Springe nei ynhâld

The Bourne Identity (film út 2002)

Ut Wikipedy
The Bourne Identity
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Doug Liman
produsint Doug Liman
Patrick Crowley
Richard N. Gladstein
útfierend
   produsint
Frank Marshall
Robert Ludlum
senario Tony Gilroy
William Blake Herron
basearre op de roman fan Robert Ludlum
kamerarezjy Oliver Wood
muzyk John Powell
filmstudio Hypnotic
The Kennedy/Marshall Company
Studio Babelsberg
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Matt Damon
Franka Potente
byrollen Chris Cooper
Brian Cox
Julia Stiles
Clive Owen
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
premiêre 14 juny 2002
foarm langspylfilm
sjenre spionaazje-aksjeskriller
taal Ingelsk (ek wat Frânsk en Dútsk)
spyltiid 119 minuten
budget en resultaten
budget $60 miljoen
opbringst $214 miljoen
filmsearje
filmsearje Bourne
● folgjend diel The Bourne Supremacy

The Bourne Identity is in Amerikaansk-Dútske spionaazje-aksjeskriller út 2002 ûnder rezjy fan Doug Liman, mei yn 'e haadrollen Matt Damon en Franka Potente. De titel betsjut "De Bourne-Identiteit". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Robert Ludlum. It ferhaal giet oer Jason Bourne, in man dy't troch fiskers út 'e Middellânske See oppikt wurdt en oan ûnthâldsferlies lijt. As er besiket út te finen wa't er is, rekket er behelle yn in klandestine operaasje fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA. The Bourne Identity wie de earste film fan 'e Bourne-filmsearje; it folgjende diel, The Bourne Supremacy, kaam út yn 2004. The Bourne Identity krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses.

Op 'e Middellânske See rêde Italjaanske fiskers it libben in man dy't mei twa skotwûnen yn 'e rêch bewusteleas yn it wetter omdriuwt. Ien fan harren, Giancarlo, fersoarget de wûnen fan 'e man en fynt ûnder it fel op syn heup in miniskule laserprojektor dy't it nûmer fan in bankklúske toant fan in Switserske bank yn Zürich. As de man bykomt, docht bliken dat it in Amerikaan is dy't treflike feardichheden op it mêd fan fjochtsport hat en ferskate talen floeiend sprekt, mar dy't troch ûnthâldsferlies gjin idee hat wa't er is. De fiskers jouwe him klean en sette him oan lân yn harren thúshaven Imperia, en Giancarlo jout him genôch jild mei om nei Zürich te reizgjen.

Oankommen by de bank ûntdekt de Amerikaan yn it bankklúske in paspoart fan himsels dat útmakke is yn 'e namme fan in Jason Bourne. Der is ek in rydbewiis ûnder deselde namme, mei in wenadres yn Parys. Hy giet derfan út dat dat is wa't hy is, mar hy rekket yn betizing as er in stikmannich oare paspoarten oantreft, allegear mei syn foto, mar allegear yn oare nammen en fan oare nasjonaliteiten. It bankklúske befettet fierders in grutte som jild yn kontanten fan ferskillende faluta, en in pistoal. Bourne nimt alles mei útsein it pistoal. Nei't er him ôfjûn hat, nimt ien fan 'e wurknimmers fan 'e bank kontakt op mei Operaasje Treadstone, in swarte operaasje fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA. It haad fan Treadstone, spesjaal agint Alexander Conklin, lit in opspoaringsbefel foar Bourne útgean nei de Switserske plysje en aktivearret trije Treadstone-aginten om him te likwidearjen: Castel, Manheim en 'de Professor'.

Underwilens ûnderstiet adjunkt-direkteur fan 'e CIA Ward Abbott Conklin oer de mislearre moardoanslach op Nykwana Wombosi. Dat is ôfsette Afrikaanske diktator dy't yn ballingskip yn Frankryk libbet en dermei driget om ynformaasje oer geheime CIA-operaasjes yn Afrika buorkundich te meitsjen as de CIA him yn syn heitelân net wer oan 'e macht helpt. Wombosi beweart dat in CIA-agint syn jacht op 'e Middellânske See ynkrongen is om him te fermoardzjen, mar dat er op 'e flecht dreaun waard. Wombosi soe de slûpmoardner eigenhandich twa kear yn 'e rêch sketten hawwe doe't er oerboard sprong. Conklin ûnthjit Abbott dat er handich ôfweve sil mei de Treadstone-agint dy't de oanslach ferprutst hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Bourne besiket de Switserske plysje te ûntwiken troch it Amerikaanske konsulaat yn Zürich binnen te gean, mar dêr komt er fan 'e rein yn 'e drip as er efterfolge wurdt troch de mariniers dy't dêr ta befeiliging oanwêzich binne. Hy wit troch ûnfermoede feardichheden it gebou te ûntflechtsjen. Bûtendoar biedt er in jonge Dútske frou dy't om jild ferlegen sit, Marie Helena Kreutz, $20.000 oan as se him yn har auto nei Parys ride wol. Yn 'e Frânske haadstêd oankommen bejouwe Bourne en Marie harren nei it adres op it rydbewiis, dat in krap ynrjochte appartemint is dêr't Bourne blykber yndie wennet, de reäksje fan 'e buorlju yn oanmerking nommen. As er it lêste tillefoannûmer skillet dat mei de tillefoan yn it appartemint opbelle is, blykt it in hotel te wêzen dêr't er sels ferbleaun hat as John Michael Kane, in namme dêr't ien fan 'e oare paspoarten út it bankklúske ûnder útjûn is. Neffens de resepsjonist fan it hotel is Kane lykwols twa wiken lyn omkommen by in auto-ûngemak.

Bourne syn appartemint is fansels wolbekend by Treadstone, en it is dan ek gjin ferrassing dat ien fan 'e aktivearre aginten, Castel, Bourne en Marie yn it appartemint oerfalt. Bourne ferslacht him lykwols yn in man-tsjin-mangefjocht. Ynstee dat er Bourne de kâns jout om him út te kloarkjen, springt Castel út it finster en falt tepletter op it trottoir. Marie is bot oerstjoer fan dat foarfal, en dat wurdt noch helte minder as se yn 'e rêchsek fan Castel oanhâldingsbefellen fynt foar Bourne en harsels, mei foto's dy't dúdlik ôfkomstich binne fan 'e befeiligingskamera's yn it Amerikaanske konsulaat yn Zürich. As se wat bekommen is, beslút se lykwols Bourne te helpen, ek al stiet hy der o sa by har op oan om sa hurd by him wei te draven as se mar kin. As har auto troch de Paryske sjendarmery werkend wurdt, resultearret dat yn in wylde efterfolging troch stêd, wêrby't Bourne úteinlik alle plysjes wit ôf te skodzjen. Hy en Marie litte de auto efter yn in parkearkelder en bedriuwe de leafde as se neitiid de nacht trochbringe yn in goedkeap loazjemint.

Mei help fan Marie wit Bourne oan 'e list fan tillefoannûmers te kommen dy't opskille binne út 'e hotelkeamer fan Kane wei. Troch himsels foar te dwaan as Kane komt er derefter dat hysels as Kane earder neifraach dien hie oer de mooglike oankeap fan in jacht dat op it stuit eigendom is fan in Nykwana Wombosi. Underwilens is Wombosi obsedearre rekke mei de oanslach op syn libben. Conklin, dy't dat wol oankommen seach, hat in stoflik omskot dat sabeare fan John Michael Kane is, yn in Parysk mortuarium pleatst. As Wombosi ôftwingt dat er it lyk sjen mei, is lykwols fuortendaliks dúdlik dat it net de man is dy't him besocht hat om te bringen. Nei't er fannijs drige hat om CIA-geheimen út te bringen oan 'e media, lit Conklin de âld-diktator deasjitte troch 'de Professor'. Tsjin Abbott liicht Conklin dat Wombosi deade wêze moat troch Bourne.

Marie ûntdekt dat it stoflik omskot fan John Michael Kane yn it mortuarium leit, mar as sy en Bourne dêrhinne geane om it besjen, blykt it al frijjûn te wêzen oan Kane syn 'broer'. Fia it boek dêr't besikers fan it mortuarium har namme yn sette moatte, komt Bourne derefter dat Wombosi dêr west hat. Hy set nei dy syn hûs ta, dêr't er krekt op 'e tiid arrivearret om te sjen hoe't it stoflik omskot fan Wombosi ôffierd wurdt. Troch de namme fan Wombosi mei de ynformaasje oer it jacht te kombinearjen fynt Bourne neitiid de mediaberjochten oer de mislearre moardoanslach op Wombosi, wêrby't de flechtsjende dieder twa kear yn 'e rêch sketten is. Hy beseft dat hysels dy dieder wie, en dat er in hiermoardner wêze moat. Bourne walget fan himsels en beslút dat er neat mear oer syn ferline witte wol. Hy ûntflechtet Parys mei Marie.

Marie nimt Bourne mei nei in boerespultsje op it Frânske plattelân dat eigendom is fan har freon Eamon, mei wa't se yn gjin jierren kontakt hân hat. Eamon blykt ûnderwilens troud te wêzen en twa lytse bern te hawwen. Syn frou is in pear dagen útfanhûs, dat hy nûget Marie en Bourne deryn, en se bringe de nacht yn syn hûs troch. Conklin en de rest fan Treadstone, dy't yn it ferline fan Marie dûkt binne, spoare harren wierskynlike ûnderdûkadres op. Mei't er ûnder druk stiet fan Abbott om 'e saak-Wombosi ôf te sluten, stjoert Conklin 'de Professor' dêrhinne om Bourne en Marie te deadzjen. As de oare moarns de hûn mist, beseft Bourne dat syn ferline him hjirhinne folge is. Hy stjoert Eamon en de bern nei de kelder en giet mei Eamon syn jachtgewear nei bûten ta, dêr't er 'de Professor' delsjit. Ear't de man stjert, eamelet er noch wat, dêr't Bourne út opmeitsje kin dat se beiden slûpmoardner binne foar eat of immen mei de namme Treadstone.

Nei't er Marie fuortstjoerd hat mei Eamon en syn bern, nimt Bourne fia de mobile tillefoan fan 'de Professor' kontakt op mei Conklin. Se prate ôf yn Parys op 'e Pont Neuf. Bourne hâldt de brêge út 'e fierte mei it fizier fan it slûpskuttersgewear fan 'de Professor' yn 'e rekken, en as er sjocht dat Conklin net allinne kommen is, sa't de ôfspraak wie, skillet er him op om 'e moeting ôf te sizzen. Neitiid folget er Conklin nei in ûnderdûkadres fan Treadstone yn Parys, dat rund wurdt troch de logistike technikus Nicky Parsons. Bourne brekt dêr yn en bedriget Conklin en Parsons mei in fjoerwapen.

Conklin beseft noch altyd net dat Bourne oan ûnthâldsferlies lijt, mar út syn wurden kin Bourne einlings opmeitsje dat Treadstone in geheime operaasje fan 'e CIA is en dat hysels in yngeande training as slûpmoardner ûndergien hat. As Conklin him derop ferget wêrom't er Wombosi op it jacht net ombrocht hat, kriget Bourne syn earste flashback, wêryn't it him dúdlik wurdt er it net goedkrije koe en sjit Wombosi dea foar de eagen fan syn bern. Bourne fertelt Conklin dat er ûntslach nimt en fan no ôf oan net mear foar Treadstone wurket. Hy warskôget Conklin him tenei gewurde te litten. Dêrnei slacht er him bewusteleas. As er it ûnderdûkadres ferlitte wol, wurdt er oanfallen troch trije fan Conklin syn ûnderhearrigen, dy't er allegear deadet. Kreupelskonkjend ferlit er it hûs, efterfolge troch in allyksa kreupelskonkjende Conklin. De trêde aktivearre Treadstone-agint, Manheim, komt opdaagjen en sjit op 'e strjitte in mankepoatsjende man del, mar it blykt Conklin te wêzen, waans deafûnis tekene is troch Abbott. Dyselde heft dêrnei Treadstone op.

Yn in epilooch fan 'e film dielt Abbott oan in kommisje fan it Amerikaansk Kongres mei tafersjoch oer de ynljochtingetsjinst mei dat Operaasje Treadstone opheft is om't de kosten heger wiene as de baten. Ynstee is er de nije Operaasje Blackbriar begûn (wêrmei't foarútrûn wurdt op 'e foarfallen yn The Bourne Ultimatum). Underwilens spoart Bourne Marie op, dy't in bedriuw begûn is op it Grykske eilân Mykonos dat motorscooters ferhiert oan toeristen. Hja is bliid him wer te sjen.

Matt Damon.
Franka Potente.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jason Bourne Matt Damon
Marie Helena Kreutz Franka Potente


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Alexander Conklin Chris Cooper
Ward Abbott Brian Cox
Nicky Parsons Julia Stiles
"de Professor" Clive Owen
Eamon Tim Dutton
Nykwana Wombosi Adewale Akinnuoye-Agbaje
Danny Zorn Gabriel Mann
Giancarlo Orso Maria Guerrini
Castel Nicky Claude
Manheim Russell Levy
Rawlins Vincent Franklin
Treadstone-meiwurker #1 Walton Goggins
Treadstone-meiwurker #2 Josh Hamilton
Treadstone-meiwurker #3 Brian Huskey
resepsjonist yn it Amerikaanske konsulaat yn Zürich David Bamber
Amerikaanske adjunkt-saakbelêstge yn Zürich David Gasman
mortuariumdirekteur Hubert Saint-Macary

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Bourne Identity wie de twadde film dy't basearre wie op 'e roman mei deselde namme fan Robert Ludlum út 1980, nei The Bourne Identity út 1988, in Amerikaanske tillefyzjefilm mei yn 'e haadrollen Richard Chamberlain en Jaclyn Smith. De nije film, dy't in Amerikaansk-Dútske ko-produksje wie, waard regissearre troch Doug Liman nei in senario fan Tony Gilroy en William Blake Herron. As produsinten wiene Liman sels, Patrick Crowley en Richard N. Gladstein by it projekt belutsen, foar de filmstudio's Hypnotic, The Kennedy/Marshall Company en de Dútske Studio Babelsberg.

Robert Ludlum, dy't yn 2001 ferstoar, waard op 'e ôftiteling mei Frank Marshall neamd as útfierend produsint. Der wie foar The Bourne Identity in budget beskiber fan $60 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Oliver Wood, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Powell. De opnamen setten op 31 oktober 2000 útein op lokaasje yn Parys. De waard ek filme yn Praach, Imperia, Rome en Zürich en op Mykonos. Ferskate sênes dy't sabeare yn Zürich plakfûnen, waarden eins opnommen yn Praach.

De distribúsje fan The Bourne Identity waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 14 juny 2002 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. De soundtrack wie al trije dagen earder, op 11 juny, as muzykalbum útbrocht troch platemaatskippij Varèse Sarabande. The Bourne Identity waard op 21 jannewaris 2003 útbrocht as VHS-keapfideo en as dvd. Op 13 july 2004 kaam der in nije dvd út mei in extended cut fan 'e film. De earste blu-ray fan 'e film wie in trilogyset mei de ferfolchfilms The Bourne Supremacy en The Bourne Ultimatum, dy't ferskynde yn jannewaris 2009.

The Bourne Identity krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa joech de foaroansteande resinsint Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Hy priizge The Bourne Identity foar it fermogen dat de film neffens him oan 'en dei lei om 'e sjogger op te nimmen yn 'e wrâld fan it "spionaazje-ambacht". Ek hied er lof foar it aktearjen fan haadrolspiler Matt Damon, dat er kwalifisearre as "konsintrearre en oprjocht". Ebert konkludearre dat The Bourne Identity nei de eardere ferfilming út 1988 "ûnnedich, mar mei feardichheid makke" wie.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Bourne Identity in relatyf heech goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 190 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] fermingt op profesjonele wize sjenreformules mei fleagen fan ûnferwachtse humor en is in aksjeskriller dy't syn namme mear as wier makket." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Bourne Identity in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 38 resinsjes.

The Bourne Identity brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $121,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $92,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $214,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjut dat in winst fan $154 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Bourne Identity in grut kommersjeel súkses. De film waard yn 2003 nominearre foar de Saturn Award foar bêste aventoerefilm/aksjefilm/skrillerfilm.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Bourne (filmsearje)
The Bourne Identity (2002) • The Bourne Supremacy (2004) • The Bourne Ultimatum (2007) • The Bourne Legacy (2012) • Jason Bourne (2016)