The Clan Chronicles

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
The Clan Chronicles
auteur Julie E. Czerneda
taal Ingelsk
foarm romansearje
sjenre science fiction / fantasy
1e publikaasje 19972017
oarspr. útjwr. DAW Books

The Clan Chronicles, ek bekend as The Trade Pact Universe-rige, is in romansearje dy't ta it sjenre fan 'e science fiction heart, al komme der ek beskate skaaimerken fan it fantasysjenre yn foar. De rige bestiet út trije trilogyen, dy't skreaun binne troch de Kanadeeske auteur Julie E. Czerneda. De titel kin oerset wurde as: "De Clankroniken" of "De Kroniken fan de Clan". De searje ferskynde by de New Yorkske útjouwerij DAW Books, dy't it earste boek, A Thousand Words for Stranger, yn 1997 publisearre. De boeken binne skreaun yn it personele perspektyf en fertelle de skiednis fan de Clan, in lytse etnyske groep dy't fier yn 'e takomst libbet, as de minskheid him ferspraat hat nei de stjerren.

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Clan Chronicles besteane út trije trilogyen. De earste trilogy dy't publisearre waard, wie gronologysk sjoen de middelste. Dêrnei folge in prequel-trilogy, en úteinlik in ferfolchtrilogy. Hjirûnder binne de boeken werjûn op folchoarder fan 'e ynterne gronology fan 'e searje.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Clan Chronicles fertelle it ferhaal fan de Clan, in lytse etnyske groep dy't fier yn 'e takomst libbet, as de minskheid him ferspraat hat nei de stjerren. De leden fan 'e Clan sjogge der krekt-en-gelyk út as minsken en hâlde har dêrom beskûl op planeten dy't troch minsken kolonisearre binne. Se beskikke lykwols oer fermogens fan telepaty en teleportaasje, dy't harren potinsjeel meitsje ta in potinsjele bedringing foar de minsken, of ta slachtoffer fan eksploitaasje troch minsken. Dêrom moatte dy fermogens geheim bliuwe. Mar as der almar minder poppen berne wurde, en de Clan driget út te stjerren, moatte der drastyske maatregels nommen wurde.

Yn 'e oarspronklike trilogy, The Trade Pact, bringt Czerneda de lêzer yn 'e kunde mei de Clan sa't dy dan bestiet. Yn 'e prequel-trilogy Stratification nimt se de lêzer mei nei it ferline, nei de oarsprong fan de Clan. En yn 'e ferfolchtrilogy Reunification geane de haadpersoanen út The Trade Pact op 'e siik nei de ferlerne oarsprong fan harren folk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The Clan Chronicles
Stratification: Reap the Wild Wind • Riders of the Storm • Rift in the Sky | The Trade Pact: A Thousand Words for Stranger • Ties of Power • To Trade the Stars | Reunification: This Gulf of Time and Stars • The Gate to Futures Past • To Guard Against the Dark