Springe nei ynhâld

SC Cambuur Ljouwert

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan SC Cambuur)
Sportclub Cambuur Leeuwarden
It Cambuurstadion
It Cambuurstadion
Oprjochte 19 juny 1964
Plak Ljouwert
Stadion Kooi Stadion (2024-no)
Cambuurstadion (1964-2024)
Kapasiteit 15.000
Foarsitter Johan Schikker
Trener Henk de Jong
Kompetysje Earste Difyzje
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

SC Cambuur Leeuwarden is in profesjonele fuotbalklup út Ljouwert. De klup waard oprjochte op 19 juny 1964 as de ferfanger fan VV Leeuwarden dy’t nei de amateurs werom kearde. De klup spilet yn it Kooi Stadion dêr't goed 15.000 minsken yn kinne. Cambuur is trije kear nei de Earedifyzje promovearre en spile yn totaal fjouwer jier op it heechste nivo. Nei it kampioenskip fan de Jupiler League yn 2013 kaam Cambuur op 'e nij even út yn de Earedifyzje. Nei twa jier degradearre de klup lykwols wer. Yn 2022 spilet de klup fannijs yn de Earedifyzje om yn 2023 wer te degradearjen nei de earste dyvizje.

Sietse Westra wie de inisjatyfnimmer fan de oprjochting fan SC Cambuur, sa't de klup doedestiids noch hjitte. Westra wie fiif jier, tusken 1964 en 1969, direkteur fan de klup. De namme fan Cambuur waard yn 1988 feroare fan SC Cambuur yn Cambuur Ljouwert. Fan 1964 oant 2024 spile Cambuur yn it Cambuurstadion oan it Cambuurplein yn 2024 ferhúze de fuotbalklup nei it nij boude Kooi Stadion by it WTC Expo en de Alvestêdehal yn it westen fan de stêd.

Sportive skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cambuur koe it earste jier yn it proffuotbal fuort promovearje nei de Earste Difyzje. Dêr soe Cambuur mear as 25 jier yn fuotbalje. De Ljouwerters hawwe oant 2008 fjouwer jier, yn twa perioaden, yn de Earedifyzje spile. De earste kear wie doe't Cambuur as earste yn de Earste Difyzje einige. Dêrnei spile Cambuur yn it seizoen 1992/1993 en 1993/1994 op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân. De twadde kear dat Cambuur dêryn spylje soe, wie yn it seizoen 1998/1999 en 1999/2000. It slagge Cambuur yn 1998 te promovearjen troch de neikompetysje te winnen en sa promoasje ôf te twingen.

Yn 2000 degradearre Cambuur en moast it werom yn de Earste Difyzje. SC Cambuur hat dêrnei wer 13 jier yn de Earste Difyzje spile. Fia direkte promoasje yn it seizoen 2012/2013, troch it beheljen fan it kampioenskip spilet Cambuur sûnt it seizoen 2013/2014 op 'e nij op it heechste nivo.

It aventoer yn de Earedifyzje duorre krekt as de oare kearen twa seizoenen, diskear ûnder lieding fan trainer Henk de Jong. Yn 2016 degradearren de Ljouwerters wer en sûnt dy tiid spilet Cambuur wer yn de Earste Difyzje. De Jong naam yn it degradaasjejier ôfskied fan de klup, mar kaam yn 2019 werom, mei Sandor van der Heide as syn assistint.

Yn it seizoen 2019/20 kaam Cambuur út op it earste plak, dochs waard dat seizoen troch de KNVB net jildich ferklearre omreden de koroanakrisis. It folgjende seizoen fan 2020/21 waard de kampioenstitel fannijs helle mei 15 punten foarsprong op de twadde ploech.

Yn 2023 degradearre Cambuurwer nei de Earste Difyzje, op 10 maaie 2024 spiele Cambuur tsjin Helmond Sport de lêste kompetysjewedstriid yn it Cambuurstadion, de wedstriid einige yn lykspul.[1]

Namme, skaaimerk en klaaiïng

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cambuur is neamd nei de wyk dêr't de klup jierenlang syn stadion hie, de Cambuursterhoek, ek wol it Cambuurkertier. De namme fan de wyk komt fan de aadlike famylje Fan Cammingha, waans stins op hast itselde plak stie fan it lettere Cambuurstadion.

It skaaimerk fan SC Cambuur Ljouwert is eins in nijmoadrige ferzje fan it famyljeskyld fan de Van Cammingha's, dat sa in ferwizing is nei de skiednis fan sawol de namme as de lokaasje.

It wapen hat in giel wapenskyld mei in lizzend hart, dy't de foarpoaten útstrekt. Tegearre mei trije swarte kamen mei allegearre twa rigen swarte tosken: Twa kamen fan boppen en ien kaam ûnder.

De klaaiïng fan Cambuur bestiet foar de thúswedstriden út in giel shirt, in blauwe broek en giele sokken. Der wurdt ek wol mei wite sokken spile, as de tsjinstanner ek al mei giele sokken fuotballet. It tenu foar de útwedstriden bestiet út in wyt shirt, blauwe broek en wite sokken.

De kar foar de kleuren komt fan de stedskleuren fan Ljouwert, giel en blau. De Ljouwerter flagge bestiet út fjouwer horizontale banen, blau: giel, blau en giel.

Earste difyzje
Winner - 2013.
Neikompetysje
Winner - 1998.
Earste difyzje
Winner - 1992.
Twadde difyzje
Winner - 1957 (as Ljouwert), 1965.

(Ferneamde) âld-spilers en âld-trainers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seizoen 2022/23

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seleksje 2023/2024

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nûmer Spiler Nationaliteit Kontrakt oant Foarige klup

Doelmannen

1 Yanick van Osch Nederlânsk 2026 flagge fan Nederlân Fortuna Sittard
16 Daan Reiziger Nederlânsk 2025 flagge fan Nederlân Vitesse
31 Brett Minnema Nederlânsk
Frysk
2024 Eigen jeugd

Ferdigeners

2 Gabi Caschili Nederlânsk 2025 flagge fan Nederlân PEC Zwolle
3 Floris Smand Nederlânsk 2025 Eigen jeugd
4 Léon Bergsma Nederlânsk 2025 flagge fan Switserlân   Aarau
5 Thomas Poll Nederlânsk 2024 flagge fan Nederlân Almere City
15 Marco Tol Nederlânsk 2024 flagge fan Nederlân Volendam
17 Vito Wormgoor Nederlânsk 2024 flagge fan de Feriene Steaten Columbus Crew
21 Milan de Koe Nederlânsk 2024 flagge fan Fryslân Harkemase Boys
22 Jhondly van der Meer Nederlânsk
Frysk
2024 Eigen jeugd
25 Sturla Ottesen   Noarsk 2025 flagge fan Noarwegen Stabæk
27 Sekou Sylla Nederlânsk 2024 flagge fan Nederlân TOP Oss

Middenfjilders

6 Jeremy van Mullem Nederlânsk 2025 flagge fan Nederlân Sparta Rotterdam
8 Daniël van Kaam Oanfierder Nederlânsk 2025 flagge fan Nederlân Grins
10 Fedde de Jong Nederlânsk 2026 flagge fan Nederlân AZ
14 Michael Breij Nederlânsk 2024 flagge fan Nederlân Grins
20 Vincent Pichel Nederlânsk 2025 Eigen jeugd

Oanfallers

7 Remco Balk Nederlânsk 2025 flagge fan Nederlân Utert
9 Roberts Uldriķis Letsk 2024 flagge fan Switserlân   Sion
18 Agustín Anello Amerikaansk
Italjaansk
2024 flagge fan Nederlân Sparta Rotterdam
19 Milan Smit Nederlânsk 2024 Eigen jeugd

bywurke op 30-4-2024

Technyske stêf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Nasjonaliteit Funksje
Henk de Jong flagge fan Nederlân Haadcoach
Pascal Bosschaart flagge fan Nederlân Meitrainer
Peter van der Vlag flagge fan Nederlân Keepertrainer
Martijn Barto flagge fan Nederlân Spitsetrainer
Namme Nasjonaliteit Funksje
Nicky Boonstra flagge fan Nederlân Fysyk-trainer
Harvey Bischop flagge fan Nederlân Fysioterapeut
Kevin Koster flagge fan Nederlân Fysioterapeut
Dirk Steensma flagge fan Nederlân Fersoarger
Antje Tardy flagge fan Nederlân Fersoarchster

Begeliedende stêf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Nasjonaliteit Funksje
Peter Drijver flagge fan Nederlân Teammanager
Foeke Komans flagge fan Nederlân Teammanager
Koen Draaisma flagge fan Nederlân Materiaalman

Lêste update: 20 juny 2022

Top 15 skoarders yn de skiednis fan SC Cambuur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Posysje Namme Doelpunten
1 flagge fan Nederlân Jan Bruin 73
2 flagge fan Nederlân Sandor van der Heide 66
3 flagge fan Nederlân Robert Mühren 64
4 flagge fan Nederlân Dirk Roelfsema 63
5 flagge fan Nederlân Jos Peltzer 61
flagge fan Nederlân Koko Hoekstra 61
7 flagge fan Nederlân Martijn Barto 55
8 flagge fan Nederlân Willem van der Ark 53
9 flagge fan Nederlân Gerrie de Jonge 52
10 flagge fan Suriname Mark de Vries 47
11 flagge fan Nederlân Johan Zuidema 44
12 flagge fan Nederlân Henk de Groot 40
13 flagge fan Nederlân Jaap de Blaauw 39
14 flagge fan Nederlân Erik Bakker 39
15 flagge fan Nederlân Harry van der Laan 36

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Omrop Fryslân, 11-5-2024, Cambuur spile lyk, mar it draaide om it âlde stadion: "Ik koe net fan it fjild komme" Riedplachte op 11-5-2024