Springe nei ynhâld

My Big Fat Greek Wedding 2

Ut Wikipedy
My Big Fat Greek Wedding 2
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Kirk Jones
produsint Gary Goetzman
Tom Hanks
Rita Wilson
senario Nia Vardalos
kamerarezjy Jim Denault
muzyk Christopher Lennertz
filmstudio Gold Circle Films
HBO Films
Playtone
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Nia Vardalos
Michael Constantine
Lainie Kazan
voice-over Nia Vardalos
byrollen John Corbett
Elena Kampouris
Andrea Martin
Louis Mandylor
Gia Carides
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 15 maart 2016
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk (ek wat Gryksk)
spyltiid 94 minuten
budget en resultaten
budget $18 miljoen
opbringst $88,9 miljoen
filmsearje
filmsearje My Big Fat Greek Wedding
● foarich diel My Big Fat Greek Wedding

My Big Fat Greek Wedding 2 is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2016 ûnder rezjy fan Kirk Jones, mei yn 'e haadrollen Nia Vardalos, Michael Constantine, Lainie Kazan, John Corbett en Elena Kampouris. De film is in ferfolch op it tige súksesfolle My Big Fat Greek Wedding út 2002. Yn it ferhaal keart de hiele lûdroftige, bemuoisike, etnysk Grykske famylje fan Toula Portokalos werom. Wylst Toula sels swierrichheden hat om har teenerdochter Paris los te litten, ûntdekt har heit Gus ta syn ûntsteltenis dat syn houlik mei syn frou Maria net jildich is en dat se fyftich jier yn sûnde libbe hawwe. My Big Fat Greek Wedding 2 krige lauwe resinsjes fan 'e filmkritisy en die it lang sa goed net as de earste film, mar waard dochs in beskieden kommersjeel súkses.

Achttjin jier nei har brulloft mei har man Ian (sjoch: My Big Fat Greek Wedding) wurket Toula Portokalos Miller wer yn it restaurant fan har heit yn Chicago. Har reisburo hat nammentlik de Bankekrisis net oerlibbe. Sy en Ian hawwe in dochter, Paris, dy't santjin jier is en op 'e middelbere skoalle sit dêr't Ian direkteur fan is. Paris is dwaande mei har lêste jier op skoalle en riedt har ta om te studearjen. Se fielt har ferstikt troch har grutte, lûdroftige en tige bemuoisike etnysk Grykske famylje. Har mem, dy't achttjin jier lyn krekt-en-gelyk oer har famylje tocht, is meitiid ûnderdiel fan it probleem wurden: it falt har tige swier om har dochter los te litten, en troch har krampeftich fêsthâlden set Paris har wat langer wat mear tsjin har ôf. Yn 'e hoop dat ôfstân wat privacy en selsstannigens opsmite sil, tsjinnet Paris talittingsoanfragen yn by universiteiten yn 'e hiele Feriene Steaten. It slagget Toula om dêr net oer yn panyk te reitsjen om't dêr ek de Noardwestlike Universiteit by sit, fuortby Chicago.

Toula har obsessive ferlet om ûnderdiel fan it libben fan har dochter út te meitsjen en alles te 'reparearjen' dat misbeteart yn har grutte famylje, hat ta spannings yn it houlik fan har en Ian laat. Op oanrieden fan muoike Voula besykje se de sjeu yn harren relaasje werom te finen troch wer mei-inoar op ôfspraakjes te gean, as wiene se noch net troud. Mar it iennichste ûnderwerp fan petear dat se betinke kinne is harren dochter.

Underwilens hat Toula har eksintrike heit Kostas (ropnamme Gus) himsels oanpraten dat er in direkte ôfstammeling fan Aleksander de Grutte wêze moat. As syn famylje en freonen dat idee fuortlaitsje, makket dat him allinnich mar koppiger. Hy wol in stambeamwebside op it ynternet oanskriuwe om syn teory befêstige te krijen, mar as er dêrta syn offisjele papierren trochrint, ûntdekt er ta syn ûntsetting dat syn houlikssertifikaat net ûndertekene is troch de Gryksk-otterdokse preester dy't it houlik sletten hat. Dat betsjut dat it houlik yn prinsipe ûnjildich is en dat hy en syn frou Maria al mear as fyftich jier yn sûnde libje. Hy besiket de hjoeddeistige preester fan syn tsjerke safier te krijen dat dy it houlikssertifikaat mei weromwurkjende krêft temûk noch ûndertekenet, mar dy leit him út dat dat net kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Uteinlik moat Gus oan Maria opbychtsje hoe't it sit. Hy ferwachtet dat se poer wêze sil, mar ynstee rôlet se suver oer de grûn fan it laitsjen. Gus wol harren no gau-gau mei sa min mooglik roftberens trouwe litten. As se oer de saak neiprakkesearre hat, beslút Maria lykwols dat dit in útlêzen kâns is om 'e trouwerij nochris goed oer te dwaan, mei alles derop en deroan dat se de earste kear troch oarlochsomstannichheden en earmoede misse moast, te begjinnen mei in korrekt houliksoansyk fan Gus. Dy wegeret lykwols mei te wurkjen oan wat er as in ûnnoazele poppekast beskôget. It liedt ta in heechoprinnende rûzje tusken man-en-wiif: Maria wegeret te trouwen oant Gus har in fatsoenlik oansyk dien hat, en Gus wegeret dat te dwaan om't se neffens him al troud binne, dat it spul rekket yn in ympasse. Dat alles ta alteraasje fan Toula, har broer Nick, har suster Athena en de rest fan 'e famylje, dy't him der fansels wer út en tenei mei bemuoie moat.

Let op in jûn komt Gus fêst te sitten yn 'e badkûp om't syn heup op 't slot sketten is. (Hy sit dêrfoar op fysioterapy, mar is te eigenwiis om 'e oefenings te dwaan.) Ian, Nick, neef Angelo en Athena har man moatte de grouwe, neaken âldman út it bad tille, wat by de fjouwer jongere mannen ta in trauma liedt troch de dingen dy't se dêrby sjoen hawwe. Gus rekket nei it sikehûs ta, mar Maria wegeret mei te gean yn 'e ambulânse om't dat foarbeholden is oan famylje, en sy binne ommers net troud. As er op dy wize yn 'e pine set wurdt, jout Gus einlings en te'n lêsten ta en freget Maria, lizzend op 'e brankaar, om mei him te trouwen. Se jout him tawurd en giet mei him nei it sikehûs ta.

Noch foar't Gus goed en wol wer thús is, begjint Maria plannen te meitsjen foar de trouwerij dy't se nea hân hat. Dêrta nimt se in weddingplanner yn 'e earm, dy't lykwols ûntslach nimt as blykt dat de winsken fan 'e lûdroftige famylje rjocht yngeane tsjin har gefoel foar smaak. Foar Gus is dat in ferromming, want hy siet al mei de hannen yn it hier om't er net wist hoe't er betelje moast foar de trouwerij dy't Maria hawwe woe. Nei't de weddingplanner opstapt is, pakt de hiele famylje, Ian syn âldelju Rodney en Harriet en Angelo syn sakepartner Patrick ynbegrepen, ta om 'e trouwerij dochs mooglik te meitsjen. Under de tariedings trunet Nick Angelo oan om einlings út 'e kast te kommen en syn âlden, muoike Voula en omke Taki, en syn suster Nikki te fertellen dat Patrick net inkeld syn sakepartner is. As er al syn moed gearskrabet om dat te dwaan, docht bliken dat se it al lang wisten, en allinne mar wachten oant er ree wie om it harren te fertellen. Patrick wurdt daliks yn 'e famylje opnommen. Underwilens arrivearret út Grikelân wei Panos Portokalos, de ferfrjemde broer fan Gus, dy't troch de famylje by wize fan ferrassing foar de trouwerij útnûge is. Ian en Nick witte Gus te bepraten om 'e rûzje mei syn broer by te lizzen.

Wylst it hiele trelit mei de trouwerij fan har pake en beppe geande is, hat Paris te hearren krigen dat se talitten is ta sawol de Noardwestlike Universiteit yn Evanston, fuortby Chicago, as ta de Universiteit fan New York yn New York. Om it har mem nei 't sin te meitsjen kiest se foar de Noardwestlike Universiteit, en se hâldt út dat se bliid is net safier fuort te hoegen. Mar har oerbeppe, Gus syn mem, dy't frijwol nea in stom wurd uteret, seit no ynienen dat se harsels foarliicht. Op har skoalle tsjocht Paris de dryste skuon oan en freget se Bennett, in jonge op wa't se al langere tiid fereale is, om mei har nei de prom, it skoaldûnsfeest, te gean. Op 'e prom docht bliken dat Bennett ek út in famylje fan Grykske ymmigranten komt, dy't neffens him noch gekker en lûdroftiger is as harres. Om't de prom op deselde jûn is as de trouwerij fan Gus en Maria, moat Paris dat barren misse, mar se ûnthjit om letter op 'e resepsje te kommen.

Underweis nei de trouwerij meitsje Gus, Panos en Taki in flesse ouzo lytsman, mei as gefolch dat se oansketten yn tsjerke arrivearje. As Maria dat sjocht, stoarmet se lulk fuort nei de konsistoarje, om't se kwetst is trochdat Gus de trouwerij blykber net serieus nimt. It slagget Toula, Athena, Nikki en Voula net om har oer te heljen troch te gean mei de trouwerij, mar as Panos har fertelt dat Gus him yn fertrouwen meidielt hat hoefolle oft er fan Maria hâldt, fermurwet har dat. De trouwerij kin dan dochs noch trochgean. Wylst Gus en Maria op 'e nij trouwe, fernije Ian en Toula stilwei harren eigen houliksûnthjitten yn 'e pei fan it tsjerkegebou, wylst op datselde momint op 'e prom Paris en Bennett inoar foar it earst tútsje ûnder in romantyske dûns.

Op 'e resepsje, dêr't ek Paris en Bennett oanwêzich binne, dy't no ferkearing hawwe, jout Toula har heit in brief dat kommen is fan 'e stambeamwebside. Gus is alhiel feringele as dêryn syn teory befêstige wurdt dat er in ôfstammeling fan Aleksander de Grutte is. Ian is de iennichste dy't trochhat dat Toula de útkomst fan it stambeamûndersyk ferfalske hat om har heit bliid te meitsjen.

Yn 'e lêste sêne fan 'e film komt Paris yn 'e studinteflat op 'e kampus fan 'e Universiteit fan New York yn 'e kunde mei har keamergenoate. Dat liket in sympatyk famke, mar se is wat ûntrêstge troch de hiele Portokalos-famylje dy't yn 'e keamer gearklofte is om Paris dêr ôf te setten.

Nia Vardalos.
Lainie Kazan.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Fotoula "Toula" Portokalos Miller Nia Vardalos
Kostas "Gus" Portokalos Michael Constantine
Maria Portokalos Lainie Kazan


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ian Miller John Corbett
Paris Miller Elena Kampouris
muoike Voula Andrea Martin
Nick Portokalis Louis Mandylor
nicht Nikki Gia Carides
omke Taki Gerry Mendicino
neef Angelo Joey Fatone
yiayia ("beppe") of mana yiayia ("oerbeppe") Bess Meisler
Athena Portokalis Stavroula Logothettis
Mike, de bêste freon fan Ian Ian Gomez
omke Panos Portokalos út Grikelân Mark Margolis
Bennett Alex Wolff
Rodney Miller Bruce Gray
Harriet Miller Fiona Reid
Patrick, Angelo syn feint Jeff White
George, in nije Grykske buorman John Stamos (cameo)
Anna, de frou fan George Rita Wilson (cameo)
fertsjintwurdiger fan 'e Noardwestlike Universiteit Rob Riggle (cameo)
buorfrou White Jayne Eastwood
buorfrou Marge Kathy Greenwood
brulloftplanner Ashleigh Rains

My Big Fat Greek Wedding 2 waard regissearre troch Kirk Jones, dy't ek ferantwurdlik wie foar Nanny McPhee en What to Expect When You're Expecting. Hy wurke op basis fan in senario fan Nia Vardalos. De film wie in ferfolch My Big Fat Greek Wedding, út 2002, wêrfan't it senario ek troch Vardalos skreaun wie. Dat wie in tige populêre film, en Vardalos sei letter yn in fraachpetear dat se jierrenlang yn kafees en kofjehuzen oansprutsen wie troch fans dy't in idee foar in ferfolchfilm hiene. Uteinlik besleat se pas yn 2012, nei't se meiwurke hie oan in weromblik op 'e earste film, om yndie in ferfolch te meitsjen. Yn 2014 waard bekendmakke dat My Big Fat Greek Wedding 2 yn preproduksje nommen wie.

Krekt as by de earste film fungearren Gary Goetzman, Tom Hanks en Rita Wilson as produsinten, yn opdracht fan 'e filmstudio's Gold Circle Films, HBO Films en Playtone. De opnamen setten op 10 maaie 2015 útein yn Toronto en einigen op 28 juny fan dat jier. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jim Denault en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christopher Lennertz. Foar My Big Fat Greek Wedding 2 wie in budget fan $18 miljoen beskikber. De foltallige cast fan 'e earste film wie yn it ferfolch nei fjirtjin jier wer yn 'e âlde rolferdieling te sjen.

De distribúsje fan My Big Fat Greek Wedding 2 waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 15 maart 2016 yn New York yn premiêre, wêrnei't er op 25 maart yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. My Big Fat Greek Wedding 2 waard op 21 juny 2016 útbrocht op dvd en blu-ray.

My Big Fat Greek Wedding 2 krige lauwe resinsjes fan 'e filmkritisy. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in leech goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 172 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "My Big Fat Greek Wedding 2 is like skattich en ûnskealik as it orizjineel, mar dizze samling grappen en stereotypen dy't net misstien hie yn in komeedzjesearje ûntjout him nea ta eat dat liket op in ferhaal mei in doel." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle My Big Fat Greek Wedding 2 in goedkarringspersintaazje fan 37%, basearre op 32 resinsjes. Amerikaanske bioskoopgongers dy't nei ôfrin fan it bioskoopbesyk befrege waarden, joegen de film lykwols in 9 op in skaal fan 1 oant en mei 10.

Yn de Feriene Steaten ûnderfûn My Big Fat Greek Wedding 2 yn 'e bioskopen benammen konkurrinsje fan de superheldefilm Batman v Superman: Dawn of Justice en fan de tekenfilm Zootopia. Yn Noard-Amearika brocht My Big Fat Greek Wedding 2 $59,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $29,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $88,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $18 miljoen betsjutte dat in winst fan $70,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch fan ôfmoasten. Dêrmei wie My Big Fat Greek Wedding 2 in beskieden kommersjeel súkses.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.