Liepke Scheepstra
Liepke Scheepstra | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Liepke Scheepstra | |
oare namme | "Bob" en "Jelte" | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 novimber 1918 | |
berteplak | Ljussens | |
stoarn | 15 septimber 2002 | |
stjerplak | Amersfoart | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
prizen | Militaire Willems-Orde |
Liepke Scheepstra (Ljussens, 1 novimber 1918 – Amersfoart, 15 septimber 2002) wie in Nederlânsk fersetsman yn de Twadde Wrâldkriich. Hy brûkte de skûlnammen "Bob" en "Jelte".[1][2]
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Liepke waard grutbrocht op Skiermûntseach en troude letter mei Frouwke Elizabet Dijk.
Scheepstra wie foar de oarloch tsjinstplichtich korporaal by it Korps Plysjetroepen. Yn 1943 wie er ien fan de oprjochters fan de Lanlike Knokploegen (LKP). Dy organisaasje wie warber mei oerfallen op distribúsjekantoaren, it fersprieden fan yllegale publikaasjes, it sykjen fan ûnderdûkadressen foar joaden en help oan delsketten piloaten.
Hy wie as organisator belutsen by de oerfal op 11 maaie 1944 op de Arnhimse Koepelfinzenis, dêr't ûnder oaren Henk Kruithof en Frits de Zwerver befrijd waarden.
By de oerfal op it Hûs fan Bewar te Arnhim op 11 juny 1944, dêr't 54 finzenen by befrijd waarden, hie Scheepstra de lieding. It wie de grutste befrijingsaksje út de besettingstiid. Scheepstra hearde ta it fjouwermanskip dat de LKP late (wie koördinator foar East-Nederlân) en wurke mei oan it gearbringen fan de knokploegen, de Oardertsjinst en de Ried fan Ferset yn de Binnenlânske Striidkrêften.
Scheepstra waard op 1 oktober 1958 earfol út militêre tsjinst ûntslein en ûnderskieden mei de Militêre Willems-Oarder, dy't er earst op oanstean fan Keninginne Wilhelmina akseptearje koe "as plakferfangend foar al dy oaren".
Scheepstra hat nei de oarloch noch in tal bedriuwen yn kofje-apparatuer yn Assen en Amersfoart laat. Fierders sette er him yn foar de belangen fan neibesteanden fan sneuvele fersetsminsken, it fêstlizzen fan de skiednis fan it ferset en it oerbringen fan de motiven fan it ferset op lettere generaasjes.
Scheepstra waard beïerdige op Skiermûntseach. Syn Collectie Oorlog en Verzet waard oerdroegen oan de Stichting IJsselacademie Kampen.[3]
Neitins
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 6 maaie 2022 hinget in plakette ta oantins fan Scheepstra oan de Petrustsjerke yn Ljussens. [4]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webside oer Johannes ter Horst mei in soad ynformaasje oer de befrijingsaksjes yn Arnhim.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Frysk soldaat
- Frysk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk soldaat
- Nederlânsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Ridder yn de Militêre Willems-Oarder
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Ljussens
- Skiermûntseach
- Persoan berne yn 1918
- Persoan stoarn yn 2002