Lucas Fockens
Lucas Fockens (Grins, 9 septimber 1763 - Snits, 13 july 1850) wie in Nederlânske rjochtsinnige dûmny en teolooch, dy't wol de 'heit fan it Frysk Reveil' neamd waard[1]. Hy hie in soad ynfloed yn de Súdwesthoeke fan Fryslân.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie in soan fan Herman Frederik Theodoor Fockens en Egbertina Catharina Schrader. Hy studearre teology oan de Universiteit Grins (1781). Yn 1793 boaske er oan Anna Wilhelmina Havingha (1771-1846). Harren beide soannen waarden ek dûmny.
Fockens stie as herfoarme dûmny yn Windeweer-Lula fan 9 maaie 1790 ôf oan. Dêrnei wie er predikant yn Hellum, Ruinen, Grypskerk (1789-1803), Twizel/Koaten (1803-1805) en fierder oant syn dea ta yn Snits.
Fockens utere him faker as ien kear negatyf oer syn kollega-dûmnys yn Snits. Op 18 april 1819 rôp er yn in preek, doelend op in preek fan in frijsinnige kollega: ‘Wat is Abraham buiten Christus? in luidend metaal. Wat is de prediking van Abraham? een lichaam zonder ziel. Dat kaam him op in oanklacht by it bestjoer fan de klassis te stean. Dat hjitte him te ferskinen by in strafpredikaasje oer him op 2 july 1820.
De stikken, dy't dy tuchtsaak oanbelangje, binne mei in protte brieven útbrocht troch syn dochters Titia en Itia Henriëtte: De nagedachtenis van L. Fockens (Frjentsjer 1854). De susters spilen in wichtige rol yn it Frysk Reveil. Sa krewearren se ûnder mear foar it stiftsjen fan kristlike skoallen. Wat sy en harren heit foar Fryslân yn it algemien en foar Snits yn it bysûnder betsjutten hawwe, is wiidweidich beskreaun yn it tydskrift Yn ús eigen tael 1909, s. 33-41 en 1910, s. 167-189.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|