Springe nei ynhâld

André Roosenburg

Ut Wikipedy
Andries Hendrik Roosenburg
André Roosenburg
André Roosenburg
persoanlike bysûnderheden
nammeAndries Hendrik Roosenburg
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum18 augustus 1923
berteplakDe Haach
stjerdatum26 july 2002
stjerplakFrjentsjer
klupskiednis
posysjeSpits
jeugdteams
1935-1940ADO De Haach
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1940-1943
1945-1947
1947-1950
1950-1953
1954-1955
1955-1958
1958-1959
1959
ADO De Haach
VV Neptunia
FF Snits
Fiorentina
FF Snits
Helmondia '55
FF Ljouwert
N.E.C.



59(18)

29(31)
1(0)
nasjonaal team
1948-1955 Nederlân9(1)
trainer by
1960-1961
1961-?
Helmondia '55
FF Harns
Roosenburg yn Florence yn 1953

Andries ("André") Hendrik Roosenburg (De Haach, 18 augustus 1923Frjentsjer, 26 july 2002) wie in Nederlânsk fuotballer.

Roosenburg waard op jonge leeftiid ûntdekt troch ADO Den Haag. Hy bruts oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch troch by de club en waard mei ADO twa kear lânskampioen. Yn de oarloch gie hy nei Delfsyl dêr't hy letter foar VV Neptunia spylje soe. Hjirnei fuotballe hy foar Fuotbalferiening Sneek en makke dêrwei in transfer nei it Italjaanske Fiorentina. Werom yn Nederlân waard hy om it spyljen fan betelle fuotbal skorst en mocht pas by de yntroduksje fan it betelle fuotbal yn Nederlân yn 1954 wer spylje. Dit die hy noch foar Helmondia '55 en Fuotbalferiening Leeuwarden dêr't hy yn it seizoen 1958/59 mei 29 doelpunten topscorer waard fan de earste difyzje. Yn 1959 gie hy nei N.E.C. dêr't hy yn syn earste wedstriid blessearre útfoel en dêrnei stoppe mei fuotbaljen.

Hy kaam njoggen kear út foar it Nederlânsk alvetal en die mei oan de Olympyske Spullen yn 1948 dêr't hy yn de wedstrriid tsjin Ierlân syn ienige doelpunt makke.

Syn soans André Roosenburg (ek keatser) en Claus (letter trener) kamen út foar SC Cambuur.

  • Nederlânsk kampioen: 1942, 1943
Boarnen, noaten en/as referinsjes: