Springe nei ynhâld

Rift in the Sky

Ut Wikipedy
Rift in the Sky
algemiene gegevens
auteur Julie E. Czerneda
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2009, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige The Clan Chronicles
● foarich diel Riders of the Storm
● folgjend diel A Thousand Words for Stranger
kodearring
ISBN 978-0 75 64 05 601

Rift in the Sky is in science fiction-roman mei dúdlike fantasy-eleminten fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Julie E. Czerneda. De titel betsjut: "Spjalt yn 'e Loft". It boek foarmet it trêde en lêste diel fan 'e Stratification-trilogy, dy't ta de romansearje The Clan Chronicles heart. Hoewol't it it sechsde boek fan 'e dy rige wie, dat publisearre waard, is Rift in the Sky yn 'e ynterne gronology fan The Clan Chronicles it trêde diel. It boek omfiemet de ein fan it ferhaal fan Aryl Sarc, in jonge frou fan 'e Clan, dy't op 'e planeet Cersi libbet yn 'e tiid dat dy troch de minskheid ûntdutsen wurdt. Rift in the Sky is skreaun yn it personele perspektyf en waard yn 2009 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books.

Sjoch foar wat foarôfgie: Reap the Wild Wind, § Ynhâld en Riders of the Storm, § Ynhâld.

Aryl Sarc, har libbenspartner Enris Mendolar (no Enris sud Sarc) en de oare Om'ray-ballingen út Yena en Tuana bouwe fierder oan harren nije libben yn 'e ruïnes fan Sona. Hja siedzje gewaaksen en yrrigearje de fjilden, wêrby't se it wetter op in drege manear fan 'e rivier ôf sjouwe moatte. Aryl is yn ferwachting, en om't it bern yn Sona oanset is en dus "fan Sona" is op in manear sa't de ballingen dat net binne, geane dan de doarren fan 'e 'kleasters' fan Sona iepen foar Aryl. De beide Ynwijden, Oran di Caraat en Hoyon d'sud Gethen, dy't fan Grona nei Sona kommen binne, folgje har nei binnen ta, mar Aryl wol neat mear witte fan 'e ferskillen yn rang tusken de leden fan in Om'ray-clan, en lit alle bewenners fan Sona yn it register fan 'e kleasters ynskriuwe as Ynwijden, sadat tenei eltsenien deselde rjochten hawwe sil. Om't Ynwijden yn 'e Om'ray-maatskippij ûnderskaat wurde troch it foarheaksel di foar de efternamme, komt se dan sels Aryl di Sarc te hjitten, en har 'keazene' wurdt Enris d'sud Sarc.

Underwilens geane yn 'e bergen by Sona de argeologyske opgravings troch dy't de Oud, ien fan 'e oare beide yntelliginte soarten wêzens op 'e planeet Cersi, dêr dogge yn gearwurking mei de bûtenierdske wêzens út it Hannelspakt. Mei yn fan dyselden, in 'Minske' dy't Marcus Bowman hjit, hawwe Aryl en Enris freonskip sletten, en hy hat harren ferteld dat it Hannelspakt heech yn 'e loft 'eagen' hingjen hat, dêr't se mei sjen kinne wat der yn Sona bart. Dat is in probleem as Enris in idee kriget om 'e yrrigaasje fan 'e fjilden te ferbetterjen troch in keardaam yn 'e rivier oan te lizzen. De Om'ray hawwe nammentlik gjin swier materieel om soks te dwaan, mar brûke dêr harren telekinetyske fermogens foar. Om't Marcus harren warskôge hat dat se gjin telekineze of teleportaasje bedriuwe moatte dêr't minsken of oare bûtenierdske wêzens it sjen kinne (om't se dan grif slachtoffer fan eksploitaasje fan dy fermogens wurde sille), freget Enris oan Marcus oft er de 'eagen' yn 'e loft in nacht útskeakelje kin. Marcus stimt dêryn ta, en Enris en guon fan 'e oare Sona mei sterkere telekinetyske fermogens lizze de keardaam oan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dêrby puttet Naryn di S'udlaat harsels sa út dat se sûnensswierrichheden kriget. Naryn is hiel apart gefal mank de Sona en alle Om'ray. Hja komt fan Tuana, krekt as Enris, en is bysûnder sterk yn har mentale fermogens. As Kiezer keas hja Enris as libbenspartner, mar dy woe har beslist net hawwe. Ornaris binne ûnKeazenen lykas Enris net by steat om te wegerjen, mar just Enris hie op dat mêd in nij mentaal talint ûntwikkele. Doe't Naryn lykwols ienris keazen hie, koe se har kar net mear ûngedien meitsje, mei as gefolch dat se har ûntjoech ta Keazene sûnder in bân mei in manlike Om'ray oanmakke te hawwen. Om't fuortplanting by de Om'ray net in saak is fan lichaamlike geslachtsmienskip, mar fan it 'keazen-wêzen', wêrby't de geast fan 'e poppe foarme wurdt troch de telepatyske ferminging fan 'e geasten fan 'e âlden, rekke Naryn doe yn ferwachting sûnder dat har bern in geast of siel hie. Dat betsjutte dat de poppe by de berte komme soe te ferstjerren. En it wie noch helte minder, want om't Naryn har bân as Keazene him by gebrek oan in partner ynstee oan it bern fêstmakke, en Keazene Om'ray it ferlies fan harren libbenspartner net oerlibje, soe Naryn by de berte sels ek komme te ferstjerren.

Trochdat Naryn harsels sa útput hat by it oanlizzen fan 'e daam, stiet se op it punt en krij in miskream, wat tagelyk har eigen dea betsjutte soe. Enris, dy't de Om'ray fan Vyna besocht hat, tinkt dat er in oplossing wit. Want hoewol't de Vyna ksenofobe apartelingen binne, hat er by harren sjoen dat de Kiezers mei sin dogge wat Naryn by ûngelok oerkommen is: se meitsje in sielleaze poppe oan dy't se in 'leech fet' neame, dêr't se de opsleine geasten fan ferstoarne Ynwijden yn ynbringe. Enris fûn it in walchlike praktyk, mar om Naryn te rêden is er ree en freegje de Vyna om help. Sadwaande teleportearret er mei Aryl en Naryn nei Vyna ta, mar dêrby ferjit er Aryl earst har embleem as Sprekker fan Sona ôfdwaan te litten. Yn Vyna witte se de lieders om te keapjen mei opslachapparaatsjes dy't yn 'e neite fan 'e kleasters fan Sona fûn binne en dêr't de geasten fan 'e lêste Ynwijden fan it âlde Sona op opslein blike te wêzen. De Vyna bringe de geast fan ien fan dy Ynwijden yn Naryn har poppe yn. It blykt te gean om in frou dy't Anaj hjit, en dy't daliks telepatysk mei de oare Om'ray kommunisearje kin. It gefaar op in miskream is dêrmei ôfkeard, en de dea fan Naryn ek, mei't de Vyna de partnerbân tusken har en har poppe witte te ferbrekken.

Fan 'e oplossing fan 'e iene swierrichheid komt lykwols in oar probleem as de Tikitik, de oare fan 'e beide yntelliginte soarten dêr't de Om'ray harren wrâld mei diele, yn Vyna opdaagjen komme, op 'e nij oanfierd troch de sjamaan Tinzereizger, mei wa't sawol Aryl as Enris al earder gedoente hân hawwe. It docht bliken dat de Tikitik de lokaasje fan 'e emblemen fan 'e Sprekkers gewaarwurde kinne, en Aryl harres wie niiskrekt fan it iene op it oare stuit fan Sona nei Vyna sprongen. Mei esan, harren fleanende lêstdieren, ferfiere de Tikitik de trije Sona-Om'ray nei harren hillige plak Tikitna, dêr't Aryl har foar de lieders fan 'e Tikitik oer ferantwurdzje moat oangeande harren nije talint fan teleportaasje. Dat docht se sa goed dat de Tikitik ûnder de yndruk binne, net inkeld fan har betooch, mar ek fan har fermogen om nije dingen te begripen dy't bûten de belibbingswrâld fan 'e Om'ray lizze. Nei't de Tikitik harren gean litten hawwe, nimt Aryl kontakt op mei Marcus Bowman fia in kommunikaasje-apparaatsje dat de minske har sels jûn hat. Hja freget him om harren mei syn fleanende masine werom te bringen nei Sona, mei't Anaj neat fan teleportaasje witte wol, en de oaren net wis binne wat it nije talint mei de poppe en har ynbrochte geast dwaan soe.

As Marcus arrivearret, kinne Aryl en Enris merke dat er yn noed sit. Hy fertelt harren dat de 'eagen' yn 'e loft dy moarns nea wer oangien binne, wat al moatten hie, en dat er gjin kontakt mear krije kin mei de oare bases fan it Hannelspakt op Cersi. As se oer de basis yn 'e Mar fan Fjoer hinne fleane (dêr't Aryl en Marcus inoar foar it earst moete hawwe), sjogge se dat dy yn 'e brân stiet en Marcus kin der gjin libbenstekens ûntdekke. Marcus syn eigen kamp yn 'e bergen boppe Sona liket ûnoantaaste, mar noch hy, noch Aryl en Enris fertrouwe de saak. Marcus beslút troch te fleanen nei in trêde basis, oarekant de bergen. Dy leit lykwols fier bûten de 'wrâld' sa't de telepatyske Om'ray dy belibje. As Marcus harren te fier meinimt by de oare Om'ray wei, wurde Aryl, Enris en Naryn as sieten se oan in ilestyk dat te fier oprutsen is, fia teleportaasje weromskuord nei Sona ta. Anaj komt dêr neat fan oer, mar foar de Om'ray is dêrmei de wrâld foargoed feroare: want net inkeld Aryl, Enris en Naryn, mar àlle Om'ray op Cersi dy't oer it fermogen ta teleportaasje beskikke, mear as 700, binne op datselde stuit tsjin harren wil nei Sona ta teleportearre. En hoewol't harren bannen mei oare Om'ray net ferbrutsen binne, binne de bannen mei harren oarspronklike clans dat wol: alle teleportearjende Om'ray (dêr't Enris letter de namme M'hiray foar betinkt) hearre no thús yn Sona.

Dat smyt grutte swierrichheden op. Yn it foarste plak kin Sona sa'n grutte groep bewenners noch hielendal net fan iten en oare libbensnedichheden foarsjen. Boppedat binne der trije Sprekkers fan oare Om'ray-clans mank de M'hiray, wêrûnder Aryl har mem, Taisal di Sarc, de Sprekker fan Yena. En de Tikitik, dy't dat oan 'e sprongen fan 'e Sprekkersemblemen fernommen hawwe, binne alhiel net bliid mei de nije ûntwikkeling. Tinzereizger leit oan Aryl út dat sa'n grutte befolkingsferskowing it lykwicht tusken de trije soarten fan Cersi fersteurd hat. De Oud, dy't neat om yndividuën jouwe, mar nammenste mear om it lykwicht, sille op 'e nij Om'ray-clans mei de Tikitik besykje út te wikseljen, wêrby't withoefolle deaden falle sille, krekt as earder yn Tuana (sjoch: Riders of the Storm). Diskear sil dat de ein fan 'e wrâld betsjutte. Mei de Tikitik yn panyk en de Oud yn ûnstjoer beseffe Aryl-en-dy dat de M'hiray harren ôfjaan moatte út 'e bekende wrâld. Dat is de iennichste mooglikheid om 'e oare Om'ray te rêden fan 'e ûndergong. Mar M'hiray kinne net nei in plak ta teleportearje wêrfan't se neat ôfwitte: se moatte der sels ris earder west hawwe, of se moatte in mentaal byld fan sa'n plak oernimme út 'e tinzen fan in oar. Harren hope is datoangeande op Marcus Bowman fêstige, dy't Aryl ferteld hat dat de Om'ray, Tikitik en Oud mar in lyts part fan 'e planeet Cersi bewenje, en dat it oare kant de bergen allegear iepen lân is. Yn tarieding dêrop leare alle M'hiray mei in 'dreamlear'-apparaat dat Marcus in stikmannich dagen lyn by Enris yn 'e hannen drukt hat, yn ien nacht om 'e mienskiplike taal fan it Hannelspakt te sprekken.

As Aryl, Enris en guon oaren Marcus syn kamp trochsykje, ûntdekke se dat alles dêr oer de kop helle is. Dieven hawwe besocht de kostbere argeologyske fynsten út 'e tiid fan 'e Hoveny-beskaving te stellen, mar de Oud hawwe dat mei in soad ferlies fan libben witten foar te kommen. Yn in sydromte fan in Oud-tunnel treffe se de liken oan fan 'e dieven mei dêrby alle doazen mei argeologyske fynsten, dy't Enris foar Marcus yn 'e kleasters yn feilichheid bringt. As koarte tiid letter in romteskip by it kamp lânet, docht bliken dat Marcus yn 'e hannen fallen is fan wat er letter omskriuwe sil as piraten, in begryp dat nij is foar de M'hiray. De piraten binne tarist mei heechtechnologyske wapens, mar blike gjin partij te wêzen foar Yena-Om'ray mei simpele jachtmessen, dy't teleportearje kinne en alhiel gjin skrupules hawwe om 'e fijân fan efteren dea te stekken.

Aryl-en-dy hawwe Marcus befrijd, mar de piraten hawwe him yn 'e tuskentiid martele en net inkeld fysyk, want ûnder harren wie in telepaat dy't Marcus syn tinzen binnenkrongen is en yn syn geast in ravaazje oanrjochte hat op 'e siik nei ynformaasje oer de weardefolle argeologyske skatten dy't by de opgravings op Cersi opdold binne. De nije Ried fan Sona is derfoar om 'e oantinkens fan 'e fluch minder wurdende Marcus te brûken om nei in nije lokaasje op Cersi te teleportearjen, fier fuort fan it gebiet dêr't Oud, Tikitik en Om'ray libje, om dêr in nij bestean op te bouwen. Aryl ferset har der fûleindich tsjin om har freon sa te brûken, mar as Marcus ûntdekt wat der spilet, praat er op Enris en Naryn yn om it àl te dwaan. Hy wit dat er net lang mear te libjen hat, en wol de M'hiray rêde. Naryn kringt dan syn geast binnen en trochsiket syn ûnthâld, en neitiid helpt Aryl him om frede te finen mei de oantinkens oan in plak dêr't er as opslûpen jonge graach komme mocht en de lokkichste tiid fan syn libben hie. As er hielendal yn dy oantinkens opgien is en alhiel gjin besef mear hat fan wat der om him hinne bart, snijt se him mei ien fûle, djippe feech de kiel troch om him út syn lijen te ferlossen.

Neitiid meitsje de M'hiray plannen om Sona te ferlitten. Der is in masine yn 'e kleasters, dy't de Ynwijden tradisjoneel brûkten om Om'ray dy't sljochtsinnich rekke wiene, los te snijen fan 'e telepatyske bân mei oare Om'ray, om't de sljochtsinnigens him oars fia dy bân ferspriede soe. Men stelt no foar om dat apparaat te brûken om 'e bân tusken de M'hiray en de rest fan 'e Om'ray troch te snijen, en dêrnei fuort mei syn allen nei in plak op Cersi te teleportearjen dat Naryn út 'e tinzen fan Marcus Bowman hellet. Om't de stoartfloed oan oantinkens dy't se fan Marcus oernommen hat, Naryn suver oer de meuch giet, freget se Aryl om har te helpen. Ien M'hiray moat efterbliuwe om 'e masine te betsjinjen, en dêrfoar biedt Taisal di Sarc, Aryl har mem, harsels oan. Mar as se it plan yn 'e praktyk bringe, giet der wat ferskriklik mis. Wierskynlik troch it gebrûk fan in apparaat wêrfan't se de wurking net goed begripe, wurdt net inkeld de bân mei de oare Om'ray trochsnien, mar geane ek de measte persoanlike oantinkens fan 'e M'hiray ferlern. Boppedat kinne Aryl en Naryn op it beslissende stuit sa fluch gjin gaadlik plak fine yn Marcus syn oantinkens, oant Aryl har fêstgrypt oan it oantinken fan it plak dêr't Marcus op it lêst frede fûn, sûnder te beseffen dat dat fansels net op Cersi wie, mar op Marcus syn thúswrâld, Stonerim III. En sa ferlitte de M'hiray sûnder it te witten, as troch in spjalt yn 'e loft, harren thúswrâld Cersi.

As de M'hiray wer by besleur komme, befine se har yn it saneamde Undergrûnske Teäter, in argeologysk fynplak fier ûnder de grûn fan 'e stêd Norval op Stonerim III, dêr't de iene beskaving boppe-op de oare boud hat. Harren oantinkens oan hoe't se dêr bedarre binne, binne dizenich. Se witte dat se fuort moasten fan it plak dêr't se earder libben, mar wêrom is net dúdlik. Ek de oantins oan alle persoanen en plakken út harren ferline binne se kwytrekke. Op Stonerim III meitsje Aryl en Enris diel út fan in groep ferkenners dy't útstjoerd wurde. Hja komme yn kontakt mei eleminten út 'e organisearre misdie en fia-fia mei de minske KaeCee Britain, in rike en malafide hanneler yn antyk, dy't boppedat in telepaat is. Nei't er Aryl har geast besiket binnen te kringen om har hearrich oan him te meitsjen (sa't er blykber mei in soad lju docht), meitsje Aryl en Naryn, dy't folle sterkere telepaten binne, him ynstee hearrich oan harren. Yn harren bagaazje ûntdekke de M'hiray in protte âlde troep dy't blykt te bestean út argeologyske fynsten fan 'e Hoveny-beskaving, en dy't neffens KaeCee fan ûnskatbere wearde binne. Hy heelt it spul foar harren en makket harren smoar- en smoarryk. De M'hiray keapje in eigen wentoer op Stonerim III, en swaarmje dêrwei út nei oare troch minsken bewenne planeten, dêr't oare minsklike telepaten ûnder kontrôle fan 'e M'hiray brocht wurde om hân- en spantsjinsten foar harren te ferrjochtsjen.

Aryl walget fan dy praktyk, mar kin gjin alternatyf oandrage as de oaren har foarhâlde dat it nedich is foar it oerlibjen fan 'e M'hiray. Se freget har ôf hoe't it gien wêze soe as se ynstee fan 'e akelige KaeCee Britain as earste in oprjochte minske tsjin it liif rûn wiene, lykas de plysjeman Gene Maynard, dêr't se letter gedoente mei krigen hat. Aryl hat ûnderwilens yn har bagaazje in bylddrager fûn mei in lêste berjocht dat Marcus Bowman opnommen hat foar syn dochter Karina. Aryl wie Marcus alhiel fergetten, mar de oanblik oan him makket alteast in diel fan har ferlern waande oantinkens wer wekker. Troch de fertochte dea fan in hiel tiim fan ûndersikers, it feit dat Marcus de bewekkingssateliten útskeakele hie en it feit dat argeologyske fynsten fan Cersi letter opdûkt binne yn oare dielen fan it Hannelspakt, wurdt Marcus der no fan fertocht dat er de boel bedondere hat. Al syn persoanlike besittings binne yn beslach nommen en syn dochter is sadwaande alles kwytrekke en nimmen wit no wêr't se is. Aryl freget dêrom Maynard syn help om har te finen, en nei in temûk, moannen duorjend ûndersyk fan 'e plysjeman wurdt Karina Bowman fûn. Aryl bewissiget har derfan dat sy altyd in plak hawwe sil yn it Hûs di Sarc, en dat har heit nea fergetten wurde sil.

Rift in the Sky einiget mei in epilooch dy't generaasjes letter spilet en ferhellet fan 'e berte fan Sira di Sarc, in fiere neikommelinge fan Aryl en Enris, en ek fan Naryn. Yn dy tiid beslisse M'hiray net sels mear wa't se as libbenspartner kieze, mar wurdt dat foar harren besletten troch harren bestjoersrie. Mirim di Sarc, Sira har mem, wie it net iens mei de kandidaat dy't de Ried foar har útkeazen hie, mar nei har waard net lústere. Mirim is in frou mei mentaal swakke fermogens, mar ien talint hat se wol: it fermogen om in kommende feroaring gewaar te wurden. De Ried hie nei harkje moatten, want har dochter, sa wit se, sil alles feroarje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The Clan Chronicles
Stratification: Reap the Wild Wind • Riders of the Storm • Rift in the Sky | The Trade Pact: A Thousand Words for Stranger • Ties of Power • To Trade the Stars | Reunification: This Gulf of Time and Stars • The Gate to Futures Past • To Guard Against the Dark