Psychologysk trauma

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Trauma (psychysk letsel))

In psychologysk trauma of psychotrauma is it psychyske letsel dat immen oprint oan syn of har geast troch in aaklike ûnderfining of in rige fan sokke ûnderfinings. Oarsaken fan dit soarte psychyske oandwaning kinne bygelyks wêze: oanhâldende geastlike mishanneling, oanhâldend narjen, ferskate opinoar folgjende gefallen fan diskriminaasje en/of rasisme, ûnderfinings yn oarlochssitewaasjes en geastlik letsel dat mank giet mei it ûndergean fan fysyk letsel by gefallen fan mishanneling, seksuele oantaasting of ferkrêfting. Sokke foarfallen feroarsaakje by it slachtoffer sa'n protte stress dat hy of sy dêr net mear mei omgean kin. Lykwols rint lang net eltsenien by eltse traumatyske ûnderfining in psychologysk trauma op. In tige bekende en in soad foarkommende foarm fan in psychologysk trauma is it posttraumatysk stress-syndroom. In oare foarm is it akút stress-syndroom.

Symptomen fan in psychologysk trauma binne hyperaktivearring, twangmjittich werbelibjen fan 'e traumatyske ûnderfining, dissosjaasje, ferkringing, eangstreäksjes en ferflakking. It slachtoffer ûnderfynt dêrby in skansearre selsbyld, in feroaring fan 'e bewustwêzenstastân, in fertekene belibjen fan 'e wurklikheid, en in feroare takomstbesef. Hoe slim oft immen troffen wurdt troch in psychologysk trauma hinget ôf fan in stikmannich faktoaren, lykas it aard fan 'e traumatyske ûnderfining, de geastlike warberens fan it slachtoffer, de stipe dy't it slachtoffer ûnderfynt fan syn of har sosjaal om-en-by, en it hanneljen fan 'e mienskip. Wat dat lêste oangiet, kin in psychologysk trauma bgl. oanboazje yn gefallen fan victim blaming. In psychologysk trauma kin opbetterje troch slachtoffersoarch, slachtofferhelp of slachtofferterapy. Yn beskate earnstige sitewaasjes kin der ek sprake wêze fan krisishelpferliening.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.