van Dam & Soannen út Ljouwert.[1]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|