Springe nei ynhâld

Jason Bourne (film)

Ut Wikipedy
Jason Bourne
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Paul Greengrass
produsint Paul Greengrass
Matt Damon
Frank Marshall
Jeffrey M. Weiner
Ben Smith
Gregory Goodman
senario Paul Greengrass
Christopher Rouse
basearre op personaazjes út 'e boeken
   fan Robert Ludlum
kamerarezjy Barry Ackroyd
muzyk John Powell
David Buckley
filmstudio Perfect World Pictures
The Kennedy/Marshall Company
Captivate Entertainment
Pearl Street Films
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Matt Damon
Tommy Lee Jones
Alicia Vikander
byrollen Vincent Cassel
Julia Stiles
Ato Essandoh
Riz Ahmed
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 july 2016
foarm langspylfilm
sjenre spionaazje-aksjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 123 minuten
budget en resultaten
budget $120 miljoen
opbringst $415,5 miljoen
prizen 1 × Empire Award
filmsearje
filmsearje Bourne
● foarich diel The Bourne Legacy

Jason Bourne is in Amerikaanske spionaazje-aksjeskrillerfilm út 2016 ûnder rezjy fan Paul Greengrass, mei yn 'e haadrollen Matt Damon, Tommy Lee Jones en Alicia Vikander. De titel ferwiist nei de namme fan 'e haadpersoan, in âld-agint fan 'e CIA dy't oan ûnthâldsferlies lijt. De film is basearre op 'e personaazjes út 'e romansearje fan Robert Ludlum, mar de plot fan 'e film is folslein nij. It ferhaal folget Jason Bourne, dy't nei jierren fan ûnderdûkt libjen wer boppe wetter komt as er ynformaasje taspile kriget dat de CIA belutsen wie by de dea fan syn heit. Jason Bourne wie de fyfde film fan 'e Bourne-filmsearje en folge as sadanich op The Bourne Legacy út 2012. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wûn de Empire Award foar bêste skrillerfilm. Yn 'e bioskopen ûntjoech Jason Bourne him ta in grut kommersjeel súkses.

Tolve jier nei't er it bestean fan Operaasje Blackbriar, in klandestyn projekt fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA (sjoch: The Bourne Ultimatum), útbrocht en dêrnei ferdwûn, is Jason Bourne, in eardere slûpmoardner yn 'e tsjinst fan 'e CIA, einlings en te'n lêsten opbettere fan syn ûnthâldsferlies. Hy libbet lykwols isolearre en ûnderdûkt om net wer it doelwyt fan in likwidaasje troch syn eardere wurkjouwers te wurden. Op it stuit fertsjinnet er yn Grikelân de kost as priisfjochter yn barbaarske, ûndergrûnske bokswedstriden mei de bleate hân.

Underwilens hat Nicky Parsons, de âld-CIA-aginte dy't Bourne earder holpen hie (sjoch: The Bourne Ultimatum) har oansletten by de groep hacktivisten fan Christian Dassault. Fanút Reykjavik hackt se de mainframekompjûter fan 'e CIA en stelt alle dossiers oer de programma's foar klandestine operaasjes. Har hack alarmearret Robert Dewey, de direkteur fan 'e CIA, en ek Heather Lee, it haad fan 'e ôfdieling cyberoperaasjes. Dyselde kin har net tsjinkeare, mar it slagget har wol derfoar te soargjen dat Nicky behalven de dossiers ek in stikje malware download op har USB-stick. Under it downloaden sjocht Parsons de bút yn en ûntdekt dan dokumintaasje oer de rekrutearring fan Bourne, dy't eins David Webb hjit, troch Operaasje Treadstone (dy't foarôfgie oan Blackbriar). Dêr sit ek ynformaasje by oer de rol dy't syn heit Richard Webb spile by it opsetten fan dat programma.

Neitiid reizget Parsons nei Atene ta om Bourne te finen en te ynformearjen oer har fynst. Harren moeting fynt plak op it Syntagmaplein yn 'e midden fan 'e stêd wylst dêr in gewelddiedige konfrontaasje oan 'e gong is tusken de Grykske plysje en in grutte kloft demonstranten. Dewey en Lee, dy't Parsons yn it CIA-haadkertier nei Grikelân ta folge hawwe fia opnamen fan befeiligingskamera's op lofthavens, stjoere twa CIA-teams en in spesjale CIA-slûpmoardner om Bourne en Parsons te likwidearjen. De slûpmoardner is ien dy't in persoanlike wrok tsjin Bourne koesteret om't troch Bourne syn útbringen fan ynformaasje oer Operaasje Blackbriar syn coveridentiteit ûntbleate waard, mei as gefolch dat er twa jier lang foltere is yn in Syryske finzenis. Bourne en Parsons ûntkomme oan 'e beide teams, mar de slûpmoardner sjit Parsons del wylst se by Bourne efterop in stellen plysjemotor sit.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Foar't se stjert langet Parsons oan Bourne de kaai oer fan in klúske dat û.m. de kodearre USB-stick mei de hackte CIA-dossiers befettet. Om't Parsons him ferteld hat dat der yn 'e dossiers ynformaasje oer de rol fan syn heit stiet, en Bourne noch altyd besiket te begripen hoe't er sels yn Operaasje Treadstone behelle rekke is, reizget er nei Berlyn ta. Dêr siket er yn 'e wyk Kreuzberg Dassault op, dy't de ynhâld fan 'e USB-stick foar him dekodearret. Troch de hackte dossiers te lêzen, ûntdekt Bourne dat syn heit in CIA-analist wie, dy't oan 'e widze stie fan Operaasje Treadstone. Wat er net wit, is dat it oansluten fan 'e stick op in kompjûter mei aktive ynternetferbining de malware fan Lee aktivearret en de CIA witte lit wêr't er is. Dewey stjoert daliks in team om him út te skeakeljen, hoewol't Lee, dy't ûnderwilens yn 'e dossiers oer Bourne dûkt is, ta de konklúzje kommen is dat Bourne troch de juste oanpak noch werom te heljen en wer om te turnjen is.

Lee wit fia de oansteande mobile tillefoan fan Dassault ferbining te meitsjen mei de kompjûter en dy opdracht te jaan de hackte dossiers te wiskjen. Dat bart lykwols pas nei't Bourne al genôch lêzen hat om him fierder te lieden. Wylst er noch yn bestân stiet oer wat syn folgjende stap wêze sil, wurdt er op 'e tillefoan fan Dassault opskille troch Dewey, dy't besiket him oan 'e praat te hâlden oant it CIA-team arrivearret. Lee stjoert him lykwols yn in sms-berjocht in waskôging. Bourne ûntkomt en reizget nei Londen ta, dêr't er Malcolm Smith opspoart, in eardere wurknimmer fan 'e CIA dy't neffens de ynformaasje yn 'e dossiers him en syn heit ûnder suveillânse hold. Yn Washington, D.C. passearret Lee har baas Dewey om oan syn baas, Edwin Russell, de direkteur fan Nasjonale Ynljochtings (DNI), har idee foar te lizzen om te besykjen Bourne wer foar de CIA te winnen. Dewey, dy't persoanlike redens liket te hawwen om fan Bourne ôf te wollen, is poer, hoewol't er der ûnder druk fan Russell mei ynstimt om Lee in kâns te jaan har plan út te fieren.

Yn Londen beävensearret Bourne in moeting mei Smith op Paddington Plaza. De CIA-operaasje yn Londen stiet yn namme ûnder lieding fan Lee, dy't dêr sels oanwêzich is en twa twamans teams ynset. Op oankringen fan Dewey bringt se deselde slûpmoardner fan Atene yn it fjild as reserve-opsje, foar as har plan net slagget. Dewey ferriedt har lykwols troch eins sels út Washington wei de toutsjes yn 'e hannen te hâlden. Hy set de slûpmoardner daliks yn, dy't beide teams fan Lee yn 'e rêch oanfalt en eliminearret. Dêrnei wol er fan it dak fan in gebou ôf Bourne deadzje sadree't dy him by Smith fertoant. Bourne is him lykwols te slim ôf troch yn alle kantoargebouwen om Paddington Plaza hinne de brânalaarms ôfgean te litten, sadat it plein folrint mei evakuëarre lju.

Bourne naait út mei Smith, dy't lykwols troch in earke streekrjocht oarders kriget fan Dewey. Under bedriging mei de dea jout Smith ta dat Richard Webb Operaasje Treadstone betocht hie, mar besocht tsjin te hâlden dat syn eigen soan foar it programma rekrutearre en ta moardner omfoarme wurde soe. Om't net akseptearre waard dat er it programma dwerseide, waard Webb yn Beirût foar de eagen fan Bourne mei in autobom fermoarde. De CIA liet it lykje as wie it in terroristyske oanslach, wat net inkeld handich wie foar de skuldfraach, mar ek holp om Bourne derta te bringen om him as frijwilliger foar Operaasje Treadstone oan te melden, om't er syn heit wreekje woe.

Underwilens spoart de slûpmoardner, dy't mei syn earke op itselde kanaal sit en dus krekt as Dewey alles hearre kin wat Smith en Bourne sizze, harren op it dak fan in gebou op. Hy besiket Bourne dea te sjitten, mar dyselde brûkt Smith as libben skyld, mei as gefolch dat dy deasketten wurdt. As Bourne de slûpmoardner yn it each kriget, ken er him wer as de man dy't er yn in auto fuortriden seach nei de moard op syn heit al dy jierren lyn. Bourne ûntkomt en spoart Lee op, dy't er allinne treft. Sy besiket him oan te praten dat se yn Dewey in mienskiplike fijân hawwe en biedt him gearwurking oan. Se fertelt Bourne dat Dewey no nei in konvinsje op it mêd fan spionaazjetechnology yn Las Vegas sil.

Op 'e konvinsje sil Dewey dielnimme oan in paneldiskusje oer spionaazje as foarm fan beskerming fersus it rjocht fan boargers op privacy. Syn debatpartner is dêrby Aaron Kalloor, de populêre algemien direkteur fan Deep Dream, in bedriuw op it mêd fan 'e sosjale media. Kalloor blaast yn it iepenbier heech fan 'e toer oer de maatskiplike ferantwurdlikheid fan grutte bedriuwen yn it ynternettiidrek, mar syn eigen ûndernimming is fan it begjin ôf oan temûk finansierd troch Dewey. Dyselde is fan doel om Deep Dream te brûken foar massasurveillânse yn realtime fan alle brûkers, en ek om it systeem te keppeljen oan 'e nijste ynkarnaasje fan it doelrjochte slûpmoardprogramma fan 'e CIA, dat Iron Hand hjit. Dat is in sels noch ûnmeilydsumer en sinisterder operaasje as Blackbriar, wêrby't it in slûpmoardner folslein frijstiet om lykfolwa út 'e wei te romjen dy't him yn it paad stiet om by syn doelwyt te kommen.

Kalloor hat him yn 'e tuskentiid betocht, en wol de stekker út 'e gearwurking mei Dewey lûke, wat de ûntidige ein fan Iron Hand betsjutte soe. Syn assistint Baumen ferriedt syn bedoelings lykwols oan Dewey, dy't beslút him by de paneldiskusje troch de slûpmoardner likwidearje te litten. Hy jout de slûpmoardner opdracht om ek "in kûgel yn myn lofterhân" te pleatsen, en hoewol't er dêrby nei syn eigen lofterhân sjocht, wurdt letter dúdlik dat er Heather Lee bedoelt, dy't troch har eigenmachtich optreden yn 'e relaasje mei de DNI in bongel oan syn foet wurden is. Underwilens is Bourne mei help fan Lee yn Las Vegas arrivearre, dêr't op 'e konvinsje yn it gedrang ferskate spionaazjegadgets efteroerdrukt. Ien dêrfan is in trackingapparaatsje dat er Lee taspilet, dy't it temûk by Dewey yn 'e bûse stoppet.

By de paneldiskusje dwerseidet Bourne de slûpmoardner troch him krekt as er sjitte wol, mei in skynwerper yn 'e eagen te skinen. Kalloor rekket lichtferwûne en Lee komt mei de skrik frij. Bourne folget Dewey nei syn suite yn it hotel boppe de konvinsjeromte, dêr't er him konfrontearret mei de moard op syn heit. Dewey besiket tiid te rekken troch in berop te dwaan op Bourne syn gefoel foar heitelânsleafde, oant syn rjochterhân, spesjaal agint Jeffers, de hotelkeamer berikke kin. Bourne sjit Jeffers dea, mar rint dêrby sels in skotwûne op. De ôflieding hat Dewey by steat steld om in pistoal te gripen, mar ear't er Bourne deasjitte kin, wurdt er sels deasketten troch Lee, dy't efter Jeffers oan kommen is. Bourne pakt Lee har pistoal ôf en seit dat sy hjir nea west hat. Dêrnei jout er him ôf om 'e slûpmoardner te efterfolgjen, om wraak te nimmen foar de moarden op syn heit en Nicky Parsons.

De slûpmoardner deadet in plysjeman en stelt in pânsere plysjetruck fan in arrestaasjeteam, wylst Bourne in gewoane auto stelt. In wylde efterfolging oer de Las Vegas Strip, wêrby't de slûpmoardner yn syn swiere fiertúch in wiere ravaazje ûnder it oare ferkear oanrjochtet, einiget as beide auto's yn in kasino crashe. De slûpmoardner flechtet in tunnel yn dêr't er fia it rioel ûntkomme wol, mar Bourne efterfolget him op 'e nij. By de slaanderij dy't dan ûntstiet, komt Bourne, dy't de lêste jierren oanhâldend de kost fertsjinne hat mei sokke gefjochten, op 't langelêst as winner út 'e bus troch syn fijân de nekke te brekken.

Yn 'e neisleep fan it hiele debakel yn Las Vegas wit Heather Lee ûnder in autorit yn Washington, D.C. DNI Russell derfan te oertsjûgjen dat it probleem wie dat Dewey te âlderwetsk wie en syn metoaden dêrom efterhelle. Se praat derop om dat de CIA ferlet hat fan in direkteur mei ferstân fan 'e wrâld fan hjoed (dat wol sizze: sysels). As Russell har as sadanich beneame wol, sil er dêr gjin spyt fan krije, en oars binne der grif wol oare ynstânsjes dy't har mei al har opdiene kennis graach hawwe wolle. Se leit Russell ek har plan foar om Bourne wer werom te heljen binnen de CIA. Se is derfan oertsjûge dat soks slagje sil, om't se syn fertrouwen wûn hat. En mocht it net slagje, dan romje se him gewoan dochs noch út 'e wei.

Matt Damon.
Tommy Lee Jones.
Alicia Vikander.

Nei't se by Russell út 'e auto stapt is, hat Lee yn in park in moeting mei Bourne, dy't se op it hert drukt dat de CIA ûnder de nije lieding de organisaasje wurde sil dy't er by syn rekrutearring tocht dat it wie. Bourne freget om betinktiid en kuieret fuort. As se by har auto komt, fynt Lee op 'e passazjiersstoel in oare spionaazjegadget dy't Bourne yn Las Vegas oppikt hie, dêr't men binnen hûndert meter alle petearen mei ôfharkje kin troch tuskenlizzende romten en oer eftergrûnlûden hinne. As se de lûdsopname ôfspilet, heart se harsels tsjin Russell sizzen dat se Bourne oars gewoan dochs noch út 'e wei romje kinne.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jason Bourne Matt Damon
CIA-direkteur Robert Dewey Tommy Lee Jones
Heather Lee, haad fan 'e ôfd. cyberoperaasjes fan 'e CIA Alicia Vikander


byrollen
personaazje akteur/aktrise
de CIA-slûpmoardner Vincent Cassel
Nicky Parsons Julia Stiles
CIA-agint Craig Jeffers, Dewey syn rjochterhân Ato Essandoh
Aaron Kalloor, algemien direkteur fan Deep Dream Riz Ahmed
Edwin Russell, de direkteur fan nasjonale ynljochtings (DNI) Scott Shepherd
Malcolm Smith Bill Camp
Christian Dassault Vinzenz Kiefer
Richard Webb Gregg Henry
Baumen, de assistint fan Kalloor Stephen Kunken

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie 2007, noch foar't The Bourne Ultimatum, de trêde Bourne-film útkaam, sei haadrolspiler Matt Damon dat er gjin belangstelling hie foar it meitsjen fan in fjirde film yn 'e searje: "Dat hynder hawwe wy beriden sa fier't we dermei komme kinne." Yn augustus fan dat jier heakke er dêroan ta dat er mooglik mei in jier as tsien wer foar in nije Bourne-film beskikber wie op betingst dat dy regissearre wurde soe troch Paul Greengrass. Ynstee fan in nije Bourne-film mei Damon waard doe in spin-off-film makke, The Bourne Legacy, dy't yn 2012 útkaam, mei Jeremy Renner yn 'e haadrol fan Aaron Cross. Yn septimber 2014 kundigen Greengrass en Damon oan dat se in fyfde (foar harren fjirde) Bourne-film meitsje soene; dat waard Jason Bourne.

Regisseur Greengrass wurke foar de film op basis fan in senario dat skreaun wie troch himsels en filmeditor Christopher Rouse. Oars as de eardere dielen út 'e Bourne-searje hold Jason Bourne sels net mear de skyn op dat de film op ienige wize basearre wie op in roman fan Robert Ludlum of dy syn opfolger Eric van Lustbader. Inkeld de personaazjes dy't troch Ludlum betocht wiene, foarmen noch in bân tusken de nije film en de romansearje. Greengrass wie ek as filmprodusint by it projekt belutsen, yn 'e mande mei Damon, Frank Marshall, Jeffrey M. Weiner, Ben Smith en Gregory Goodman, yn opdracht fan 'e studio's Perfect World Pictures, The Kennedy/Marshall Company, Captivate Entertainment en Damons syn Pearl Street Films. Der wie foar Jason Bourne in budget beskikber fan $120 miljoen.

Opnamen en postproduksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Barry Ackroyd, de filmmontaazje kaam op it boardsje fan Christopher Rouse, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Powell en David Buckley. De opnamen setten útein op 8 septimber 2015 yn 'e Berlynske wyk Kreuzberg. Oare filmlokaasjes wien Atene, Londen, Washington, D.C., Las Vegas en de Kanaryske Eilannen. De binnendoarsênes waarden filme yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden, yn Hertfordshire. De lêste opnamedei foel op 1 febrewaris 2016.

In filmset fan Jason Bourne op lokaasje yn Berlyn.

De distribúsje fan Jason Bourne waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 11 july 2016 yn Londen yn premiêre, wêrnei't er op 29 july yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. Dyselde deis kaam ek de soundtrack fan 'e film út yn 'e foarm fan in muzykalbum by platemaatskippij Back Lot Music. Op 25 oktober 2016 waard Jason Bourne útbrocht op dvd en blu-ray.

Jason Bourne krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 31/2 fan 4 stjerren en hie benammen lof foar Matt Damon yn 'e titelrol. Hy omskreau de film as "de bêste aksjeskriller fan it jier oant no ta". Dêr heakke er oan ta: "[…] wylst in diel fan wat foarfalt op hast cartooneske wize oerdreaun is, sjocht it der likegoed prachtich út." Yn it tydskrift The Hollywood Reporter fûn Todd McCarthy de ein fan Jason Bourne tsjûgjen fan wansmaak. Hy skreau: "spitigernôch, lykwols, einiget de film mei in falske, minder as ymposante noat, en teffens mei it besef dat, hoefolle tiid we ek mei har trochbrocht hawwe, de personaazjes dochs troch ende wer troch iendiminsjonaal bliuwe." Op it mêd fan technyk en logistyk hied er lykwols lof foar de film.

Chris Tilly fan IGN joech Jason Bourne in 7 op in skaal fan 1 oant 10 en skreau: "[De film] hat in plot dy't dermei troch kin en in pear spannende stikjes, wêrmei't er fuort al better is as it meastepart fan 'e aksjefilms. Mar yn 'e kontekst fan syn foargongers is dat gewoan net goed genôch; de nije film ûntkomt nea alhiel oan it skaad dat smiten wurdt troch de foargeande trilogy, dat je freegje jin ôf wêrom't Bourne überhaupt wer foar it ljocht helle is." Yn Uproxx skreau Mike Ryan: "Jason Bourne is in folslein ûnnedige ferfolchfilm dy't de plot [fan de searje] mar kwealk fierder bringt fan wêr't dy by de trêde film bleaun wie. En nei alle poeha dy't yn The Bourne Legacy makke waard om't net ien Bourne fine koe, fielt it wat nuver oan dat syn weromkear no sa antyklimaktysk is."

Oer de ynhâld fan 'e film skreau A.O. Scott yn The New York Times: "Dit is miskien wol it meast opfallende oan Jason Bourne: frijwol alle wichtige personaazjes – goed, min en dêrtuskenyn – wurkje foar deselde organisaasje, teminsten op freelance-basis. Der binne tsjustere flústerings oer bedrigings fan bûtenôf […], mar geopolityk en technology binne mar boustegers foar wat eins in film is oer problemen by de ôfdieling personielssaken yn in grutte burokrasy." Yn it tydskrift Variety fûn Peter Debruge: "Yn in protte opsichten is Jason Bourne de meast ûntrêstgjende film fan 'e searje, mei't er wiist op in ûnbidige gearspanning dy't rjochte is tsjin 'e Amerikaanske befolking […]."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Jason Bourne in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 319 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] leveret fans fan 'e franchise mear fan wêr't se op rekkenen – en dat is sawol it grutste pluspunt fan dizze ferfolchfilm as syn slimste flater." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Jason Bourne in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 50 resinsjes.

Jason Bourne brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $162,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $253,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $415,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $120 miljoen betsjut dat in winst fan $295,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Jason Bourne wûn de Britske Empire Award foar bêste skrillerfilm. De film waard fierders nominearre foar twa Critics' Choice Awards foar bêste aksjefilm en bêste akteur yn in aksjefilm (Matt Damon), de Saturn Award foar bêste skrillerfilm, de Screen Actors Guild Award foar bêste stuntlju yn in film en dêropta noch trije Teen Choice Awards.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Bourne (filmsearje)
The Bourne Identity (2002) • The Bourne Supremacy (2004) • The Bourne Ultimatum (2007) • The Bourne Legacy (2012) • Jason Bourne (2016)