It Réveil
It Réveil, Nederlânsk: Het Réveil, (1815-1865) wie in ynternasjonale oplibbing (opwekking) fan it kristlike tinken yn it 19e iuwske Europa.
Yn Nederlân is Willem Bilderdijk de heit fan it Réveil. Under oaren Isaäc da Costa, Samuel Iperusz Wiselius, Willem de Clercq en Groen van Prinsterer wienen syn learlingen. Benammen yn it easten fan Frankryk, Switserlân, dêr't de beweging ûntstie en it suden fan it tsjintwurdige Dútslân hat it Réveil oanhingers fûn. Dêrneist wiene der kontakten yn Grut-Brittanje, Edward Irving, Henry Drummond).
It Réveil kin beskôge wurde as in reaksje op it Rasjonalisme en waard beynfloede fan de Romantyk, mystike streamings, it opgong metsjen fan idealystyske filosofy en oanboaskjend nasjonaal besef. It hat syn ynfloed jilde litten op steatkundich terrein. Mei troch dizze beweging binne ein 19e iuw de anti-revolúsjonêrere en kristlike histoaryske partijen ûntstien, is allerhanne konkreet maatskiplik wurk oanpakt en is de kristlike sinding fan it Réveil oantrune. Ek de doleânsje wurdt troch guon wol beskôge as in ferfolg op it Réveil. Yn Ingelân wienen William Wilberforce, John Wesley (oprjochter fan it Metodisme) en Thomas Chalmers wichtige fertsjintwurdigers fan dit geastlik oplibjen.
Yn Fryslân hawwe de mannen fan it Réveil, bygelyks dûmny Lucas Fockens (1763-1850) fan Snits, foaral yn de Súdwesthoeke ynfloed hân. Oant yn de jierren '50 wie dat te fernimmen oan it konfesjonele karakter fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke, it omtinken foar sinding, it oantal kristlike skoallen en it relatyf lege tal Grifformearde tsjerken yn dy kontrei.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- T.C.F. Stunt. From Awakening to Secession; radical evangelicals in Switzerland and Britain 1815-35). Edinburgh (UK): T&T Clark, 1e druk 2000. - ISBN 0567087190.
- M. Elisabeth Kluit, Het protestantse Réveil in Nederland en daarbuiten 1815-1865, Amsterdam: Paris 1970 (standerdwurk oer it Réveil yn Nederlân)
- Allard Pierson, Oudere tijdgenooten, Amsterdam: Van Kampen 1888
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Reveil.
|