Binnert Tinga

Ut Wikipedy

Binnert Jans Tinga, (Sumar, 27 desimber 1785 - Snits, 19 juny 1838), wie in tekenmaster en keunstskilder.

Hy wie de soan fan Jan Tinga en Tietsen Douma. Mei syn frou Anna Hendriks Lutmers krige er trije bern. Syn soan Jan waard letter ek skilder. Sûnt 1814 wurke er as tekenmaster yn Ljouwert, nei 1824 ferhuze er nei Snits. Twa skilderingen fan him hingje yn it Frysk Skipfeart Museum yn Snits: in litografy fan dûmny Lucas Fockens (de eardere lom-skoalle fan Snits is nei him neamd) en in stedsgesicht mei hinnen by de Easterpoarte fan Snits.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: