Springe nei ynhâld

Catch Me If You Can (film út 2002)

Ut Wikipedy
Catch Me If You Can
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Steven Spielberg
produsint Steven Spielberg
Walter F. Parkes
senario Jeff Nathanson
basearre op it boek fan Frank Abagnale jr.
kamerarezjy Janusz Kamiński
muzyk John Williams
filmstudio Amblin Entertainment
Parkes/MacDonald Productions
Kemp Company
Splendid Pictures
distribúsje DreamWorks Pictures
spilers
haadrollen Leonardo DiCaprio
Tom Hanks
byrollen Christopher Walken
Nathalie Baye
Amy Adams
Martin Sheen
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 18 desimber 2002
foarm langspylfilm
sjenre biografyske misdiefilm
taal Ingelsk (en wat Frânsk)
spyltiid 141 minuten
budget en resultaten
budget $52 miljoen
opbringst $352,1 miljoen

Catch Me If You Can is in Amerikaanske biografyske misdiefilm út 2002 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Leonardo DiCaprio as de oplichter Frank Abagnale jr. en Tom Hanks as FBI-agint Carl Hanratty. De titel betsjut: "Pak My Mar Ast Kinst". De film is basearre op it boek mei deselde namme fan 'e wiere Frank Abagnale jr., dy't yn 'e 1960-er jierren, noch foàr syn njoggentjinde jierdei, Amerikaanske bedriuwen foar miljoenen dollars oplichte troch him foar te dwaan as in piloat fan Pan Am, in dokter yn Georgia en in ofsier fan justysje yn Louisiana. De preproduksjefaze fan 'e film begûn al yn 1980, mar sleepte him fuort oant 1997, doe't DreamWorks Pictures de rjochten oankocht. Catch Me If You Can krige rûnom lof fan 'e filmkritisy en waard nominearre foar twa Oscars, in Golden Globe en in Grammy.

Yn 1963 is Frank Abagnale jr. in tiner dy't yn New Rochelle, yn 'e Amerikaanske steat New York, wennet mei syn heit Frank Abagnale sr., in ûndernimmer en feteraan út 'e Twadde Wrâldoarloch, en syn mem Paula, in húsfrou dy't fan oarsprong Fransêze is. As Frank sr. swierrichheden kriget mei de Amerikaanske belestingtsjinst IRS, rekket er syn hûs en winkel kwyt, en moat it gesin ferhúzje nei in lyts hierappartemintsje. Paula kriget in affêre mei Jack Barnes, in freon fan har man. Underwilens moat Frank jr. fan skoalle feroarje om't syn âlden syn djoere priveeskoalle net mear betelje kinne. Op 'e iepenbiere middelbere skoalle dêr't er bedarret, beslút er op syn earste dei ympulsyf om him út te jaan foar de ynfallende learaar Frânsk; dat bedroch komt pas nei in wike út.

As syn âldelju skiede, en hy foar de kar steld wurdt by wa't er wenje wol, wegeret Frank te kiezen, en naait ynstee út. Om't er ferlet fan jild hat om itende te bliuwen, skriuwt er sjeks út dy't net dutsen binne, en as dat útkomt, begjint er sjeks te ferfalskjen. Geandewei wurde syn oplichterspraktiken dryster. As er sjocht hoefolle prestiizje it unifoarm fan in ferkearspiloat jout, beslút er him foar in piloat fan Pan American World Airways út te jaan. Yn it ferlingde dêrfan begjint er oan 'e rinnende bân salarissjeks fan Pan Am te ferfalskjen, sadat syn oplichterij mei koarten yn 'e miljoenen dollars rint. Underwilens komt Carl Hanratty, in agint fan 'e ôfdieling Bankfraude fan 'e FBI, Frank op it spoar. Hy treft syn man yn in motel yn Miami, mar Frank makket Hanratty wiis dat er in agint fan 'e Secret Service is dy't efter deselde oplichter oansit. Sa wit er te ûntkommen foar't Hanratty beseft dat er bedragen is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dat er op in hier nei arrestearre is, skrillet Frank net foar tebek. Ynstee ferfalsket er in mastergraad yn 'e medisinen fan 'e Universiteit fan Harvard en lit er him as haad fan 'e nachttsjinst oannimme op 'e polyklinyk fan in sikehûs yn Atlanta. Dêr rekket er fereale op 'e jonge, naïve ferpleechster Brenda, dy't in pear jier earder in abortus ûndergien hat, en doe troch har âlden út 'e hûs set is om't se de famylje te skande makke hie. Sûnt hat se gjin kontakt mear mei har âldelju en se wol it wanhopige graach goedmeitsje. Frank, dy't ûndertusken, doe't er konfrontearre waard mei in brutsen skonk, ûntdutsen hat dat er net oer sokke ferwûnings kin, beslút har te helpen. Hy reizget mei har nei har âlderhûs yn Louisiana om har heit om tastimming te freegjen om mei har te trouwen. As Brenda mei in dokter thúskomt, sa tinke se, sille har âlden har perfoarst wer yn genede oannimme.

Dat is ek sa, mar Brenda har heit, de abbekaat Roger Strong, sjocht daliks troch Frank syn moaie ferhalen hinne. As er him letter apart nimt, moat Frank opbychtsje dat er him foardocht as dokter om mei syn dochter trouwe te kinnen. Ynstee dat Strong him it gat fan 'e doar wiist, ken er yn Frank dan syn eigen wjerbyld as romantikus werom, en helpt er de jonge om in nije karriêre te begjinnen yn Louisiana, as ofsier fan justysje. Underwilens folget Hanratty it spoar fan Frank fia Atlanta nei Louisiana, dêr't hy en oare FBI-aginten it hûs fan 'e Strongs binnenfalle ûnder it ferlovingsfeest fan Frank en Brenda. Frank freget Brenda om him twa dagen letter te moetsjen op 'e lofthaven fan Miami en ûntkomt dan troch in sliepkeamersfinster foar't Hanratty him oppakke kin. As er Brenda twa dagen letter oppikke sil, sjocht er lykwols oeral om har hinne FBI-mannen yn boarger, en lit er har stean om út te naaien nei Jeropa.

It duorret jierren, mar Hanratty spoart Frank úteinlik op yn Montrichard, it plak yn Frankryk dêr't syn mem wei komt. Dêr wit er him te arrestearjen, wêrnei't er syn útlevering oan 'e Feriene Steaten beävensearret. Yn it fleantúch nei hûs fertelt er Frank, krekt foar de lâning yn New York, dat syn heit yn 'e tuskentiid ferstoarn is. Frank rekket bot oerstjoer fan dat nijs en wit te ûntsnappen ear't de fleanmasine goed en wol oan 'e grûn stiet. Fertarre troch fertriet giet er nei it hûs dêr't syn mem wennet, dy't ûnderwilens wertroud is mei har minner Frank Barnes. As er dêr troch it rút yn 'e hûs opgluorket, sjocht er oan 'e oare kant fan it rút in lyts famke. Dat blykt syn healsuske te wêzen; Frank syn mem hat syn heit en himsels ferfongen en libbet itselde soargeleaze bestean dat se earst mei him en syn heit late. As Hanratty en de plysje arrivearje, jout Frank him sûnder ferset oer en freget er Hanratty om him hjir sa fluch mooglik wei te heljen.

Neitiid wurdt Frank feroardiele ta tolve jier finzenisstraf yn in ekstra befeilige ynrjochting, dêr't er op advys fan 'e rjochter yn iensume opsluting holden wurdt. Syn iennichste kontakt mei de bûtenwrâld is Hanratty, dy't him út en troch opsiket. Under ien sa'n besyk lit er Frank in sjek sjen fan in saak dêr't er oan wurket. Troch de glêzene skiedingswand hinne kin Frank daliks al sjen dat it in ferfalsking is, dy't makke wêze moat troch in bankbetsjinde. Dêrop oertsjûget Hanratty syn bazen derfan om Frank út it tichthús te heljen en him de rest fan syn straf úttsjinje te litten as ekspêr foar de ôfdieling Bankfraude fan 'e FBI. Frank fynt it wurk dat er dan dwaan moat lykwols ferfeelsum en beheinend, en mist syn eardere aventoeren. As it earste wykein oanbrekt, en hy twa hiele dagen foar himsels hat, ferklaait er him as piloat om wer te fleanen. Op 'e lofthaven wurdt er ûnderskept troch Hanratty, dy't him dúdlik makket dat nimmen mear efter him oan sit. Hy kin yn it wykein dwaan wat er wol salang't er de wet net brekt, en salang't er moandeitemoarn mar wer op syn wurk is. De folgjende moandeis wurdt Hanratty senuweftich as Frank net op 'e tiid is, mar úteinlik komt er dochs opdaagjen, wêrnei't se oan 'e gong geane mei in nije saak.

In tekst dy't foarôfgeande oan 'e ôftiteling yn byld komt, fertelt dat de echte Frank Abagnale jr. op it stuit dat de film opnommen waard al 26 jier troud wie mei deselde frou, trije soannen hie, yn it Amerikaanske Midwesten wenne en noch altyd befreone wie mei de FBI-man dêr't it personaazje Carl Hanratty op basearre wie. Hy hie yn 'e tuskenlizzende jierren de FBI holpen om withoefolle ferfalskers fan sjeks op te spoaren, en hie miljoenen dollars fertsjinne mei it ûntwerpen fan bettere, dreger te ferfalskjen sjeks foar Amerikaanske banken.

Leonardo DiCaprio.
Tom Hanks.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Frank Abagnale jr. Leonardo DiCaprio
FBI-agint Carl Hanratty (basearre op Joseph Shea) Tom Hanks


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Frank Abagnale sr. Christopher Walken
Paula Abagnale Nathalie Baye
Brenda Strong Amy Adams
Roger Strong Martin Sheen
FBI-agint Earl Amdursky Brian Howe
FBI-agint Tom Fox Frank John Hughes
FBI-agint Witkins Chris Ellis
assistint-direkteur fan 'e FBI Marsh John Finn
Paul Morgan Steve Eastin
Jack Barnes James Brolin
Carol Strong Nancy Lenehan
Cheryl Ann Jennifer Garner
Marci Ellen Pompeo
Lucy Elizabeth Banks
Joanna Kaitlin Doubleday
Frânske sjendarme Frank Abagnale jr. (cameo)

Frank Abagnale jr. ferkocht de filmrjochten op syn autobiografy Catch Me If You Can yn 1980 oan filmprodusinten Norman Lear en Bud Yorkin, dy't him op 'e tillefyzje sjoen hiene yn it praatprogramma fan Johnny Carson. Twa jier letter ferkochten dy beide mannen de filmrjochten troch oan filmstudio Columbia Pictures, dy't se wer trochferkocht oan filmprodusint Hall Bartlett. Bartlett naam Steven Kunes yn 'e earm om in senario op basis fan it boek te skriuwen, mar kaam te ferstjerren ear't er fierder mei it projekt oan 'e gong koe. De widdo fan Bartlett ferkocht de rjochten oan Hollywood Pictures, in ûnderdiel fan The Walt Disney Company, dy't se wer trochferkocht oan TriStar Pictures.

Fia TriStar kaam it filmprojekt foar it earst ûnder de oandacht fan produsint Steven Spielberg, by DreamWorks Pictures. Neffens Daily Variety kocht produsint Michel Shane de filmrjochten op Catch Me If You Can yn 1990 for Paramount Pictures. Tsjin desimber 1997 ferkocht Shane de rjochten oan Barry Kemp, dy't dermei nei DreamWorks tagie. Senarioskriuwer Jeff Nathanson waard frege om in nij skript te skriuwen. Yn april 2000 waard David Fincher frege om 'e film te regissearjen, mar dy keas derfoar om ynstee Panic Room te meitsjen. Yn july 2000 kaam Gore Verbinski oan board as regisseur, wylst Steven Spielberg de film produsearje en Leonardo DiCaprio de haadrol spylje soe. De opnamen soene úteinsette yn maart 2001.

Verbinski caste James Gandolfini yn 'e rol fan Carl Hanratty, Ed Harris as Frank Abagnale sr. en Chloë Sevigny as Brenda Strong. Doe't bliken die dat Leonardo DiCaprio yn it foarjier fan 2001 net beskikber wie om't syn film Gangs of New York doe opnommen waard, sei Verbinski ôf as regisseur. Fan maaie oant july 2001 wie DreamWorks Pictures yn ûnderhanneling mei Lasse Hallström om 'e regisseur te wurden, mar dat plan rûn op 'e non. Tsjin dy tiid wiene Harris en Sevigny as akteurs al net mear yn byld, hoewol't Gandolfini noch hieltyd de rol fan Hanratty spylje soe. Steven Spielberg, ien fan 'e oprjochters fan DreamWorks, bea de rezjy fan 'e film oan Miloš Forman oan, mar ek dat waard neat. Uteinlik begûn er de mooglikheid yn omtinken te nimmen om Catch Me If You Can sels te regissearjen. Dêrfoar seid er projekten as Big Fish en Memoirs of a Geisha ôf. Yn augustus 2001 lei er himsels fêst as de nije regisseur.

Spielberg woe Leonardo DiCaprio wer yn 'e rol fan Frank Abagnale jr. hawwe. Foar de rol fan Hanratty wiisde er Gandolfini ôf, en keas ynstee foar Tom Hanks. Hy socht moannenlang nei in gaadlike aktrise foar de rol fan Brenda Strong, en fûn dy úteinlik yn Amy Adams. Christopher Walken waard op oanrieden fan ko-produsint Walter F. Parkes frege foar de rol fan Frank Abagnale sr., wylst Martin Sheen útornearre waard foar de rol fan Roger Strong, fanwegen syn "intimidearjende oanwêzichheid". Om't Abagnale syn mem Paula in Fransêze wie, woe Spielberg foar har rol beslist in Frânske aktrise hawwe. Dêrta rôp er de help yn fan regisseur Brian De Palma, dy't yn Parys wenne en audysjes hold mei ferskate aktrises. De kar foel úteinlik op Nathalie Baye. Spielberg hie fierders Jennifer Garner sjoen yn 'e tillefyzjesearje Alias en caste har omreden fan har drokke wurkskema yn 'e lytse rol fan 'e callgirl Cheryl Ann.

Der wie foar Catch Me If You Can in budget beskikber fan $52 miljoen. Oarspronklik soene de opnamen fan 'e film begjinne yn jannewaris 2002, mar dat waard opskood oant 7 febrewaris. Opnamelokaasjes wiene Los Angeles, Burbank, Downey (Kalifornje), New York (û.m. yn Brooklyn en op 'e Ynternasjonale Lofthaven John F. Kennedy), Orange (Nij-Jersey), Kebek en Montreal. De stêd Kebek, dêr't de 'Frânske' sênes opnommen waarden, waard keazen om syn 'Jeropeeske' karakter. De tsjerke op 'e eftergrûn fan 'e sêne dêr't Frank Abagnale jr. einlings arrestearre wurdt yn 'Montrichard' (Sintrum-Loiredelling) is eins de Notre-Dame-des-Victoirs. De Ynternasjonale Lofthaven LA/Ontario yn Ontario (Kalifornje), gie troch foar de Ynternasjonale Lofthaven fan Miami. Yn totaal wiene der 147 spesifike opnamelokaasjes. De opnamen duorren 52 dagen, wêrfan't de lêste foel op 12 maaie.

Produksje en premiêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Catch Me If You Can waard produsearre troch Steven Spielberg en Walter F. Parkes foar de studio's Amblin Entertainment, Parkes/MacDonald Productions, Kemp Company en Splendid Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan 'e Poalske sinematograaf Janusz Kamiński, en de filmmuzyk waard komponearre en dirigearre troch John Williams. Catch Me If You Can gie op 18 desimber 2002 yn premiêre yn Los Angeles. De filmdistribúsje waard fersoarge troch DreamWorks Pictures. De film kaam op 6 maaie 2003 út op VHS-keapfideo en dvd. In blu-rayferzje waard letter publisearre op 4 desimber 2012. De soundtrack fan Catch Me If You Can waard troch DreamWorks Records útbrocht op 10 desimber 2002.

Yn it senario fan Catch Me If You Can waard it personaazje fan 'e FBI-agint dy't Frank Abagnale jr. úteinlik opspoarde en oanhold, en letter mei him gearwurke, oantsjut as Joseph Shea, wat de wiere namme fan 'e man wie. Neffens Abagnale waard dy namme yn 'e film net brûkt om't Shea dat sels net woe. Akteur Tom Hanks soe doe de namme fan in Amerikaansk fuotbalspiler, Carl Hanratty, útkeazen hawwe.

Steven Spielberg joech senarioskriuwer Jeff Nathanson opdracht om folsleine histoaryske akkuratens ta te passen yn it werjaan fan 'e relaasjes tusken Frank Abagnale jr. en oare persoanen, en ek oangeande de oplichterijen fan Abagnale. Dêrfan waard yn ien opsicht ôfwykt: yn it echt seach Abagnale syn heit nea wer nei't er útnaaid wie fan hûs, mar yn 'e film moetsje de beide mannen inoar noch ferskate kearen. Spielberg woe de bân oanhâlde om dúdlik te meitsjen dat de motivaasje foar de dieden fan Frank jr. foar in grut part wie om Frank sr. grutsk op him te meitsjen. De echte Frank Abagnale jr. priizge dat idee. Hy sei: "Ek al seach ik ús heit nea wer, eltse jûn nei't ik in geweldige dei belibbe en withoefolle froulju moete en in hiel soad jild stellen hie, kaam ik allinnich werom yn myn hotelkeamer en tocht ik oan ús heit en mem en fantasearre ik oer hoe't ik harren wer byinoar bringe koe en gûlde ik."

Catch Me If You Can krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e Chicago Sun-Times hie Roger Ebert benammen lof foar it aktearjen fan Leonardo DiCaprio. Hy konkludearre: "Dit is net ien fan 'e grutte Spielberg-films, mar it is wol ien dêr't men muoiteleas nei sjen kin." Ek Mick LaSalle, dy't foar de San Francisco Chronicle skreau, stelde fêst dat Catch Me If You Can "net Spielberg syn bêste film" wie, mar it wie neffens him wol "ien fan syn meast streamline en miskien wol syn freonlikste." Hy skeau ek: "De kleurrike kamerarezjy, de glêde optredens [fan 'e akteurs] en it flugge tempo wize op in filmmaker dy't eltse oare ympuls ûnderhearrich makket oan 'e taak om genot te produsearjen."

Neffens James Berardinelli naam Catch Me If You Can himsels of syn ûnderwerpen nea te serieus. Hy hie ek lof foar de filmmuzyk fan John Williams. Yn The Washington Post skreau Stephen Hunter dat Leonardo DiCaprio yn Catch Me If You Can "de breedte en it gemak en de fernimstigens" fan syn aktearfermogen sjen liet "dêr't Martin Scorsese yn Gangs of New York sa'n bytsje gebrûk fan makke." Peter Travers, fan it tydskrift Rolling Stone, wie ien fan 'e mar in pear filmkritisy dy't net folle fan Catch Me If You Can hawwe moasten. Hy fûn de film fierstente lang en dêrtroch te langtrieddich. Hy skreau dat de film "mear as 140 minuten net foarút kaam. In film dy't fan start gie as in hazze op speed, einiget as in skylpodde efter de pûst."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Catch Me If You Can in heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 200 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelde dat Steven Spielberg "mei help fan in sterk optreden fan Leonardo DiCaprio" in film makke hie dy't "stylfol, luchtich fermaaklik en ferrassend leaf" wie. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Catch Me If You Can in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 39 resinsjes.

Catch Me If You Can brocht yn Noard-Amearika $164,6 miljoen op en yn alle oare lannen en territoaria nochris $187,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $352,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $52 miljoen komt dat del op in winst fan goed $300 miljoen. Catch Me If You Can wie dêrmei de op tsien nei meast opbringende film fan 2002, fuort efter in oare film fan Steven Spielberg, Minority Report, dy't it tsiende plak besette.

Christopher Walken waard yn 2003 nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur foar syn rol fan Frank Abagnale sr. John Williams waard nominearre foar in Oscar foar bêste orizjinele filmmuzyk. Datselde jiers wûn Walken de priis yn deselde kategory by de BAFTA's, wylst Williams ek dêr in nominaasje krige, krekt as Jeff Nathanson foar bêste senario en Mary Zophres foar bêste kostúmûntwerp. Leonardo DiCaprio waard nominearre foar de Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm, en Williams sleepte mei syn filmmuzyk ek noch in nominaasje foar in Grammy Award yn 'e wacht.

Adaptaasje ta musical

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Catch Me If You Can waard adaptearre ta in musical mei deselde namme, dy't yn july 2009 mei Aaron Tveit en Norbert Leo Butz yn 'e haadrollen yn premiêre gie yn Seattle. Yn 2011 waard er ek op Broadway yn New York opfierd. De foarstelling waard dêr nominearre foar fjouwer Tony Awards, wêrûnder dy foar bêste musical.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.