De Drie Koornbloemen

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Drie Koornbloemen
33287 De Drie Koornbloemen.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag Zuid-Holland.svg Súd-Hollân
plak Coat of arms of Schiedam 2.svg Skiedam
adres Vellevest 5
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1770
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 33287 [1]
webside Side fan de Stifting De Schiedamse Molens

De Drie Koornbloemen is de âldste noch besteande wynmûne fan de Súd-Hollânske stêd Skiedam. De mûne waard yn 1770 foar achttjin branners boud. It is de iennige mûne fan Skiedam mei in oan de mûne boud moundershûs, dat yn 1832 boud waard. Nei alle gedachten waard de eftergevel fan it mûndershûs op in âld stikje stedsmuorre boud.

It mûndershûs

De mûne waard yn de 19e iuw brûkt foar it seagjen fan mahoanyhout. Wat letter die de mûne tsjinst as pelmûne foar rys. Doe't yn 1857 de belesting foar it meallen skrast waard, naam de eigner it beslút om op 'e nij foar bakkers te meallen. It neiteam fan de doetiidske mounder sette letter útein mei it meallen fan mais, earten en beannen foar it ferwurkjen fan feefoer.

Yn 1938 waard de mûne ferkocht en de nije eigner renovearre de mûne en brûkte dy foar syn stien- en tegelbedriuw om stien ta grús te fermeallen. Yn de jierren 1950 wie yn 'e mûne op 'e nij in feefoerbedriuw ûnderbrocht.

De gemeente Skiedam kocht yn 1976 de mûne oan en liet de gebouwen wer hielendal restaurearje. De houten ynrjochting fan de mûne waard yn 2007 restaurearre. Yn 2016 kocht de hjoeddeiske eigner, de stifting De Schiedamse Molens, de mûne oer, dy't ek fan doel is om it pelwurk fan de mûne te rekonstruëarjen.

Oare mûnen yn Skiedam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: