Nia Vardalos
Nia Vardalos | ||
akteur | ||
Nia Vardalos yn 2011. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Antonia Eugenia Vardalos | |
nasjonaliteit | Kanadeesk Amerikaansk | |
berne | 24 septimber 1962 | |
berteplak | Winnipeg (Manitoba) | |
etnisiteit | Gryksk | |
jierren aktyf | 1996 – no | |
offisjele webside | ||
Nia Vardalos op Twitter |
Nia Vardalos (folút: Antonia Eugenia Vardalos, Gryksk: Αντωνία Ευγενία Βαρντάλου; Winnipeg, 24 septimber 1962) is in Kanadeesk-Amerikaansk aktrise, senarioskriuwster, regisseur en tillefyzjeprodusinte fan etnysk Gryksk komôf. Hja krige yn 2002 wrâldwiid bekendheid troch it ûnbidige súkses fan har film My Big Fat Greek Wedding. Neitiid spile se yn ferskate tillefyzjesearjes en yn minder súksesfolle films, lykas I Hate Valentine's Day, My Life in Ruins en My Big Fat Greek Wedding 2.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vardalos waard yn 1962 berne yn Winnipeg, de haadstêd fan 'e Kanadeeske provinsje Manitoba, as de dochter fan etnysk Grykske âlden. Har heit, Constantine "Gus" Vardalos, wie in lânskipsarsjitekt dy't sels te wrâld kommen wie yn it Grykske Kalavryta. Har mem, Doreen Christakos, wie boekhâldster en húsfrou. Vardalos genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Shaftesbury High School yn Winnipeg en studearre neitiid oan 'e Ryerson Universiteit yn Toronto.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vardalos begûn har karriêre as aktrise op it toaniel. Sa spile se û.m. by it toanielselskip The Second City, út Chicago, dat him talei op 'e opfiering fan komyske revu's. Vardalos spile yn en skreau sketches foar mear as tsien fan dy revu's. Dêrmei wûn se de Joseph Jefferson Award foar bêste aktrise fan Chicago. Fan 1996 ôf spile Vardalos ek yn tillefyzjesearjes en films. Sa hie se gastrollen yn komeedzjesearjes as The Drew Carey Show en Two Giys and a Girl. Yn 1996 wie se dêrnjonken as stimaktrise belutsen by de opfiering fan in harkspul op basis fan 'e film Star Wars Episode VI: Return of the Jedi, yn in bewurking fan Brian Daley foar NPR.
Yn 1997 brocht Vardalos yn Los Angeles in ienmanstoanielstik op 'e planken oer har eigen Grykske famylje en har ûnderfinings doe't se mei in net-Grykske man troude (akteur Ian Gomez). It toanielstik wie populêr en hast alle foarstellings wiene útferkocht, wat benammen te tankjen wie oan Vardalos har strategy om der reklame foar te meitsjen yn 'e Gryksk-otterdokse tsjerken yn Los Angeles. In stikmannich filmprodusinten en oare heechpleatste persoanen út 'e filmyndustry fan Hollywood seach it stik ek, ûnder wa aktrise Rita Wilson, dy't sels fan Gryksk komôf is. Hja beprate har man, de ferneamde akteur Tom Hanks, om der ek hinne te gean. Playtone, de filmstudio fan Hanks, produsearre neitiid in film op basis fan it toanielstik, nei in senario fan Vardalos en mei harsels en John Corbett yn 'e haadrollen. Dat wie My Big Fat Greek Wedding, dy't yn 2002 yn 'e bioskopen kaam en in reuseftich súkses waard dat Vardalos wrâldwiid bekendheid skonk. Hja wûn foar har aktearjen in Independent Spirit Award en waard nominearre foar in Oscar (foar bêste senario), in Golden Globe (foar bêste aktrise) en twa Satellite Awards (foar bêste aktrise en bêste senario).
Op 'e wjukken fan har súkses presintearre Vardalos yn 'e hjerst fan 2002 op 'e Amerikaanske tillefyzje in ôflevering fan 'e ferneamde sketchshow Saturday Night Live. Der kaam ek in tillefyzjesearje op basis fan 'e film, mei as titel My Big Fat Greek Life, mar dy wie mar in koart libben beskern. De folgjende film fan Vardalos, dy't yn 2004 útkaam, wie Connie and Carla, in musical oer twa froulju dy't harren foardogge as travestiten. Har debút as regisseur makke Vardalos yn 2009 mei de ûnôfhinklike film I Hate Valentine's Day, oer in blommiste dy't twongen wurdt har selsopleine regels oangeande de leafde op 'e nij te besjen. Datselde jiers kaam der noch in film fan Vardalos út, My Life in Ruins, wêryn't se in Amerikaanske reisliedster yn Grikelân spilet dy't gelok yn 'e leafde en it libben fynt. Yn dy film wie ien fan har tsjinspilers Oscarwinner Richard Dreyfuss. It wie de earste Amerikaanske produksje dy't tastimming krige om by de Akropolis yn Atene te filmjen.
Yn 2011 wurke Vardalos gear mei Tom Hanks by it skriuwen fan 'e romantyske komeedzje Larry Crowne. Se liende har stim yn 'e film ek oan it personaazje Map Genie. Yn 'e jierren dêrnei spile Vardalos yn films as For a Good Time, Call… (2012), An American Girl: McKenna Shoots for the Stars (2012), Dealin' with Idiots (2013) en Helicopter Mom (2014). Ek hie se gastrollen yn 'e sikehûssearje Grey's Anatomy, de plysjesearje Law & Order: Special Victim's Unit en de komeedzjedramasearje Jane the Virgin. Fan 2015 oant 2019 spile se fierders as stimaktrise de rol fan Angie Diaz yn 'e tekenfilmsearje Star vs. the Forces of Evil. Ek presintearre se mei har man Ian Gomez twa bakwedstriden foar it tillefyzjenetwurk ABC: yn 2015 The Great Holiday Baking Show en yn 2016 en 2017 The Great American Baking Show.
Vardalos adaptearre it boek Tiny Beautiful Things fan Cheryl Strayed yn 2016 ta in toanielstik, dat ûnder rezjy fan Thomas Kail op Broadway op 'e planken brocht waard en treflike resinsjes krige. Datselde jiers kaam ek it langferwachte ferfolch op Vardalos har grutte súkses út: de film My Big Fat Greek Wedding 2. Dêryn wie sechstjin jier nei de earste film de hiele oarspronklike cast wer fan 'e partij. De film mocht der wêze, mar die it by lange nei net sa goed as it orizjineel. Yn 2018 hie Vardalos in gastrol yn in ôflevering fan 'e searje Crazy Ex-Girlfriend. Yn 2019 spile se yn 'e tillefyzjefilm Same Time, Next Christmas. Se fertolke yn 2020 de rol fan 'e fergiftichster Stacey Castor yn 'e tillefyzjefilm Poisoned Love: The Stacey Castor Story.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vardalos troude yn septimber 1993 mei de Amerikaanske akteur Ian Gomez. Dêrtroch krige se njonken har eigen Kanadeeske steatsboargerskip ek de Amerikaanske nasjonaliteit. Sy en har man adoptearren yn 2009 in dochter. Dêroer skreau Vardalos in boek, Instant Mom, dat yn 'e bestsellerlist fan The New York Times kaam. De opbringst skonk se oan it goede doel. Vardalos naam yn har boek ek praktyske ynformaasje op, en sosjaal wurkers yn 'e Feriene Steaten rûsden oan 'e ein fan 'e 2010-er jierren dat dêrtroch 1.700 bern adopsje-âlden fûn hiene. Yn juny 2017 giene Vardalos en Gomez útinoar yn in skieding fan tafel en bêd om't harren leafde belune wie ta freonskip. Op 3 july 2018 fregen se nei in houlik fan 23 jier in formele skieding oan.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1996 | No Experience Necessary | Sheila | |
1997 | Men Seeking Women | Iris | |
1999 | Meet Prince Charming | Jennifer | |
2002 | My Big Fat Greek Wedding | Toula Portokalos | ek senarioskriuwster as aktrise: - Independent Spirit Award foar bêste debútoptreden - nom. foar de Golden Globe foar bêste aktrise yn in komeedzje of musical - nom. foar de Screen Actors Guild Award foar treflike prestaasje fan in cast yn in film - nom. foar de Satellite Award foar bêste aktrise yn in komeedzje of musical - nom. foar de MTV Movie Award foar froulike trochbraakrol as senarioskriuwster: - American Screenwriters Association Discover Screenwriting Award - nom. foar de Oscar foar bêste orizjinele senario - nom. foar de Satellite Award foar bêste adaptearre senario - nom. foar de Writers Guild of America Award foar bêste orizjinele senario |
2004 | Connie and Carla | Connie | ek senarioskriuwster |
2006 | Greece: Secrets of the Past | n.f.t. | voice-over by in dokumintêre |
2009 | I Hate Valentine's Day | Genevieve Gernier | ek senarioskriuwster en regisseur |
2009 | My Life in Ruins | Georgia Yanokoupolis | ek senarioskriuwster (mei Mike Reiss) |
2011 | Larry Crowne | Map Genie | as stimaktrise; ek senarioskriuwster (mei Tom Hanks) |
2012 | An American Girl: McKenna Shoots for the Stars | frou Brooks | |
2012 | For a Good Time, Call… | Rachel Rodman | |
2013 | Dealin' with Idiots | Ava Morris | |
2014 | Helicopter Mom | Maggie | |
2015 | Car Dogs | Sharon | |
2016 | My Big Fat Greek Wedding 2 | Toula Porotkalos | ek senarioskriuwster |
2018 | Charming | Nemeny Neverwish | as stimaktrise |
2019 | Wonder Woman: Bloodlines | Julia Kapatelis | as stimaktrise |
tillefyzje | |||
1996 | High Incident | ôfl. Father Knows Best; net fermeld op ôftiteling | |
1996 | Common Law | ôfl. In the Matter of, Acceptance; net fermeld op ôftiteling | |
1997 | The Drew Carey Show | Grace Almada | ôfl. Strange Bedfellows |
1997–1998 | Team Knight Rider | Domino | as stimaktrise; 22 ôfl. |
1998–1999 | Boy Meets World | frou Gallagher | 2 ôfl.; net fermeld op ôftiteling |
1999 | It's Like, You Know… | Mindy | ôfl. Memories of Me |
1999 | Two Guys and a Girl | Evelyn | ôfl. Career Day |
2000 | Curb Your Enthusiasm | abbekate fan Larry | ôfl. Interior Decorator' |
2002 | Saturday Night Live | n.f.t. | presintatrise; ôfl. Nia Vardalos/Eve |
2003 | My Big Fat Greek Life | Toula Portokalos | 7 ôfl.; ek senarioskriuwster en útfierend produsinte |
2008 | My Boys | Jo | 3 ôfl. |
2009 | Drop Dead Diva | Lisa Shane | ôfl. What If? |
2010 | The Good Guys | Eileen | pilotôflevering |
2011 | Cougar Town | Angela Torres | ôfl. Damaged by Love |
2012 | Grey's Anatomy | Karen | ôfl. Hope for the Hopeless |
2013–2014 | Law & Order: Special Victims Unit | abbekate Minonna Efron | 3 ôfl. |
2015 | Marry Me | Pam | ôfl. Mom Me |
2015–2019 | Star vs. the Forces of Evil | Angie Diaz | as stimaktrise; 10 ôfl. |
2015 | Jane the Virgin | Barbara Stanbrook | ôfl. Chapter Nineteen |
2015 | The Great Holiday Baking Show | n.f.t. | presintatrise fan in bakwedstryd (mei Ian Gomez) |
2016 | The Catch | Leah Wells | 3 ôfl. |
2016 | Graves | Annie Spiro | 7 ôfl. |
2016–2017 | The Great American Baking Show | n.f.t. | presintatrise fan in bakwedstryd (mei Ian Gomez) |
2017 | Dr. Ken | Tiffany | ôfl. Ken's Big Audition |
2018 | DuckTales | Selene | as stimaktrise; 4 ôfl. |
2018 | Crazy Ex-Girlfriend | Wendy Legrand | ôfl. I'm On My Own Path |
2019 | Same Time, Next Christmas | Faye Anderson | tillefyzjefilm |
2020 | Poisoned Love: The Stacey Castor Story | Stacey Castor | tillefyzjefilm |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Nia Vardalos
- (in) Folsleine filmografy fan Nia Vardalos yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Kanadeesk filmakteur
- Kanadeesk telefyzje-akteur
- Kanadeesk toanielakteur
- Kanadeesk stimakteur
- Kanadeesk senarioskriuwer
- Kanadeesk filmregisseur
- Kanadeesk telefyzjeprodusint
- Kanadeesk telefyzjepresintator
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk toanielakteur
- Amerikaansk stimakteur
- Amerikaansk senarioskriuwer
- Amerikaansk filmregisseur
- Amerikaansk telefyzjeprodusint
- Amerikaansk telefyzjepresintator
- Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma
- Kanadeesk persoan fan Gryksk komôf
- Amerikaansk persoan fan Gryksk komôf
- Amerikaansk persoan fan Kanadeesk komôf
- Persoan berne yn 1962