Hûs fan Bewar

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
'De Schie' yn Rotterdam is neist finzenis ek hûs fan bewar

In Hûs fan bewar is yn Nederlân in finzenisgebou, dêr't minsken meastentiids gjin finzenisstraf útsitte, mar yn (foarlopige) hechtens sitte. Yn dy finzenissen sitte fral ferdachten fan in misdriuw yn ôfwachtsjen fan harren feroardieling of frijspraak en persoanen dy't ta hechtens feroardield wurde, bygelyks om't sy in boete net betelle hawwe.