A Thousand Words for Stranger
A Thousand Words for Stranger | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Julie E. Czerneda | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1997, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | The Clan Chronicles | |
● foarich diel | Rift in the Sky | |
● folgjend diel | Ties of Power | |
kodearring | ||
ISBN | 0 88 67 77 690 |
A Thousand Words for Stranger is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Julie E. Czerneda. De titel betsjut: "Tûzen Wurden foar Frjemdling". It boek foarmet it earste diel fan 'e trilogy The Trade Pact, dy't ta de romansearje The Clan Chronicles heart. Hoewol't it it earste boek fan 'e dy rige wie, dat publisearre waard, is A Thousand Words for Stranger yn 'e ynterne gronology fan The Clan Chronicles it fjirde diel, mei't Czerneda tsien jier letter de prequeltrilogy Stratification skreaun hat. A Thousand Words for Stranger fertelt it ferhaal fan Sira di Sarc, in jonge frou fan 'e Clan, dy't in fiere neikommelinge is fan Aryl Sarc, it haadpersonaazje út 'e Stratification-trilogy. De ferhaalline fan Sira is skreaun yn it ik-perspektyf, wylst de oare ferhaallinen yn it personele perspektyf skreaun binne. It boek waard yn 1997 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]A Thousand Words for Stranger spilet yn 'e fiere takomst yn it Hannelspakt, in konfederaasje fan planeten dy't behearske wurde troch de minskheid en yntelliginte bûtenierdske rassen. It boek begjint op 'e planeet Auord, dêr't in saneamde Oftwinger (fan 'e neilibbing fan 'e wetten fan it Hannelspakt, in soarte fan plysje dus) tsjûge is fan in nachtlike oanfal op 'e strjitte troch in groepke kriminelen op in man en in frou. Dêrby rekket de man ferwûne en bewusteleas; de frou wit te ûntkommen. Neitiid docht bliken dat de slachtoffers gjin minsken binne, mar leden fan de Clan (ek wol bekend as M'hiray): bûtenierdske wêzens dy't fan bûten as twa drippen wetter op minsken lykje, mar dy't eins in hiel oare yntelliginte soarte foarmje, mei mentale fermogens fan û.m. telepaty, telekineze en teleportaasje. (De oanwêzigens fan 'e plysjeman by de oanfal wie dan ek net tafallich: hy folge de beide Clanleden.) De M'hiray binne as soarte gjin lid fan it Hannelspakt, en harren bestean is sels mar by in beheinde groep lju bekend, mei't se war dogge om foar minsken troch te gean. Kommandant Lydis Bowman, dy't lieding jout oan in taakgroep fan 'e Oftwingers dy't de Clan yn 'e rekken hâlde moat, skat dat der yn totaal mar in tûzen fan harren binne.
Letter dyselde jûn dwaalt in jonge frou lykme-allinne troch de haadstêd fan Auord. Se hat gjin oantinken oan wa't se is, hoe't se hjit, wêr't se hinne sil of hoe't se dêr komme moat. Inkeld in ûnwjersteanbere mentale oandriuw twingt har om har nei de romtehaven te bejaan, dêr't se in romteskipskaptein sykje moat dy't Jason Morgan hjit. Underweis wurdt se lykwols finzen nommen troch slavehellers, dy't har ferkeapje oan 'e (krokkedileftige) Sakissishee-piraat Roraqk. Dyselde liket tige ynnommen mei har te wêzen, en jout har de namme Kissue. Ear't de dage oan 'e loft komt, wurdt it gebouwekompleks dêr't Kissue en de oare slaven fêstholden wurde, binnenfallen troch de Oftwingers. Roraqk lit dan fuortendaliks alles efter him, mar Kissue nimt er mei. Ear't se útfine kin wat er mei har fan doel is, wit se yn it drokke ferkear fan 'e moarnsspits te ûntkommen, wêrnei't har ynderlike oanstriid har wer nei de romtehaven driuwt.
Underwilens is de bewusteleaze man fan 'e Clan, dy't Barac sud Sarc hjit, troch medyske help fan 'e Oftwingers wer by sûpe en stút brocht. Kommandant Bowman fertelt him dat der yn it planetestelsel fan Acranam in lid fan 'e Clan dea oantroffen is, dat Barac syn broer Kurr blykt te wêzen. Bowman wol Barac dêroer ûnderfreegje, mar Barac teleportearret himsels bûten har berik. Hy bejout him nei de romtehaven, dêr't er it romteskip de Sulverne Foks opsiket, dat eigendom is fan kaptein (en tagelyk iennichste bemanningslid) Jason Morgan. Barac en Morgan hawwe earder gedoente hân, en no freget Barac him om op Auord te sykjen nei in frou fan 'e Clan, Sira di Sarc, dy't hy eskortearre, mar dy't weirekke is. Sels baarnt Barac fan langstme om nei Acranam ta, dêr't er útsykje wol wat der mei syn broer bard is. Neitiid set Morgan syn kontakten op Auord yn om út te sjen nei Sira di Sarc, en troch it rûnombywêzige kameratafersjoch en it filefoarmjend ferkear wurdt hja gaueftich fûn yn it selskip fan Roraqk, mei wa't Morgan yn it ferline al ferskate oanfarrings hân hat. Morgan helpt temûk by Sira har ûntsnapping, en wachtet har dan op 'e romtehaven op, dêr't er har nei syn skip liedt. Hja geane beiden oan board en sette ôf fan Auord, de Clan, Roraqk en Bowman har Oftwingers efter harren littend.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Morgan is in keapman, dy't mei syn behindige romteskip bysûndere ladings ferfierd fan it iene nei it oare planetestelsel, en dêr goed fan libje kin. Oan board fan 'e Foks fynt Kissue in ynderlik lykwicht, hoewol't se noch altyd oan ûnthâldsferlies lijt. In diskusje oer har namme liedt derta dat Morgan foarstelt om har Sira Morgan te neamen. Dat is har likegoed as lykfol hokker oare namme, en better as it falsk flaaikjende 'Kissue' dêr't de walchlike piraat Roraqk har mei opskipe hat. Hoewol't Morgan net fertelt wat er oer har wit, om't er him ôffreget oft se him foar de gek hâldt mei har ûnthâldsferlies, begjint der stadichoan in bân tusken de beide skipsgenoaten te groeien. Morgan registrearret Sira formeel as bemanningslid fan 'e Foks, wat har status as romtefarder formalisearret en har sadwaande in beskate beskerming biedt. Mar tagelyk hat Morgan al jierren as ynformant operearre foar kommandant Bowman, en dy wol no dat er Sira oan 'e Oftwingers oerdraacht. Mei tsjinnichheid set Morgan prikken yn it wurk om dat te dwaan, oant er by it ôfleverjen fan in bestelling op 'e planeet Ret 7 yn 'e swierrichheden komt en it hast bestjert. Sira rêdt dêrby syn libben, en as se mei de bewusteleaze Morgan weromkeart yn 'e Foks, ûntdekt se dat er har net inkeld as bemanningslid, mar as mei-eigneresse fan it romteskip registrearre hat. In troch Morgan foarprogrammearre ôffeart hâldt harren beiden by dy gelegenheid út 'e hannen fan sawol harren Retske fijannen as de Oftwingers.
Morgan is al wer aardich opbettere tsjin 'e tiid dat se by Supermerk Plexis oankomme (in ûnbidich grut romtestasjon folstoppe mei alderhanne winkels dêr't gjin nee te keap is). Yn Supermerk Plexis dûke de beide flechtlingen in skoftke ûnder by Morgan syn bêste freon, de (kreefteftige) Carasiaan Huido Maarmatoo'kk, dy't dêr it toprestaurant Klauwen en Kaken runt. Op Ret 7 en fannijs ûnderweis dêrwei hat Sira murken dat der in oanwaaksende mentale bân tusken har en Morgan bestiet, en dat makket har benaud om't se net begrypt hoe't dat kin. Morgan, dy't ien fan dy seldsume minsken is mei telepatyske fermogens, wol har mentaal ûndersykje, en dêr stimt Sira yn ta. Morgan stelt dan fêst dat har ûnthâldsferlies keunstmjittich opwekke is trochdat der mei opsetsin in stikmannich mentale blokkades by har oanbrocht binne. Hy besiket de blokkades fuort te heljen, mar dat slagget him mar by ien laach. Sira kin har no mear oer harsels tebinnenbringe, mar net genôch. As twa Clanleden by Supermerk Plexis arrivearje, Barac en in frou dy't seit dat se Sira har suster Rael is, beslút Sira dat se by Morgan wei moat om him tsjin 'e Clan te beskermjen. Sykjende nei in romteskip dat har earne oars mei nei ta nimme kin, wurdt Sira op 'e nij finzen nommen troch de trewanten fan 'e piraat Roraqk, dy't it spoar fan 'e Foks nei Supermerk Plexis ta folge is.
Sadree't de troch it mentaal ûndersyk útputte Morgan wekker wurdt en merkt dat Sira fan rutens spile hat, set er mei syn maat Huido de efterfolging yn. Krekt foar de ôffeart kringe de beide freonen Roraqk syn skip binnen, wêrnei't se har in wei nei de brêge fjochtsje. Yn uterste need iepenet Roraqk syn skip foar it fakuum fan 'e romte om fan 'e ynkringers ôf te kommen. Dêr deadet er syn eigen bemanning mei, mar net de tûke Morgan en Huido. Nei't Morgan mei de piraat ôfweeft hat, blykt it bestjoeringssysteem fan it skip lykwols sa skansearre te wêzen, dat der neat mear oan te reparearjen falt. It skip giet nei Acranam, en Sira, Morgan en Huido geane mei. Roraqk wie fan doel en ferkeapje Sira dêr oan Yihtor di Caraat, in Clanlid dat syn eigen dea yn sêne set hie sadat er net mear nei it pipen fan 'e Ried fan 'e Clan hoegde te dûnsjen. Dêrnei hat er op Acranam in eigen mienskip fan rebellen opset dy't er as autokraat regearret. Hy hat tige sterke mentale fermogens, en hy is wisberet dat Sira syn breid wurde sil. Sira is lykwols like wisberet dat dat net barre sil.
Ienris yn it planetestelsel fan Acranam arrivearre, geane Sira, Morgan en Huido mei de rêdingsboaten fan board ôf ear't Roraqk syn skip de planeet berikke kin. Se lânje yn 'e wyldernis, dêr't Morgan al rillegau troch Yihtor finzen nommen wurdt. Sira en Huido besykje him te befrijen, mar driigje dan sels ek finzen nommen te wurden. Sira, dy't sûnt Morgan syn ûndersyk in diel fan har fermogens wer werom hat, 'triuwt' har freonen ynstinktyf fuort om se te rêden, wêrmei't se Morgan en Huido nei de Foks ta teleportearret. Sels wurdt se wol troch Yihtor finzen nommen. De Foks befynt him ek by Acranam, om't it troch de Oftwingers yn beslach nommen is by Supermerk Plexis nei Morgan syn ôfreis op it skip fan Roraqk. Barac en Rael hawwe dêrnei de minsklike Oftwinger Russell Terk safier krigen dat er harren (mei goedkarring fan kommandant Bowman) nei Acranam ferfierde, efter Morgan en Sira oan. Yn 'e mande mei Rael en Barac rêde Morgan en Huido Sira krekt op it stuit dat Yihtor har by in ferwrongen seremoanje twinge wol om syn libbenspartner te wurden. De befrijde Sira hat lykwols mentaal sterkere fermogens as Yihtor, en nimt him dan sels finzen.
Neitiid wurdt Yihtor nei de planeet Camos brocht, dêr't er him foar syn dieden feranwurdzje moat foar de Ried fan 'e Clan. Rael en Barac hawwe ûnderwilens oan Morgan en Sira útlein dat de frjemde mentale bân dy't tusken harren groeit, in partnerskipsbân is. Dat Sira sa'n bân mei in minske ûntwikkele hat, is tsjin alle tradysjes yn en sûnder presedint. In partnerskipsbân fan 'e Clan hat neat te krijen mei leafde, mar Morgan en Sira beseffe dat se ek fereale opinoar wurden binne. Rael warskôget harren dat harren bân net akseptearre wurde sil troch de Ried fan 'e Clan. Op syn bêsten sil Morgan syn ûnthâld útwiske wurde, mar it hat ek wol kâns dat de Clanlieders derfoar kieze sille om him ienfâldichwei út 'e wei te romjen. Dêrop keart Sira troch teleportaasje werom nei it thús dat se har net mear tebinnenbringe kin, om't se mient dat se dêrmei Morgan de tiid jout om út te naaien. It probleem is dat Morgan net fan doel is om sûnder har lykfolwêr hinne te gean.
Underwilens leit har heit Jarad di Sarc oan Sira út dat it hiele spul, mei mentale blokkades en al, út har eigen koker komt. Sira di Sarc wie de machtichste frou fan 'e Clan dy't ea libbe hie. Om't har partner op it mêd fan mentale fermogens oan har weage wêze moast, soe se nea in partner krije kinne. Hja smiet har op geneälogysk ûndersyk, dat útwiisde dat de Clan troch de konsintraasje fan hieltyd sterkere mentale fermogens yn in pear bloedlinen, himsels ta útstjerren doemde om't sokke persoanen gjin partner fine koene en har dus net fuortplantsje koene. Sira har radikale oplossing wie it krusen fan 'e ksenofobe Clan mei oarsoartige telepaten, lykas minsken. Ommers, as dêr al in pear minsken by omkamen, dan bleaune der noch genôch oer. Hja hie eigenhandich de persoan fan Jason Morgan foar harsels útsocht, en se hie harsels ek de mentale blokkades oplein om trening en foaroardielen te ûnderdrukken. En har plannen wiene útkommen: wat se mei in manlik lid fan 'e Clan net berikke koe, it oangean fan in parnerskipsbân, wie har mei Morgan wol slagge. Ien ding hie se lykwols net foarsjoen: Sira Morgan is in oare persoan wurden as dat Sira di Sarc wie, mei oare opfettings en oare ideeën. Sira Morgan griist fan 'e kâlde wize dy't har eardere sels hie om oer minskelibbens te tinken.
By in earste konfrontaasje mei de Ried fan 'e Clan liket Sira har heit Jarad har te helpen om oan 'e macht fan 'e Ried te ûntkommen, mar dat blykt neitiid mar in mûklist te wêzen om har safier te krijen dat se harren nei Jason Morgan liedt. Dêrfoar hoecht se net fier te gean, want Morgan hat Barac in minuskúl apparaatsje by de klean yn stoppe dat funksjonearret as in beaken. Dêrmei hat er Barac opspoart, en om't Sira Barac op har flecht foar de Ried meinimt, kin Morgan har op ienfâldige wize fine. As se dan trijeresom fuort sille, wurde se lykwols opwachte troch de Ried, ynklusyf Jarad. Dy hawwe Morgan nedich om Sira har mentale blokkades yn 'e âlde steat werom te bringen, sadat se dy dêrnei sels hielendal opheffe kin sadree't se it oangean fan har partnerskipsbân mei Morgan foltôge hat (sa't it oarspronklike plan wie). Morgan hat sels lykwols ek in mûklist betocht, want as de Riedsleden harren oer it mad komme, wurde se op har beurt oer it mad kommen troch kommandant Bowman en har Oftwingers, dy't neilibbing fan 'e wetten fan it Hannelspakt easkje.
Yn 'e oanwêzigens fan Bowman-en-dy, dy't foar Sira en Morgan waarboarget dat de Riedsleden gjin fierdere rare streken úthelje kinne, foltôgje se dan it oangean fan harren mentale partnerskipsbân, hoewol net op 'e wize dy't de Clan dêrfoar hat (wat letter noch swierrichheden opsmite sil; sjoch: Ties of Power). As de leden fan 'e Ried hope hiene dat Morgan dêrby deadien wurde soe troch Sira har folle gruttere mentale fermogens, komme se bedragen út. Neitiid reparearret Morgan de mentale blokkades yn Sira har ûnthâld, wêrnei't dy út harsels opheft wurde. De personaazjes fan Sira Morgan en Sira di Sarc ferrane mei-inoar en wurde ien persoan mei alle kennis en skiednis fan Sira di Sarc en foar it meastepart de opfettings en gefoelens fan Sira Morgan. Sira, dy't no al har fermogens wer hat en dêrmei de machtichste persoan yn 'e Clan is, warskôget de Ried en yn 't bysûnder har heit dat se har net mear mei har, Morgan of Barac bemuoie moatte. Dêrnei lit se harren fierders yn har eigen sop gearsiede en teleportearret se harsels en Morgan fier fuort om harren libben tegearre te begjinnen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|