Elizabeth Banks

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Elizabeth Banks un Toronto (2008)
Banks (2007)

Elizabeth Maresal Mitchell (Pittsfield, 10 febrewaris 1974) is in Amerikaansk televyzje- en (benammen) filmaktrise. Sy hie har debút as filmaktrise yn 1998 yn Surrender Dorothy en hie geregeldwei in gastrol yn (ûnder oaren) de komedysearje Scrubs, as Dr. Kim Briggs.

Ien fan Mitchells filmrollen wie dy fan strippersonaazje Betty Brant yn sawol superheldefilm Spider-Man, Spider-Man 2 en Spider-Man 3. Krekt foar it ferskinen fan it tredde diel spile se yn Invincible, ek in film mei superheldestrips as tema. Mitchell wurdt net útsocht op ien soarte rol (typecasting), mar ferskynt yn sawol romantyske komedys (The 40 Year Old Virgin en Definitely, Maybe) as yn horrorfilms (Slither en The Uninvited).

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har heit Mark Mitchell en mem Ann Mitchell krigen fjouwer bern, dêr't sy de âldste fan is. Op 5 july 2003 troude Banks sportsjoernalist en produsint Max Handelman,[1] dêr't hja al ferkearing mei hie sûnt de earste dei op de universiteit (6 septimber 1992).[2] Sy bekearde har ta it joadendom doe't sy mei him troude.[3]

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Televyzjerigen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

*Sûnder gastrollen

  • Scrubs - Dr. Kim Briggs (2006-2009, 15 ôfleveringen)
  • American Dad! - Lisa Silver (2007-2008, 3 ôfleveringen)
  • Wainy Days - Shelly (2007-2008, 3 ôfleveringen)

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1]Celebrity Wedding: Elizabeth Banks & Max Handelman yn In Style, 2009-01-06
  2. Tiger, Caroline 2010. "How to Succeed in Show Business by Really Really Trying". The Pennsylvania Gazette Jan.-Feb., Vol. 108, No. 3, s. 46-50.
  3. New Movies, Interfaith Connections - InterfaithFamily.com, 2008-11-01
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei: