To Trade the Stars

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
To Trade the Stars
auteur Julie E. Czerneda
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2002, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige The Clan Chronicles
● foarich diel Ties of Power
● folgjend diel This Gulf of Time and Stars
ISBN 0 75 64 00 759

To Trade the Stars is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Julie E. Czerneda. De titel betsjut: "It Ferhanneljen fan de Stjerren" of: "Om de Stjerren te Ferhanneljen". It boek foarmet it trêde en lêste diel fan 'e trilogy The Trade Pact, dy't ta de romansearje The Clan Chronicles heart. Hoewol't it it trêde boek fan 'e dy rige wie, dat publisearre waard, is To Trade the Stars yn 'e ynterne gronology fan The Clan Chronicles it sechsde diel, mei't Czerneda tsien jier letter de prequeltrilogy Stratification skreaun hat. To Trade the Stars fertelt it ferhaal fan Sira di Sarc, in jonge frou fan 'e Clan, dy't tsjin alle tradysjes fan har folk yn in partnerskipsbân oangien is mei de minsklike romteskipskaptein Jason Morgan. De ferhaalline fan Sira is skreaun yn it ik-perspektyf, wylst de oare ferhaallinen yn it personele perspektyf skreaun binne. It boek waard yn 2002 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch foar wat foarôfgie: A Thousand Words for Stranger, § Ynhâld en Ties of Power, § Ynhâld.

Sira di Sarc is in jonge frou fan 'e Clan, in ras fan bûtenierdske wêzens dy't der krekt sa útsjogge as minsken, mar bejeftige binne mei krêftige mentale fermogens dy't û.m. telepaty, telekineze en teleportaasje mooglik meitsje. Nei de rûzige foarfallen yn A Thousand Words for Stranger en Ties of Power liedt hja no in rêstich libben, dat inkeld noch troch jildsoargen pleage wurdt. Mei har partner, de minsklike romteskipskaptein Jason Morgan, reizget se as hanneler by planeten lâns, wylst se hopet har swierrichheden no foargoed efter har litten te hawwe. Mar it ferline lit him net negearje: har eigen net, mar Morgan sines likemin. Underwilens ferbliuwe Sira har suster Rael en har neef Barac op Drapskii, de thúswrâld fan 'e Drapsk (sjoch: Ties of Power), dêr't se besykje de wrâld wer te ferbinen mei de M'hir, it mystike besteansnivo dat de leden fan 'e Clan brûke foar harren mentale fermogens. De planeet wie dêr likernôch in iuw lyn om mysterieuze redens fan losrekke, mar ûnder har eardere ferbliuw op Drapskii hie Sira in begjin makke mei it reparearjen fan dy bân.

De swierrichheden begjinne foar Sira en Morgan as de dwerse Clan-koloanje op 'e planeet Acranam (sjoch: A Thousand Words for Stranger) syn bern útstjoerd om troch de mentale bân, dy't tusken de bern en harren memmen bestiet, eigen rûtes foar teleportaasje oan te meitsjen troch de M'hir hinne nei oare planeten. No is soks fêste wizânsje foar de Clan, mar it ferskil is dat de koloanje op Acranam it temûk docht en de bern net ûnderbringt yn oare Clan-húshâldings, mar se gewoan mank de befolking fan dy planeten libje litte wol, wêrmei't se dus fierhinne oan harren lot oerlitten wurde. Ien fan dy saneamde 'pleechbern' fan Acranam, Ruti di Bowart, wurdt nei it reuseftige romtestasjon Supermerk Plexis ta stjoert, dêr't se fia-fia har wei fynt nei it restaurant fan Morgan syn kreefteftige freon Huido Maarmatoo'kk. Hoewol't se gjin ferbliuwsfergunning hat, fynt Ruti by him ûnderdak, ek al hat Huido al mear as genôch problemen mei de autoriteiten op Plexis. Dy wurde, sûnder dat Huido it wit, feroarsake troch Ren Symon, in âlde fijân út Morgan syn riedseleftige ferline, dy't Morgan nei Plexis ta lokje wol troch syn freon yn 'e swierrichheden te bringen.

No't se lid fan 'e Ried fan 'e Clan is (sjoch: Ties of Power), komme de problemen dy't de koloanje op Acranam feroarsaket op Sira har board telâne. As sy en Morgan hearre oer Huido syn swierrichheden, litte se lykwols alle oare dingen foar wat se binne om earst nei Plexis ta, mar ûnderweis bejout harren romteskip De Sulverne Foks it, sadat se yn 'e mynboukoloanje Kimmcle fêst komme te sitten oant der reparaasjes útfierd wurde. Om't de koerts fan Plexis it romtestasjon deunby Kimmcle brocht hat, kin Sira harsels dêrhinne teleportearje. It plan is dat sy dêr al fêst ris om har hinne sjen sil, wylst Morgan har folgje sil mei de Foks sadree't it romteskip wer gebrûksree is. Ren Symon is lykwols, krekt as Morgan, dy't oarspronklik syn learling wie oant Symon him ferrette, in minsklike telepaat fan seldsum krêftige fermogens. Sira komt him frijwol daliks op it spoar, mar se ûnderskat him en rint yn 'e fâle. Mei apparatuer dy't er fan 'e Drapsk kocht hat, wit er har fermogen ta teleportaasje te ûnderdrukken en kin er har fan Plexis ûntfiere yn in stasiskiste.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens moat Huido, as him de grûn op Plexis te hjit ûnder de fuotten wurdt, de wyk nimme nei Ettlers Planeet, dêr't Morgan in skûladres hat. Hy nimt de jonge Ruti mei, dy't ommers gjin papieren hat. Fierders beävensearret er dat er op Ettlers Planeet Barac treffe sil, dy't sa njonkelytsen skjin syn nocht hat fan 'e Drapsk en Huido syn fraach om help mei beide hannen oangrypt. Huido is him ûnbewust fan 'e oanwêzigens fan Sira op it romtestasjon, mei't de iennichste dy't har sjoen hat, Ruti is, oan wa't Ren Symon him as in freon foardien hie. Yn 'e tuskentiid hat Morgan syn romteskip, mei help fan 'e Heerii, in Drapsk-stamme, wer oan 'e praat witten te krijen. Om't er Sira net mear telepatysk berikke kin, sit er tige yn noed om har. Mar as er op Plexis arrivearret, binne sawol Sira en Symon as Huido en Ruti al lang fuort. Hy pikt op it stasjon lykwols al it spoar fan Symon op, dy't er fertinkt fan belutsenens by de ferdwining fan Sira, en folget dat nei Ettlers Planeet.

Dêre treft er Huido en Ruti yn syn skûladres en as Morgan en Ruti harren witten byinoar dogge, komt oan it ljocht dat Sira yn 'e hannen fan Symon fallen is. Morgan en Huido tsjogge der dan op út om Sira te sykjen, wylst Ruti op it skûladres op Barac wachtet, dy't Huido dêr moetsje soe. Barac arrivearret likernôch tagelyk mei in groepke trewanten fan Symon, dy't derop út binne om Ruti ek te ûntfieren. Barac, dy't noch altyd de earste ferkenner fan 'e Clan is, weeft handich mei dy fijannen ôf, en nimt Ruti dêrnei mei nei in noch geheimer en feiliger hinnekommen fan Morgan dat djip yn 'e woastyn yn 'e rotsen úthoud is. Hy ferwachtet dêr feilich te wêzen, mar as de mentale bân knapt dy't Ruti mei har mem ferbynt, en it fanke har dêrtroch ta in (folwoeksene) Kiezer fan 'e Clan ûntjout, rekket de ûnKeazene Barac yn libbensgefaar om't har fermogens safolle sterker binne as sines en de Kar (it proses wêrby't leden fan 'e Clan in mentale partnerskipsbân oangeane) basearre is op it testen fan 'e fermogens fan ûnKeazenen troch Kiezers. Dat is in ynstinktyf barren, dat Ruti net tsjinhâlde kin, mar wûnder boppe wûnder wit Barac de test te trochstean, mei as gefolch dat hy en Ruti libbenspartners wurde.

Underwilens ûntwekket Sira út har stasis, wêrnei't se ta de ûntdekking komt dat de Heerii har oan Symon ûntfytmanne hawwe. Under har stasissliep hat Sira in stikmannich ûnderdrukte oantinkens weromkrigen, dy't foar it meastepart te krijen hawwe mei in wêzen dat se by harsels 'de Sjonger' neamt, en dat har al sûnt har jonkheid by skoften yn 'e M'hir efterfolget. De Heerii, dy't krekt as de oare Drapsk mear fan 'e M'hir ôf witte as de Clan, hawwe de teory opfetten dat Sira ien wurde moat mei de Sjonger om harren planeet Drapskii wer hielendal mei de M'hir te ferbinen. Se leauwe dat Sira dêr neat fan oerkomme sil, mar Sira is der wis fan dat it har dea betsjutte sil. Tsjin har wil nimme de Heerii har mei nei de planeet 'Wyt', de thúswrâld fan 'e Rugheranen, dy't mear yn 'e M'hir besteane as yn 'e fysike wurklikheid, en dy't op 'e iene of oare manear by dizze saak belutsen binne. Dêr litte se har efter.

De stasiskiste dêr't Sira yn ferfierd waard, is ûnderwilens troch de Heerii by Morgan besoarge, mar as er dy iepenmakket is it net Sira dy't deryn sit, mar Ren Symon. (De Heerii hoopje dat it byinoar bringen fan dy beide âlde fijannen eltse potinsjele rêdingsaksje foar Sira fertraagje sil.) Morgan en Symon geane daliks mei-inoar op 'e fûst, net inkeld fysyk, mar ek mentaal. Mar as Morgan djip yn Symon syn tinzen trochkringt, ûntdekt er dêr de wûnen fan in oare mentale oanfal. Dan komt oan it ljocht dat Symon oarspronklik in mentale genêzer wie, dy't troch syn aktiviteiten (hy genies wat de Clan net genêzen hawwe woe) yn it fizier kaam fan 'e Clan. It wie in lid fan 'e Clan dy't Symon syn geast sa skeinde dat er tenei syn mentale fermogens net mear brûke soe om te genêzen, mar inkeld om kwea te dwaan. No set Morgan syn eigen fermogens yn om syn eardere learmaster te genêzen. Neitiid jout Symon syn eigen libben om derfoar te soargjen dat Morgan op 'e tiid Wyt berikt.

Nei't er Sira befrijd hat fan 'e halsbân mei Drapsk-technology dy't har teleportaasjefermogens ûnderdrukte, lit Morgan blike dat er in earsten keapman is. Hy ûnderhannelet mei de frjemde Rugheranen en wit yn fiif minuten mear ynformaasje út harren te krijen as Sira yn in hiele dei. Dan docht bliken dat de Rugheranen behalven mei Wyt ek in bân hawwe mei Drapskii, in wrâld dy't se yn 'e M'hir as harren koloanje beskôgen. Nei't de Drapsk har dêr nei wenjen set hiene, makken dy't sûnder erch hieltyd mear fan 'e planeet foar de Rugheranen ûntagonklik, mei as gefolch dat de Rugheranen de tagong fan Drapskii ta de M'hir beheinden. De Sjonger, dy't efter Sira oan siet, blykt Drapskii sels te wêzen, in heal-bewust wêzen dat yn 'e M'hir op 'e siik gie nei in bân mei in trêde partij om 'e twasidige belegering troch de Drapsk en de Rugheranen te trochbrekken. Op oanrieden fan Morgan lokket Sira Drapskii nei Wyt ta, wêrnei't de beide planeten yn 'e M'hir ferrane ta ien wêzen. Dy útkomst jout sawol de Drapsk as de Rugheranen tagong ta alles dat se nedich binne.

Werom op Drapskii docht bliken hoe nedich oft dat wie, want foar it earst yn mear as in iuw kinne de Drapsk harren dan fuortplantsje. Underwilens binne alle pleechbern fan Acranam byinoar fandele, dat dat probleem is ek de wrâld út holpen. Wat Sira wol stekt, is dat op Drapskii no de Heerii de stamme binne dy't de hegemony fiert, mei't sy, sa ornearje de Drapsk, it probleem oplost hawwe. Sira is it dêr hielendal net mei iens, mar har argumint dat sy it bestoarn hawwe soe en dat de konneksje fan Drapskii mei de M'hir nea reparearre wêze soe as de Heerii har sin krigen hiene, wurdt troch de Drapsk fuortweaun as in ûnbelangryk detail. Har âlde freon, skeptikus Copelup (no Heepelup), hat him (of har?, mei't it de skeptika binne dy't it neislachte te wrâld bringe) lykwols no ûntjûn ta in lid fan 'e Heerii en sil mei syn no-nonsensehâlding regaad meitsje yn dy stamme. Rael seit him ta dêrby helpe te sillen, nei't se foar it earst yn jierren har libbenspartner Janac opsocht hat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The Clan Chronicles
Stratification: Reap the Wild Wind • Riders of the Storm • Rift in the Sky | The Trade Pact: A Thousand Words for Stranger • Ties of Power • To Trade the Stars | Reunification: This Gulf of Time and Stars • The Gate to Futures Past • To Guard Against the Dark