My Big Fat Greek Wedding

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
My Big Fat Greek Wedding
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
My Big Fat Greek Wedding logo.png
makkers
regisseur Joel Zwick
produsint Gary Goetzman
Tom Hanks
Rita Wilson
senario Nia Vardalos
kamerarezjy Jeffrey Jur
muzyk Alexander Janko
Chris Wilson
filmstudio Gold Circle Films
HBO Films
MPH Entertainment
Playtone
distribúsje IFC Films
spilers
haadrollen Nia Vardalos
John Corbett
byrollen Michael Constantine
Lainie Kazan
Andrea Martin
Louis Mandylor
Gia Carides
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of Canada.svg Kanada
premiêre 19 april 2002
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk (ek wat Gryksk)
spyltiid 95 minuten
budget en resultaten
budget $5 miljoen
opbringst $368,7 miljoen
prizen Satellite Award 2002
filmsearje
filmsearje My Big Fat Greek Wedding
● folgjend diel My Big Fat Greek Wedding 2

My Big Fat Greek Wedding is in ûnôfhinklik produsearre Amerikaansk-Kanadeeske romantyske komeedzje út 2002 ûnder rezjy fan Joel Zwick, mei yn 'e haadrollen Nia Vardalos, dy't ek it senario skreau, en John Corbett. De titel betsjut: "Myn Grutte Fette Grykske Brulloft". De film giet oer Toula Portokalos, in tritichjierrige frou út in Gryksk-Amerikaansk fermidden, mei in grutte, lûdroftige en bemuoisuchtige famylje, dy't fereale rekket op in protestantske Angelsaksysk-Amerikaanske man. De humor yn 'e plot hat foar in grut part te krijen mei de kultuerskok dy't folget as dy beide wrâlden yn botsing komme.

My Big Fat Greek Wedding krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in trochslaand súkses en de meast opbringende komeedzjefilm aller tiden. De film waard nominearre foar in Oscar foar it bêste senario. It súkses late ta in mediafranchise op basis fan 'e film, besteande út in tillefyzjesearje en yn 2016 in ferfolchfilm, My Big Fat Greek Wedding 2.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tritichjierrige Fotoula "Toula" Portokalos is in dochter út in tige grutte, tige lûdroftige en tige bemuoisuchtige etnysk Grykske famylje yn 'e Amerikaanske stêd Chicago. Har heit, Gus (eins Kostas), is tige grutsk op syn Gryksk komôf en hâldt oant yn it healwize fol dat de Griken alles útfûn hawwe dat bestiet. Har mem, Maria, lit har heit leauwe dat dy de baas fan 'e húshâlding is, mar eins manipulearret se him allegeduerigen om him dwaan te litten wat sy wol. Toula har âldere suster is al jong troud en hat no sels in grutte húshâlding. Har âlden ferwachtsje fan Toula dat sy ek trouwe sil mei in aardige, mar fral Grykske, man om in gesin te stiftsjen en bern te krijen. Toula wurket yn har heite restaurant, Dancing Zorba's, mar hatet har libben en langet om wat oars te dwaan.

As op in dei de knappe learaar Ian Miller yn it restaurant komt, dêr't er mei syn maat Mike ôfsprutsen hat, is it foar Toula leafde op it earste gesicht. Se wit lykwols net folle oars te dwaan as him oan te stoarjen, mei't se beseft dat se him neat te bieden hat. Dyselde jûns beslút se wat te dwaan dêr't se al tiden tsjinoan skytskoarret. Se biedt oan om in oplieding te folgjen sadat se leare kin om te gean mei kompjûters, mei as doel om 'e administraasje fan it restaurant te modernisearjen. Har heit wurdt fuortendaliks emosjoneel en freget har wat er har misdien hat dat se him yn 'e steek litte wol, mar har mem kriget him mei manipulaasje safier dat er mei Toula har foarstel ynstimt.

Troch har oplieding kriget Toula mear selsfertrouwen en gefoel foar eigenwearde. Se feroaret har uterlik troch har hier better te fersoargjen, make-up op te dwaan, kontaktlinzen te dragen ynstee fan in bril, en flottere klean oan te dwaan dy't har figuer sjen litte. As se ûntdekt dat der in kursus kompjûters en toerisme bestiet, bepraat se har muoike Voula, dy't eigneresse is fan it reisburo Olympus Tours, om har dêr in baan te jaan as se dy kursus folge hat. Har mem en har muoike prate op har heit yn oant dy mient dat it syn eigen idee is dat Toula by it reisburo oan it wurk giet. Toula hat noch nea sa gelokkich mei har libben west as no. It wurdt noch better as Ian der geregeldwei foarby komt. Hy makket eachkontakt mei Toula en komt op in stuit nei binnen ta om har mei út te freegjen op in ôfspraakje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om't se har gjin yllúzjes makket oer de reäksje fan har famylje as se fertelle soe dat se omgiet mei in net-Grykske man, fertelt Toula thús dat se in kursus pottebakken folget. Dat stelt hat heit gerêst, want pottebakken is in Grykske útfining. Har mem liket de hoop al opjûn te hawwen dat Toula ea noch in man fine sil, en it komt net iens by har op dat Toula in ôfspraakje hat. Op it earste ôfspraakje fertelt Toula oan Ian dat se fan Gryksk komôf is. Ian reägearret troch har te freegjen oft se dan miskien ris mei him nei in leuk Gryksk restaurant wol dat er ken, Dancing Zorba's. Dat wol Toula beslist net, en se moat him dan útlizze dat dat it restaurant fan har famylje is. Ian beseft dan, ta har skrik, dat sy de stoarjende servearster is, mar dat makket net dat er syn belangstelling yn har ferliest, sa't se freze hie. Se geane op noch ferskate oare ôfspraakjes en reitsje fereale opinoar.

Uteinlik wurde se tútsjend sjoen troch in oar lid fan 'e Grykske mienskip, en fia-fia berikt it geroft Toula har âlden. Har heit is poerrazen dat Ian net earst syn tastimming frege hat om mei syn dochter út te gean. Ian fynt it healwiis dat er dêr tastimming foar freegje moatte soe, om't Toula tritich jier is, mar spilet it spultsje mei. As Gus Portokalos him lykwols beslist tastimming wegeret, negearret Ian him en praat er dochs mei Toula ôf. Dat bringt Gus derta om allinnichsteande Grykske manlju út te nûgjen om Toula mei yn 'e kunde te bringen, yn 'e hope dat se dêrmei fan 'e waansin ôfbrocht wurde kinne sil om mei in net-Grykske man om te slaan. Der is lykwols in reden foar dat de manlju dy't er útnûget allinnichsteand binne, en de grize giet Toula oer de grouwe as se deroan tinkt om mei sokken útgean te moatten.

Ian freget Toula om mei him te trouwen, en sy jout him tawurd. Har mem besiket har heit te bepraten dat er him by de sitewaasje dellizze moat, mar Gus bliuwt lulk. Om him yn 'e mjitte te kommen, stimt Ian deryn ta om oer te gean nei de Gryksk-Otterdokse Tsjerke, sadat Toula in tsjerklik houlik hawwe kin. Dêrta wurdt er doopt by in earnstige, sij it wat potsierlike seremoanje. Neitiid wurde Ian en syn foarnommen houlik mei Toula einlings troch de hiele famylje akseptearre, mar dat hat ta gefolch dat no de hiele famylje him mei de plannen foar it houlik begjint te bemuoien. Maria regelet op eigen manneboet it ûntwerp fan 'e troukaarten (wêrby't de namme fan Ian syn mem misstavere wurdt), wylst Toula har nicht Nikki freeslik lilke jurken foar de breidsfamkes útkiest.

Ian syn stille, konservative, protestantske, Angelsaksysk-Amerikaanske âlden, de Millers, wurde útnûge foar wat se tinke dat in rêstich itentsje is om mei Toula en har âldelju yn 'e kunde te kommen. As se arrivearje docht lykwols bliken dat de hiele Portokalos-famylje opdaagjen kommen is. Se witte net wat harren oerkomt en wurde al rillegau dronken fierd oan 'e ouzo. Toula sit deroer yn oft har heit har houlik wol echt akseptearre hat, mar op 'e brulloft dy't op it tsjerklik houlik folget, jout Gus in hertlike taspraak wêryn't er úthâldt dat it Ingelske wurd 'Miller' eins fan it Grykske wurd foar "apel" komt. 'Portokalos' betsjut yn it Gryksk "sinesapel". Dat, sa seit er, Millers en Portokalos' sjogge der wat oars út, mar eins binne se allegear fruchten. Dêrnei ferrasse hy en Maria it breidspear troch harren in hûs as houliksgeskink te jaan. Toula is troch dat gebeart fan har heit mei stomheid slein. Nei de taspraken wurdt der dûnse, wêrby't Toula yn in voice-over fertelt dat har famyljeleden dan lûdroftich, nuver en wat dramatysk wêze meie, mar dat se wit dat se fan har hâlde en der altyd foar har wêze sille.

Yn in koarte epilooch is it seis jier letter. Ian en Toula geane út harren hûs (dat tafalligerwize fuort njonken dat fan Gus en Maria blykt te stean) om harren dochter nei Grykske les te bringen. It famke woe har frije tiid leaver oars besteegje, krekt sa't Toula dat as bern sels woe doe't se fan har âldelju op Grykske les moast. Mar Toula treastget har troch te sizzen dat se fan har letter trouwe mei mei wa't se mar wol.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Fotoula "Toula" Portokalos Nia Vardalos
Ian Miller John Corbett


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Kostas "Gus" Portokalos Michael Constantine
Maria Portokalos Lainie Kazan
muoike Voula Andrea Martin
Nick Portokalos Louis Mandylor
nicht Nikki Gia Carides
omke Taki Gerry Mendicino
neef Angelo Joey Fatone
yiayia ("beppe") Bess Meisler
Athena Portokalos Stavroula Logothettis
Mike, de bêste freon fan Ian Ian Gomez
Rodney Miller Bruce Gray
Harriet Miller Fiona Reid
buorfrou White Jayne Eastwood

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untwikkeling en preproduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

My Big Fat Greek Wedding begûn as in ienmanstoanielstik, dat skreaun en spile waard troch Nia Vardalos, in Kanadese fan etnysk Gryksk komôf út Winnipeg yn Manitoba. Dat waard yn 'e simmer fan 1997 seis wiken efterinoar opfierd yn it Hudson Backstage Theatre yn Los Angeles. It stik wie basearre op Vardalos har eigen famylje en har ûnderfinings doe't se mei in net-Grykske man troude (te witten: akteur Ian Gomez, dy't yn 'e film de rol spile fan Mike, de bêste freon fan Ian). It toanielstik wie populêr en hast alle foarstellings wiene útferkocht, wat benammen te tankjen wie oan Vardalos har strategy om der reklame foar te meitsjen yn 'e Gryksk-otterdokse tsjerken yn Los Angeles. In stikmannich filmprodusinten en oare heechpleatste persoanen út 'e filmyndustry fan Hollywood seach it stik ek, ûnder wa aktrise Rita Wilson, dy't sels fan Gryksk komôf is. Hja beprate har man, de ferneamde akteur Tom Hanks, om der ek hinne te gean.

Neitiid hie Vardalos ferskate moetings mei filmprodusinten dy't belangstelling hiene om in film op basis fan har toanielstik te meitsjen. Dêrta sette se sels útein mei it skriuwen fan in senario. Mar de moetings smieten neat op om't de produsinten sûnder útsûndering dingen oan it ferhaal feroarje woene dy't Vardalos essinsjeel achte. Sa woene se de plot nei eigen smaak oanpasse en de etnisiteit fan 'e famylje feroarje fan Gryksk yn Latino. Ek woene se Vardalos sels net yn 'e haadrol caste, mar in bekende aktrise, lykas Marisa Tomei. Vardalos woe dêr neat fan witte, dat it liek derop dat der gjin film komme soe, oant se twa moannen nei ôfrin fan 'e opfierings fan it toanielstik opskille waard troch Playtone, de filmstudio fan Hanks. Dy stimde net inkeld yn mei it soarte film dat Vardalos meitsje woe, mar brocht har toanielstik begjin 1998 ek op 'e nij op 'e planken yn Los Angeles, diskear yn it folle gruttere Globe Theatre.

Yn 2000, doe't se yn Toronto mei de preproduksje fan My Big Fat Greek Wedding dwaande wiene, giene Vardalos en Playtone-produsint Gary Goetzman op in stuit nei in bar ta. Dêr hearden se akteur John Corbett, dy't yn Toronto wie foar de opnamen fan 'e film Serendipity, tsjin in freon kleien oer it feit dat er it skript fan My Big Fat Greek Wedding lêzen hie, mar troch it drokke filmskema gjin tiid fine kinnen hie om foar dy film audysje te dwaan. Dêrop sprieken Vardalos en Goetzman him oan en beaen him doe en dêr de rol fan Ian Miller oan, dy't er oannaam. De regisseur fan 'e film waard de ûnbekende Joel Zwick, wylst behalven Goetzman en Tom Hanks ek Rita Wilson as filmprodusint yn it projekt behelle waard, foar de filmstudio's Playtone, Gold Circle Films, HBO Films en MPH Entertainment. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jeffrey Jur, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alexander Janko en Chris Wilson. Foar de film wie in budget fan $5 miljoen beskikber.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it ferhaal fan Vardalos eins oer de Grykske mienskip yn Winnipeg gie, waard it foar de film ferpleatst nei Chicago om in Amerikaansk filmpublyk mear oan te sprekken. De opnamen fûnen op lokaasje yn Chicago en Toronto plak. De Ryerson Universiteit en de etnysk Grykske wyk Greektown, beide yn Toronto, komme prominint yn 'e film foar. It hûs fan 'e Portokalos-famylje, dat yn it echt ek foarsjoen is fan 'e stânbylden en oare fersiering, stiet yn East York, in oare wyk fan Toronto.

De etnysk Grykske wyk Greektown, yn Toronto, waard brûkt foar in diel fan 'e opnamen fan My Big Fat Greek Wedding.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan My Big Fat Greek Wedding waard fersoarge troch IFC Films. Nei in earste fertoaning yn febrewaris 2002 iepene de film op 19 april fan dat jier yn in beheind tal Amerikaanske bioskopen. Geandewei de simmer, neigeraden dat de film mear súkses krige, waard dat oantal hieltyd fierder útwreide. Fan 16 augustus 2002 ôf draaide er ek yn 'e Kanadeeske bioskopen. Yn 2012 waard My Big Fat Greek Wedding ta gelegenheid fan it tsienjierrich bestean útbrocht op dvd en blu-ray, mei as bonusmateriaal ferskate net yn 'e úteinlike film opnommen sênes en in tritich minuten duorjend retrospektyf fan Vardalos en Corbett.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat My Big Fat Greek Wedding in frij heech goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 129 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't er soms oanfielt as in ôflevering út in komeedzjesearje, is [dizze film] goedhertich, ynnimmend en hearlik eksintryk, mei in skerp senario en optreden fan Nia Vardalos." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle My Big Fat Greek Wedding in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 29 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

My Big Fat Greek Wedding die it net sa geweldich fuort nei't er yn 'e bioskopen iepene wie, mar dat feroare geandewei. Uteinlik ûntjoech de film him ta in trochslaand súkses, dat yn 'e Feriene Steaten en Kanada $241,4 miljoen opbrocht en yn alle oare lannen en territoaria $127,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de totale opbringst dêrmei út op $368,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $5 miljoen betsjut dat in winst fan krapoan $364 miljoen, al moasten dêr de marketingkosten noch fan ôf. De film wie dêrmei de meast opbringende romantyske komeedzje aller tiden. Yn Noard-Amearika wie My Big Fat Greek Wedding fierders de meast opbringende film ea dy't nea de bêst besochte film west hie dy't yn 'e bioskopen draaide, oant dat rekôr yn 2016 ferbrutsen waard troch Sing. (Oanpast foar ynflaasje bliuwt My Big Fat Greek Wedding lykwols Sing op dat punt noch altyd foar.) My Big Fat Greek Wedding wie ien fan 'e meast winstjaande films aller tiden, mei in winstsaldo fan 6150% yn ferhâlding ta de produksje- en marketingkosten.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

My Big Fat Greek Wedding wûn yn 2002 de Satellite Award foar bêste film (musical of komeedzje), en ek de People's Choice Award foar favorite komeedzjefilm. De film waard fierders nominearre foar de Golden Globe foar bêste film (musical of komeedzje) en de People's Choice Award foar favorite film. De cast waard nominearre foar de Screen Actors Guild Award en de Critics' Choice Award foar bêste cast. Nia Vardalos waard nominearre foar de Oscar foar bêste orizjinele senario, de Critics' Choice Award foar bêste senarioskriuwer, de Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje en de MTV Movie Award foar bêste trochbraak fan in aktrise.

Kontroverse[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De cast fan My Big Fat Greek Wedding (útsein Nia Vardalos, dy't as senarioskriuwster-haadrolspylster in apart kontrakt hie) en filmstudio Playtone spanden neitiid in rjochtsaak oan tsjin produksjebedriuw Gold Circle Films foar harren oandiel yn 'e winst. Se bewearden dat Gold Circle "Hollywood-boekhâldmetoaden" brûkte om sa min mooglik fan 'e winst útkeare te hoegen.

Franchise[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It súkses fan My Big Fat Greek Wedding late ta it ûntstean fan 'e My Big Fat Greek Wedding-mediafranchise. Yn 2003 kaam der op basis fan 'e film in searje op 'e tillefyzje, mei as titel My Big Fat Greek Life. Dêryn waard troch it meastepart fan 'e akteurs deselde rollen spile. John Corbett wie net yn 'e searje te sjen, mar waard ferfongen troch Steven Eckholdt, mei't Corbet al oare ferplichtings oangien wie. De searje die it net goed en waard troch resinsinten bekritisearre om 'e serieuze toan, dy't net oansleat by de komyske ferwikkelings yn 'e film. Der waarden sadwaande mar sân ôfleverings makke.

Yn 2014 waard úteinset mei de preproduksje fan in ferfolchfilm, wêryn't Vardalos en Corbett beide wer fan 'e partij wêze soene. Dy film kaam yn maart 2016 yn 'e bioskopen ûnder de titel My Big Fat Greek Wedding 2. Kwa resultaat koe it de earste film net belykje, mar dochs waard it in beskieden súkses.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.