Chaim Potok
Herman Harold (Chaim) Potok (Buffalo, 17 febrewaris 1929 – Merion, 23 july 2002) wie in Joadsk-Amerikaansk skriuwer en rabbyn.
Hy krige út reden fan joadske tradysje ek noch de Hebriuwske nammen Chaim Tzvi ('chaim' betsjut 'libben'). Hy krige otterdoksk ûnderrjocht. It lêzen fan Evelyn Waugh's Brideshead Revisited die him besluten om skriuwer te wurden.
Hy tsjinne as militêr-rabbyn yn de Koreaanske Kriich fan 1955 oant 1957. Yn dy tiid hie er kunde oan leauwige net-joaden en rekke er wat los fan de joadske ortodoksy.
Hy waard fral bekend troch syn debútroman The Chosen (De útkarde) (1967), dy't fuortendaliks in bestseller waard en troch it boek dêrnei The Promise (De Belofte, 1969). The Chosen waard yn 1981 ferfilme en bewurke foat teater.
Dizze twa boeken geane oer de freonskip fan twa joadske jonges; de iene út in strang gassidysk fermidden komt en de oare is liberaal grutbrocht. It tema, de spanning tusken beide wrâlden, wie Potok út eigen ûnderfining bekend. Hy waard opbrocht yn in ortodoks-joadske húshâlding. Syn literêre aspiraasjes feroarsaken in protte wjerstân yn syn fermidden; men wie fan betinken dat er syn tiid wol better brûke koe.
Oare bekende boeken fan Potok binne Myn namme is Asher Lev (1972) en De jefte fan Asher Lev (1990). Dizze boeken hannelje oer itselde tema.
Neist romans skreau er ek toanielstikken, berneboeken, koarte ferhalen en non-fiksje. Teffens wie er de ghostwriter fan de autobiografy fan de Joadsk-Amerikaanske fioelist Isaac Stern.
Tegearre mei rabbyn-skriuwer Harold Kushner hat er yn 2001 ek in wurk oer de Tora útbrocht dat jildt as it nije offisjle Tora-kommintaar fan de konservatyf-joadske rjochting.
Chaim Potok stoar mei 73 jier yn syn hûs yn Pennsylvania oan in breintumor.
Wurk oerset yn it Nederlânsk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Uitverkoren (The Chosen, 1967)
- De Belofte (The Promise, 1969)
- Mijn naam is Asher Lev (My Name is Asher Lev, 1972)
- In den beginne (In the beginning, 1975)
- Omzwervingen (Wanderings, 1978), in skiednis fan it Joodske folk
- Het boek van het licht (The Book of Lights, 1981)
- Davita's Harp (1985)
- De Gave van Asher Lev (The Gift of Asher Lev, 1990)
- Het cijfer zeven (ferhalebondel,1990)
- Het stof der aarde (I Am the Clay, 1992)
- De troopleraar (1992, in hjoeddeisk spûkferhaal)
- Het kanaal (The Canal, 1993)
- Mijn vriend de boom (1993, berneboek)
- De hand van de golem/De oorlogsdokter (1995)
- Mijn oom de piloot (1995, berneboek)
- Isabel en andere verhalen (1998)
- Op zoek naar Ruth (2000, fertelling)
- Oude mannen om middernacht (2001) (De arkenbouwer/ De oorlogsdokter/ De troopleraar)
- De familie Slepak (2001)
- De arkenbouwer (2001)