Dee Brown

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Dee Brown
Livro preto.svg skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dorris Alexander Brown
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 29 febrewaris 1908
berteplak Alberta (Louisiana)
stoarn 12 desimber 2002)
stjerplak Little Rock (Arkansas)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre non-fiksje (hist. wurken),
histoaryske romans & ferhalen,
autobiografy
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Bury My Heart at Wounded Knee
jierren aktyf 19482002
offisjele webside
gjint

Dee Brown (folút: Dorris Alexander Brown; Alberta (Louisiana), 29 febrewaris 1908Little Rock (Arkansas), 12 desimber 2002), wie in Amerikaansk skriuwer, histoarikus en bibletekaris, dy't benammen bekend wurden is troch syn skiedkundige wurk Bury My Heart at Wounded Knee, út 1970, wêryn't er de ûndergong fan 'e Yndianen yn it Westen fan 'e Feriene Steaten yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw beskreau.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dee Brown waard op 29 febrewaris 1908 berne yn it houtseagerijstedsje Alberta, yn 'e steat Louisiana, mar groeide op op it plattelân fan Ouachita County, yn Arkansas, dêr't om syn trettjinde hinne ierdoalje fûn waard. Mei syn mem Lula Cranford Brown en syn broer en beide susters ferfear er letter nei de Arkansaanske haadstêd Little Rock, om't dêr better ûnderwiis beskikber wie. Brown wie al ier in boekige jonge, en yn Little Rock waard de iepenbiere bibleteek foar him in twadde thús. Hy ûntwikkele in fassinaasje foar de skiednis fan it Wylde Westen dy't him syn libben lang bybliuwe soe. As grut fan fan it honkbaltiim de Arkansas Travelers kaam Brown as opslûpen jonge yn 'e kunde mei de goaier Moses J. Yellow Horse, dat in Yndiaan wie. De freonlikens fan dy man, en in kammeraatskip út Brown syn jonkheid mei in Kriik-jonge, makke dat er it byld fan 'e Yndianen as gewelddiedige en barbaarske wylden, sa't dat út 'e tradysjonele ferhalen oer it Wylde Westen nei foarren kaam, fersmiet.

Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, krige Brown baantsjes as drukker en sjoernalist yn Harrison, mar hy besleat om fierder te learen oan it Arkansas State Teachers College yn Conway, dêr't er skiednis studearre. In bybaantsje yn 'e bibleteek dêre oertsjûge him derfan om bibletekaris te wurden, dat midden yn 'e Krisisjierren sette er ôf nei Washington, D.C., om dêr oan 'e George Washington Universiteit ôf te studearjen. Yn 'e Amerikaanske haadstêd trof er Sally Stroud, dy't ek oan it Arkansas State Teachers College studearre hie, en mei wa't er úteinlik troude. Yn 1934 fûn er wurk as bibletekaris foar it Amerikaanske Ministearje fan Lânbou, dêr't er oant 1942 bliuwe soe.

Brown syn earste boek wie in satire op 'e burokrasy dy't mank gie mei Roosevelt syn New Deal, mar fanwegen de oanfal op Pearl Harbor waard dat nea útjûn. Syn útjouwer rette him oan om wat te skriuwen dat sjauvinistysk wie, en dêrop kaam Brown mei Wave High the Banner, in romantisearre foarm fan it libbensferhaal fan 'e ferneamde frontiers-man Davy Crockett (dat in goekunde fan syn oerpake west hie). In pear moanne nei de publikaasje fan dat boek waard Brown oproppen foar it leger, mar hy wurke syn hiele tsjinsttiid foar it Amerikaanske Ministearje fan Oarloch, te Washington, D.C., en hoegde nea oersee. Wol trof er yn it leger Martin F. Schmitt, mei wa't er nei de Twadde Wrâldoarloch oan ferskate histoaryske boeken gearwurkje soe.

Fan 1948 oant 1972 wie Brown lânboubibletekaris oan 'e Universiteit fan Illinois te Urbana-Champaign, dêr't er ûnderwilens in masterstitel yn bibleteekwittenskippen behelle en perfester waard. Yn dyselde snuorje krigen hy en syn frou Sally twa bern, in soan, Mitchell, en in dochter, Linda. Yn syn frije tiid skreau Brown sawol fiksje as non-fiksje, en tsjin 'e ein fan 'e fyftiger jierren hied er njoggen boeken op syn namme stean. Yn 'e sechtiger jierren skreau nochris acht oaren, wêrûnder The Year of the Century: 1876, dêr't er letter fan sei dat it him fan syn hiele oeuvre it leafst wie. Bûten skiedkundige fermiddens yn 'e Feriene Steaten krige er lykwols pas bekendheid troch Bury My Heart at Wounded Knee, dat yn 1970 ferskynde mei as ûndertitel An Indian History of the American West. Dêryn beskreau er de skiednis fan it Wylde Westen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw fanút in Yndiaansk eachpunt. It boek waard in bestseller, en der ferskynden oersettings yn withoefolle talen (wêrûnder it Nederlânske Begraaf Mijn Hart bij de Bocht van de Rivier, út 1972, mei as ûndertitel Standaardwerk over de Ondergang van de Indianen in Noord-Amearika). In protte lêzers giene derfan út dat Brown sels fan Yndiaansk komôf wie, en wiene ferrast as se hearden dat dat net it gefal wie.

Yn 1973 gie Brown mei pinsjoen, en kearden hy en de frou werom nei Little Rock, yn Arkansas. Neitiid skreau er noch û.m. Creek Mary's Blood, in roman dy't it ferhaal fertelt fan ferskate generaasjes dy't ôfstamje fan ien Kriik-frou, en Hear That Lonesome Whistle Blow, in skiednis fan 'e oanlis fan it spoar yn 'e westlike Feriene Steaten. Syn lêste wurk fan 'e lingte fan in boek wie de roman The Way to Bright Star, dy't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch spilet. Brown ferstoar op 12 desimber 2002 te Little Rock, yn 'e âlderdom fan 94 jier. Hy waard njonken syn frou begroeven yn Urbana, yn 'e steat Illinois.

Wurk (ûnfolsleine opsomming)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1948 - Fighting Indians of the West (mei Martin F. Schmitt)
  • 1952 - Trail Driving Days (mei Martin F. Schmitt)
  • 1954 - Grierson's Raid (oer in ynfal fan it Noarden yn it Suden ûnder de Boargeroarloch)
  • 1955 - Settlers' West (mei Martin F. Schmitt)
  • 1958- The Gentle Tamers: Women of the Old Wild West
  • 1959 - The Bold Cavaliers: Morgan's Second Kentucky Cavalry Raiders (werútjûn yn 1995 as Morgan's Raiders; oer John Hunt Morgan, in ofsier út 'e Boargeroarloch)
  • 1962 - The Fetterman Massacre
  • 1963 - The Galvanized Yankees (werútjûn yn 1986)
  • 1964 - Showdown at Little Big Horn
  • 1966 - The Year of the Century: 1876
  • 1970 - Bury My Heart at Wounded Knee (oer de ûndergong fan 'e Yndianen)
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Begraaf Mijn Hart bij de Bocht van de Rivier (fert. Jos Knipscheer, 1972)
  • 1971 - Fort Phil Kearny: An American Saga (werútjûn yn 1974 as The Fetterman Massacre)
  • 1972 - Andrew Jackson and the Battle of New Orleans
  • 1974 - The Westerners
  • 1977 - Hear That Lonesome Whistle Blow (oer de skiednis fan it Amerikaanske spoar)
  • 1991 - Wondrous Times on the Frontier
  • 1994 - The American West (samle passaazjes út eardere boeken, skreaun mei Martin F. Schmitt)
  • 1995 - Great Documents in American Indian History

Romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1942 - Wave High The Banner
  • 1956 - Yellowhorse
  • 1958 - Cavalry Scout
  • 1960 - They Went Thataway (werútjûn yn 1984 as Pardon My Pandemonium)
  • 1964 - The Girl from Fort Wicked
  • 1967 - Action at Beecher Island
  • 1980 - Creek Mary’s Blood
  • 1983 - Killdeer Mountain
  • 1986 - Conspiracy of Knaves
  • 1998 - The Way to Bright Star

Oar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1973 - Tales of the Warrior Ants (in boek foar tiners)
  • 1979 - Teepee Tales (werútjûn yn 1993 as Dee Brown's Folktales of the Native American: Retold for Our Times)
  • 1982 - American Spa: Hot Springs, Arkansas (in yllústrearre skiednis fan it plak Hot Springs)
  • 1993 - When the Century Was Young (autobiografy)
  • 1996 - Images of the Old West

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Other sources, op dizze side.