Jack Shea

Ut Wikipedy
Jack Shea
sporter
Jack Shea (1929)
Jack Shea (1929)
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Arnos Shea
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 7 septimber 1910
berteplak Lake Placid
stjerdatum 17 jannewaris 2002
stjerplak Saranac Lake
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Lake Placid 1932
wichtige prestaasjes
2x goud Olympyske Spullen 1932

John Arnos (Jack) Shea (Lake Placid, 7 septimber 1910 - Saranac Lake, 17 jannewaris 2002) wie in Amerikaansk reedrider. Jack Shea wie de heit fan skyer Jim Shea en de pake fan Skeletonner Jim Shea.

Jack Shea waard op de Winterspullen fan 1932 twafâldich Olympysk kampioen, hy wûn 500 en de 1500 meter by ôfwêzigens fan in grut tal Europeeske top reedriders, dy't de spullen yn Lake Placid mijden út ûnfrede oer de Amerikaanske wize fan starten mei alle dielnimmers tagelyk op de baan (massastart). Jack Shea ferstoar op 17 jannewaris 2002, yn 'e aldens fan 91 jier ta gefolch fan in slim auto ûngelok.

In pear wiken letter wie syn pakesizzer de Amerikaanske flaggedrager by de iepening fan de Olympyske Winterspullen yn Salt Lake City, nei't Jim Shea by it skeleton ek noch Olympysk Kampioen waard krekt as syn Jack Shea yn 1932 by it reedriden, droech er de oerwinning op oan syn koartlyn ferûngelokke pake.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:NO