Geartsje Douma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Geartsje Douma

Geartsje Douma (Heech, 29 febrewaris 1956) beukerliedster en Frysk skriuwster.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geartsje is hikke en tein op De Pein. Har leafde foar taal en muzyk krige se fan thús mei, se waard grut yn in tige muzikale húshâlding, sy en haar beide âldere suskes songen yn in bernekoar en learden ferskate ynstruminten te bespyljen. Doe’t se as bern blokfluitles krige moast se sels ek wolris in ferske meitsje, sa ûntdiek se dat dat har maklik ôfgie. Se boarte graach mei taal en wyskes kamen fansels yn har op. As famke fan seis jier wûn se in priis op in foardrachtskriich en krige dêrfoar in Frysk berneboekje, har earste: Krommelomke, fan Diuwke Winsemius. Op skoalle learde se gjin Frysk, se krige wat mei fan de opsisferskes út 'Tutte mei de linten', fan Diet Huber.

Geartsje Douma folge de oplieding foar beukerliedsters yn Ljouwert. Dêr moast se wer Frysk lêze en ûntdiek doe, dat dy taal har it meast eigen en fertroud wie. Mar skriuwe yn it Frysk die se noch net, al krige se wol wer de smaak fan it meitsjen fan berneferskes te pakken. Se makke yn dy tiid 29 Hollânske en 1 Frysk berneferske. Oan publisearjen wie se noch net ta, se kaam foar de klas te stean, troude in pear jier letter, waard mem en stapte út it ûnderwiis. Tsien jier letter, yn 1989, krige se in beneaming oan basisskoalle ‘It Maitiidslibben’ yn De Pein. Dat wie foar har oanlieding om ek wer te begjinnen mei it meitsjen fan berneferskes, diskear yn har memmetaal. Se kaam yn ’e kunde mei Hindrik van der Meer fan Goaiïngahuzen, dy’t ûnder oaren it boek mei berne-ferskes Kwek kwek minemyn op syn namme stean hie. Tegearre hawwe se wurke oan in bondel mei berneferskes, dy’t yn 2000 ferskynde mei de titel Deuntsjes foar dy. De bondel befettet mear as hûndert nije lietsjes oer alderhande tema’s dy’t ticht by it deistige libben fan lytse bern stean, sa as: oanklaaie, ite, hygiëne, skoalle, boartsje en sliepe, oant ferskes foar spesjale gelegenheden as jierdei, de tiden fan it jier en Sinteklaas; Marijke Klompmakker makke de yllustraasjes by de lietsjes. Twa jier letter kamen der boppedat ek noch 2 cd’s út mei deselde titel, dêr’t de ferskes op te hearren binne. Yn it bondeltsje Sjongersfeest (2003) steane benammen ferskes dy’t skreaun binne foar de kristlike feestdagen. Se beheint har net allinne ta it meitsjen fan ferskes foar lytste bern, mar skriuwt dêrnjonken ek gedichtsjes. Soms yn ferhaalfoarm lykas yn de rige ‘Wemke’ boekjes: yn dy boekjes mei de titels, Feest foar Wemke (2004), In broerke foar Wemke en Nifelje mei Wemke (ferskynt yn 2007). De opset en útfiering fan dy boekjes docht tinken oan de boekjes fan Dick Bruna; yn fjouwer rymjende rigels op in side wurdt it ferhaaltsje ferteld. Yllustratrise Sylvia van Ommen hat de sprekkende tekeningen by de ferhaaltsjes makke.
Geartsje Douma makket sûnt 2006 diel út fan de wurkgroep dy’t de útjefte fan de ‘Tomke’-boekjes fersoarget, de boekjes mei it lytse jonkje Tomke en syn hûntsje Romke yn de haadrol, ferskine alle jierren fanôf 1997. It projekt is bedoeld om it Frysk lêzen en foarlêzen fan en oan lytse bern te befoarderjen. Fan 2001 ôf makket Douma de ferskes, passend by it wikseljend tema fan de boekjes.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Deuntsjes foar dy (ferskes) Mei Hindrik van der Meer, 2000)
  • Utjefte cd 1 en 2 by Deuntsjes foar dy (2001)
  • Sjongersfeest (ferskes foar kristlike feestdagen, 2002)
  • Kom mar yn ‘e rûnte : beweging- en sjongspultsjes (meiwurke oan, 2003)
  • Tûzenpoatsjes (gedichtsjes, 2003)
  • It skoalorkest (rympoaster mei liet; tekst + muzyk fan G. Douma, 2004)
  • Dit bisto en dat bin ik : grienmank fan opsisferskes (meiwurke oan, 2004)
  • Feest foar Wemke (20004)
  • In broerke foar Wemke (2005)
  • Nei Betlehim, Goed Nijs (Krystspultsjes, útjûn by Cedin, 2006)
  • It nifelboek fan Wemke (2009)
Tomke-boekjes
  • Tomke, Romke en harren nije freondinne Kornelia de kangoeroe (Ferskes Geartsje Douma, 2001)
  • Tomke, Romke en Kornelia achter it muzyk oan (2002)
  • Tomke, Romke en Kornelia skilderje mei kleur (2003)
  • Tomke : winterboek (ferskes G. Douma, 2003)
  • Tomke, Romke en Kornelia nei de dokter (2004)
  • Tomke, Romke en Kornelia boartsje mei kleur en foarm(2005)
  • Tomke yn ’e bistetún (Boekewikegeskink 2006)
  • Kom yn myn hûske (Tomke boekje, 2006)
  • Tomke en Romke op reis (2007)
  • Tomke en Romke: earst dit... dan dat (2008)
  • Tomke jierboek (2008)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: