Dirk ter Haar

Ut Wikipedy

Dirk ter Haar (Easterwâlde, 19 april 1919 - Drachten, 3 septimber 2002) wie in Frysk-Ingelsk natuerkundige.

Dirk ter Haar (Dr, B.Sc., M.Sc., MA, D.Sc., FRSE) studearde natuerkunde oan de Universiteit Leien, wie research fellow by Niels Bohr yn Kopenhagen en promovearre yn Leien by Hendrik Kramers op in dissertaasje oer it ûntstean fan it planetestelsel. Hy emigrearre yn 1950 nei Ingelân, wêr’t hy letter naturalisearre. Hy waard professor yn de Teoretyske Natuerkunde oan it Magdalen Kolleezje fan de Universiteit fan Oksford.
Hy skreaun in oantal boeken oer natuerkunde wêrûnder Elements of Statistical Mechanics. Dêrby skreaun hy in boek oer Kramers en wie hy resensint foar Physics Letters (letter Physics Letters A).

Yn 1984 ferskynde it boek Essays in Theoretical Physics, in honour of Dirk ter Haar ter eare fan syn wurk yn statistyske natuerkunde en de kwantumteory.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • D. ter Haar, Elements of Statistical Mechanics. Londen: Constable (1954). 2ed (1966) New York: Holt, Rinehart & Winston; 3ed (1995) Oxford: Butterworth-Heinemann
  • D. ter Haar en H. Wergeland, Elements of Thermodynamics, Addison-Wesley, 1960
  • D. ter Haar, Elements of Hamiltonian Mechanics, Pergamon Press, Oxford.
  • D. ter Haar, The Old Quantum Theory, Pergamon Press, Oxford, 1967.
  • D. ter Haar, Lectures on Selected Topics in Statistical Mechanics, Pergamon Press, Oxford, 1977.
  • D. ter Haar, Master of Modern Physics. The Scientific Contributions of H. A. Kramers, Princeton Uni. Press, 1998.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]