Springe nei ynhâld

The Bourne Supremacy (film)

Ut Wikipedy
The Bourne Supremacy
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Paul Greengrass
produsint Frank Marshall
Patrick Crowley
Paul L. Sandberg
senario Tony Gilroy
basearre op de roman fan Robert Ludlum
kamerarezjy Oliver Wood
muzyk John Powell
filmstudio The Kennedy/Marshall Company
Ludlum Entertainment
Studio Babelsberg
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Matt Damon
Joan Allen
Brian Cox
byrollen Julia Stiles
Karl Urban
Karel Roden
Franka Potente
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
premiêre 23 july 2004
foarm langspylfilm
sjenre spionaazje-aksjeskriller
taal Ingelsk (ek wat Italjaansk,
   Russysk en Dútsk)
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget $75 miljoen
opbringst $288,5 miljoen
prizen 2 × Empire Award
filmsearje
filmsearje Bourne
● foarich diel The Bourne Identity
● folgjend diel The Bourne Ultimatum

The Bourne Supremacy is in Amerikaansk-Dútske spionaazje-aksjeskriller út 2004 ûnder rezjy fan Paul Greengrass, mei yn 'e haadrollen Matt Damon, Joan Allen en Brian Cox. De titel betsjut "De Bourne-Supremasy". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Robert Ludlum. It ferhaal giet oer Jason Bourne, in âld-agint fan 'e CIA dy't oan ûnthâldsferlies lijt. Hy miende ôfrekkene te hawwen mei syn ferline, mar hy rekket bûten syn skuld om fannijs by in gearspanning binnen de Amerikaanske ynljochtingetsjinst belutsen. The Bourne Supremacy wie de twadde film fan 'e Bourne-filmsearje en folge as sadanich op The Bourne Identity út 2002. In folgjende diel, The Bourne Ultimatum, kaam út yn 2007. The Bourne Supremacy krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses.

Twa jier nei de foarfallen yn The Bourne Identity libje Jason Bourne en Marie Helena Kreutz as minners ûnder de radar yn 'e Yndiaaske dielsteat Goä. Bourne hat noch altyd lêst fan nachtmerjes yn 'e foarm fan flashbacks nei syn eardere bestean as slûpmoardner foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA.

Underwilens jout adjunkt-direkteur fan 'e CIA Pamela Landy yn Berlyn lieding oan in geheime operaasje wêrby't $3 miljoen betelle wurdt oan in anonime Russyske boarne foar de saneamde Neski-dossiers, dokuminten oer wat der mei de $20 miljoen fan 'e CIA bard is dy't sân jier lyn spoarleas ferdwûn. De moeting foar de oerdracht fan it jild en de dokuminten wurdt ûnderbrutsen troch Kirill, in geheim agint fan 'e Russyske ynljochtingetsjinst FSB, dy't himsels omkeapje litten hat troch de oligarch Joeri Gretkov. Hy hat twa eksplosiven yn 'e meterkast fan it flatgebou oanbrocht om 'e elektrisiteitsfoarsjenning te sabotearjen, wêrfan't ien mei opsetsin net ôfgiet. Kirill hat dy springstoflading foarsjoen fan in fingerôfdruk fan Bourne. Nei't de stroom útfallen is, kringt Kirill it kantoar binnen dêr't de oerdracht geande is, deadet sawol de Russyske boarne as de CIA-agint, en naait út mei de dossiers en it jild.

As Kirill de bút ôfleveret by Gretkov, stjoert dyselde him nei Goä ta om 'e dea fan Bourne te bewurkmasterjen. De erchtinkende Bourne sjocht him lykwols al fan fierrens oankommen en naait mei Marie út yn syn auto. Kirill besjit harren mei in skerpskuttersgewear, mar om't Marie ûnderwilens foar Bourne yn 't plak efter it stjoer krûpt is sadat hy de hannen frijhat, is sy dejinge dy't troch de kûgel deade wurdt. De auto riidt fan in brêge yn 'e rivier en sinkt nei de boaiem. In poerrazene Bourne, dy't mient dat de CIA wer efter him oan sit, reizget nei Jeropa mei wraak yn 't sin.

Nei't by it ûndersyk nei de tadracht fan it fiasko by de moeting mei de Russyske boarne de fingerôfdruk fan Bourne fûn wurdt, dy't yn it systeem fan 'e CIA nei geheime ynformaasje liedt, freget en kriget Landy fan CIA-direkteur Martin Marshall tastimming om ûndersyk te dwaan nei Operaasje Treadstone. Se ûntdekt dat it in operaasje wie wêrby't yn it djipste geheim aginten harsensspield waarden om 'e perfekte slûpmoardners te wurden. Bourne wie de bêste fan it stel, mar ek dejinge dy't it earst trochdraaide. Har ûndersyk liedt Landy nei in oare adjunkt-direkteur ta, Ward Abbott, dy't de lieding oer Treadstone hie.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Landy fertelt Abbott dat de CIA-agint dy't de $20 miljoen stellen hie, neamd waard yn 'e Neski-dossiers. Dy dossiers binne ferneamd nei de Russyske politikus Vladimir Neski. Dyseldde soe in stikmannich jierren earder de identiteit fan 'e dief bekendmeitsje, mar waard koart tefoaren yn Berlyn deasketten troch syn frou yn in gefal fan moard-selsmoard. Landy fermoedet dat Bourne en syn direkte oerhearrige yn Treadstone, Alexander Conklin, op 'e iene of oare wize by de dieverij fan it jild belutsen wiene en dat Bourne Neski en de frou ombrocht hat. As Bourne yn Napels opdûkt, reizgje Landy en Abbott nei Berlyn, dêr't Landy fanwegen de oerdracht fan 'e dossiers al in operaasje optuge hat, om Bourne yn Jeropa te fangen. Se meitsje in tuskenstop yn Amsterdam om Nicky Parsons op te pikken, in aginte dy't as logistyk meiwurkster by Treadstone belutsen wie.

By syn oankomst út Yndia yn Napels hat Bourne himsels mei opsetsin identifisearje litten troch de dûane. As it Amerikaanske konsulaat yn Napels in CIA-agint stjoerd om him yn it ferhear te nimmen, oermasteret er de man mei gemak en kopiëarret de SIM-kaart út syn mobile tillefoan. Sa kin er neitiid alle tillefoanpetearen fan 'e man ôfharkje en komt er oan 'e weet dat Landy in ûndersyk nei him ynsteld hat en dat immen him de skuld op 'e lea besiket te skowen foar twa moarden en it stellen fan 'e Neski-dossiers en de $3 miljoen yn Berlyn. Bourne riidt yn in stellen auto nei München, dêr't er Jarda, in oare âld-agint fan Treadstone, opsiket. Dyselde fertelt him oer de dea fan Conklin en it opheffen fan Treadstone. As er Bourne besiket te fermoardzjen, deadet dy him út selsferdigening.

Neitiid reizget Bourne fierder nei Berlyn, dêr't er Landy opspoart troch de ienfâldige metoade fan it opskiljen fan it iene hotel nei it oare en hieltyd mar wer te freegjen oft er trochferbûn wurde kin nei de hotelkeamer fan Pamela Landy. As er úteinlik byt hat, folget er har út it hotel nei it gebou dêr't se har CIA-operaasje húsfêste hat. Hy skillet har op en seit dat er mei in healoere in moeting mei Nicky Parsons hawwe wol. Landy besiket de boat ôf te hâlden troch te sizzen dat se net wit oft se Nicky wol sa gau fine kin, mar Bourne, dy't har fan it dak fan it oanbuorjende gebou ôf troch it finster hinne yn 'e rekken hâldt troch it fizier fan Jarda syn skerpskuttersgewear, fertelt har dat se allinne mar even fansiden hoecht te sjen om't Nicky fuort njonken har stiet.

By de moeting ûntfiert Bourne Nicky fan 'e Alexanderplatz en komt fan har te witten dat Abbott oan it haad stie fan Treadstone en net Conklin sa't er altyd miend hie. Sûnt er yn Berlyn is, hat er lêst fan flashbacks, mar Nicky hâldt út dat er as agint fan Treadstone nea yn Berlyn aktyf west hat. Hy bedriget har mei de dea, mar lit har úteinlik gean as him dúdlik wurdt dat se neat oer syn aksje yn Berlyn wit om't dêr neat oer opnommen wie yn syn dossier. Neitiid spoart Bourne it hotel op dêr't er syn earste aksje útfierd hat, dêr't him einlings syn oantinkens oer dat foarfal wer tebinnen komme. Conklin stjoerde him út om Neski te fermoardzjen. Dyselde hearde allinne te wêzen, en doe't ûnferwachts syn frou opdaagjen kaam, skeat Bourne har ek dea en liet it derút sjen as in gefal fan moard-selsmoard. Underwilens hat Landy in opspoaringsbefel foar Bourne útgean litten, en de resepsjonist fan it hotel ken him werom. Bourne wit mar nauwerneed oan 'e Dútske plysje te ûntkommen.

Danny Zorn, de eardere assistint fan Conklin, fermoedet dat de fingerôfdruk dy't it ûndersyk nei Bourne laat hat, mei opsetsin efterlitten is. Hy giet mei syn teory nei Abbott ta, dy't him ûnferhoeds ombringt sadat er Landy net fan syn befinings op 'e hichte bringe kin. As it lyk fan Zorn weromfûn wurdt, beart Abbott dat Bourne it dien hawwe moat, mar Landy fertrout it spul net, mei't se Zorn mei Abbott ôfsetten sjoen hat en boppedat wit dat Abbott dejinge is dy't Conklin likwidearje litten hat.

Bourne brekt yn 'e hotelkeamer fan Abbott yn en nimt in tillefoantsje tusken him en Gretkov op, wêrút dúdlik wurdt dat sy tegearre de $20 miljoen fan 'e CIA efteroerdrukt hawwe. Neitiid jout Abbott yn in konfrontearjend petear mei Bourne, dat dyselde ek temûk opnimt, ta dat er it jild stellen hat, dat hy en Conklin Bourne brûkt hawwe om Neski en de frou te fermoardzjen, en dat hy en Gretkov Bourne as sûndebok brûke woene foar de resinte moarden by de oerdracht fan 'e Neski-dossiers. Hy jout ek ta dat hy en Gretkov Kirill nei Goä stjoerd hawwe om Bourne út 'e wei te romjen. Abbott ferwachtet dat Bourne him deadzje sil, mar Bourne lit him gewurde om't Marie dat net wollen hawwe soe. Nei't Bourne ôfset is, komt Landy nei de hotelkeamer fan Abbott om him te konfrontearjen oer har fermoedens omtrint de dea fan Zorn. Abbott hâldt fol dat er in "patriot" is, en sjit himsels dea foar har eagen. As se letter nei har eigen hotel weromkeart, is dêr foar Landy in pakje besoarge dat de lûdsopname fan Bourne befettet, sawol fan it tillefoanpetear tusken Abbott en Gretkov, as fan it petear tusken Abbott en Bourne.

Bourne is dan al mei de trein ûnderweis nei Moskou om mei Gretkov ôf te weven. Dy stjoert Kirill efter him oan. Kirill spoart Bourne op en ferwûnet him, mar Bourne wit te ûntkommen yn in stellen taksy. Nei in wylde efterfolging troch de stêd maneuvrearret Bourne de auto fan Kirill yn in tunnel sydlings tsjin in betonnen wand oan. Hy lit de ferwûne Kirill yn syn auto efter en mankepoatet sels te foet út 'e tunnel wei. Underwilens hat Landy har befinings trochjûn oan 'e Russyske autoriteiten, dy't Gretkov en konsorten oppakke. Neitiid siket Bourne Irena, de teenagedochter fan Vladimir Neski op, oan wa't er opbychtet dat har mem net har heit fermoarde hat en doe selsmoard dien hat, mar dat se ynstee beiden troch him fermoarde binne. Hy fertelt har dat er ferwachtet dat se dat wol witte woe, om't it it hiele byld feroaret dat se fan har âlden hat. Hy biedt syn ûntskuldigings oan en jout him ôf.

Matt Damon.
Joan Allen.
Brian Cox.

Letter nimt Bourne yn New York op 'e nij tillefoanysk kontakt op mei Landy. Se betanket him foar de lûdsopname en fertelt him syn echte namme, David Webb, en syn berteplak en -datum. Ek freget se him om har te moetsjen. Nei in skoftke stilte seit Bourne inkeld: "Soargje datst wat mear sliep krijst, Pam. Sjochst der wurch út."

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jason Bourne Matt Damon
Pamela Landy Joan Allen
Ward Abbott Brian Cox


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Nicky Parsons Julia Stiles
FSB-agint Kirill Karl Urban
Joeri Gretkov Karel Roden
Marie Helena Kreutz Franka Potente
Danny Zorn Gabriel Mann
Jarda Marton Csokas
CIA-direkteur Martin Marshall Tomas Arana
Tom Cronin Tom Gallop
Kim Michelle Monaghan
Irena Neski Oksana Akinshina

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It waard lange tiid ûnwierskynlik achte dat der in ferfolchfilm op The Bourne Identity út 2002 makke wurde soe. Neffens haadrolspiler Matt Damon hie yn 't earstoan nimmen dy't by de produksje fan dy film belutsen wie, dêr earen nei. It súkses fan The Bourne Identity soarge der lykwols foar dat filmstudio Universal Pictures dochs op in ferfolch oanstjoerde, temear om't skriuwer Robert Ludlum yn 1986 mei it boek The Bourne Supremacy in ferfolch op syn roman The Bourne Identity publisearre hie. It senario foar de nije film waard skreaun troch Tony Gilroy, dy't sterk fan 'e roman fan Ludlum ôfwiek, neffens himsels om't de wrâld no ienris tige by tige feroare wie sûnt 1986.

The Bourne Supremacy waard regissearre troch Paul Greengrass, dy't dêrfoar ynhierd waard nei't filmprodusint Patrick Crowley op suggestje fan Gilroy de film Bloody Sunday fan Greengrass sjoen hie, oer de foarfallen fan Bloedige Snein yn it Noardierske Derry yn 1972. Crowley ornearre dat Greengrass syn filmstyl mei "de kamera as dielnimmend taskôger" goed wurkje soe foar The Bourne Supremacy. De film wie in Amerikaansk-Dútske ko-produksje fan The Kennedy/Marshall Company, Ludlum Entertainment en Studio Babelsberg, dêr't Crowley, Frank Marshall en Paul L. Sandberg as produsinten de lieding oer hiene. Der wie foar de film in budget fan $75 miljoen beskikber.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Oliver Wood, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Powell. De film waard yn omkearde folchoarder opnommen: earst waarden de auto-efterfolging en de ôfrin yn Moskou filme, dêrnei it meastepart fan 'e film yn Berlyn en úteinlik it begjin fan 'e film yn 'e Yndiaske dielsteat Goä. Neffens in artikel dat yn juny 2008 yn 'e Britske krante The Guardian ferskynde, soe Greengrass twa wiken foar de premiêre fan The Bourne Supremacy de produsinten opskille hawwe mei de meidieling dat er in bettere ein betocht hie. Hy woe halje-trawalje noch in nije sêne opnimme, wêrfoar't Damon fan 'e set fan Ocean's Twelve helle wurde moast foar in reshoot. Dat soe alles mei-inoar $200.000 kostje. De produsinten giene mei tsjinnichheid akkoart en de nije ein fan 'e film foel by in testpublyk folle better yn 'e smaak.

De distribúsje fan The Bourne Supremacy waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 23 july 2004 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Bourne Supremacy in heech goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 195 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In goed makke ferfolchfilm dy't spanning leveret." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Bourne Supremacy in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 39 resinsjes.

The Bourne Supremacy brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $176,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $112,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $288,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $75 miljoen betsjut dat in winst fan $213,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Bourne Supremacy in grut kommersjeel súkses.

The Bourne Supremacy wûn yn 2005 twa Britske Empire Awards yn 'e kategoryen bêste film en bêste akteur (Matt Damon). De film waard ek nominearre foar in Empire Award foar Britske regisseur fan it jier (Paul Greengrass). Fierders waard The Bourne Supremacy nominearre foar twa MTV Movie Awards (bêste aksjesêne en bêste akteur), in People's Choice Award (bêste dramafilm) en twa Teen Choice Awards (bêste aksjefilm en bêste akteur yn in aksjefilm).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Bourne (filmsearje)
The Bourne Identity (2002) • The Bourne Supremacy (2004) • The Bourne Ultimatum (2007) • The Bourne Legacy (2012) • Jason Bourne (2016)