Jan Wouter Felix
Jan Wouter Felix (Leien, 24 jannewaris 1824 - Utert, 29 febrewaris 1904) wie in herfoarme predikant.
Felix studearre teology yn Leien dêr't op de ortodoksy delsjoen waard. [1]. Felix wie ferdigener fan âlde leauwenswearden, fertsjintwurdiger fan it Frysk Reveil. Hy stie yn Longerhou (as kandidaat) en Heech dêr't syn preken in protte minsken lutsen. Felix hat in protte skreaun en publisearre (meast útjûn troch J. Campen yn Snits en Bokma yn Heech en Boalsert) ; hy organisearre de Vrienden der waarheid yn 1854 en joech it Het Kerkelijk Maandblad út (1855).
Yn 1860 ferliet er Fryslân en stie as predikant yn Nieuwe Tonge (1860), Katwyk (1862) en Utert (1864). Hy wie ek mei-oprjochter fan Konfesjonele Feriening yn 1864 en fan de Frije Universiteit. Letter briek er mei Abraham Kuyper. Hy wie tsjin de Doleânsje.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Felix, Jan Wouter. |