Siegfried van Praag
Siegfried van Praag | ||
skriuwer | ||
Siegfried van Praag (1962) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Siegfried Emanuel van Praag | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 augustus 1899 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 16 maart 2002 (102 jier) | |
stjerplak | Brussel | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Roman, essay | |
offisjele webside | ||
DBNL-profyl |
Siegfried Emanuel van Praag (Amsterdam, 8 augustus 1899 – Brussel, 16 maart 2002) wie in Nederlânsk skriuwer en learaar.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie in soan fan de joadske diamantêr Herman fan Praag en Grietje de Jongh. Hy stdearre Frânsk oan de Universiteit fan Amsterdam en waard dêrnei learaar Frânsk oan in HBS yn Purmerein. Yn 1925 publisearre er syn earste roman, De Weegschaal, de earste fan sa'n sechtich boeken. Datselde jier troude er mei de sjoernaliste Hilda Sanders. Teffens publisearre er yn dyn tiid artikelen oer Joadske en Frânske literatuer. Yn 1936 festige er him yn Brussel. Doe't de Dútsers Nederlân en België yn maaie 1940 ynfoelen flechte er mei har nei Londen; hy wurke dêr by de Nederlânske en Belgyske radioprogrammes fan de BBCradio.
Nei de oarloch gie er werom nei Nederlân en joech er les op ferskate skoallen. Hy joech ûnder oare Frânske taal en literatuer it Lyseüm yn Overveen en letter oan de MU-opliedingen oan de Nutsakademy te Rotterdam. Yn 1973 ferskynde syn autobiografy De Arend en de Mol. Hy bleau ek romans (mei autobiografyske eleminten) publisearjen, oant yn de jierren tachtich, doe't er dochs al in bytsje fergetten wie.
Van Praag stoar yn de âldens fan 102 jier yn in Brusselsk fersoargingshûs.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- Een Lange Jeugd in Joods Amsterdam
- De Toverhag
- Het Heilig Stramien: Een kleine Familieroman
- Damesprotest
- Sam Levita's Lewensdans
- La Judith
- Cabaret der Plaatsvervangers
- Jeruzalem van het Westen
- Het Huisaltaar
- Onder de Streling van het Groen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|