De Babbersmûne

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Babbersmûne
De Babbersmolen in de winter.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag Zuid-Holland.svg Súd-Hollân
plak Flag of Schiedam.svg Skiedam
adres Schiedamsedijk 2A
bysûnderheden
type bouwurk Poldermûne
boujier 1710
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 513195 [1]
webside Side fan de Stifting De Schiedamse Molens

De Babbersmûne is in poldermûne yn Skiedam yn de provinsje Súd-Hollân. Jierrenlang stie de âldste stiennen poldermûne fan it lân der by as in suterige romp, mar yn de jierren 2012-2013 is de mûne restaurearre en foar in part rekonstruearre.

De Babbersmûne as romp yn 2007

De Babbersmûne waard yn 1710 boud en folge doe in midsiuwske mûne op syn fûneminten op. It oanlizzen fan it spoar fan Skiedam nei Hoek fan Hollân yn 1888 beheinde de mûne yn 'e wynfang. De oplossing waard fûn yn it ferheegjen fan de romp mei trije meter. Foar it bestsjinjen fan de mûne wie ek it bouwen fan in stelling nedich. Sûnt 1924 waard de mûne oandreaun troch in Deutz-motor. De stelling, kape, wjukken en sturt waarden dêrmei oerstallich en ôfbrutsen. Oant dy tiid wenne de mounder noch yn de mûne, mar foar him en syn hûshâlding waard doe in nij hûs njonken de mûne boud en hy moast om oar wurk sjen.

Healwei de jierren 1950 wie it hielendal dien mei de Babbersmûne. In elektrysk gemaal op in oar plan naam de wetterhûshâlding oer en de romp fertutearzgje jimmeroan mear. Sûnt 1979 makke de fûgelopfang gebrûk fan de romp. Eigner wie doe de gemeente Skiedam, dy't der yn slagge de romp yn 2003 as ryksmonumint yn te skriuwen. Yn dat jier kocht de stifting 'De Schiedamse Molens' de mûne fan de gemeente oer. De stifting wie fan doel om fan de mûne wer in folslein wurkjen mûne te meitsjen sa't dy der foar 1924 útseach.

Ein 2011 wûn de stifting in priis fan € 10.000,00 fan de provinsje Súd-Hollân foar it bêste Mûnebiotoopferbetterplan. Om de mûne better ta syn rjocht te bringen waard de omjouwing fan de mûne oanpast. Yn febrewaris folge de bou fan in stelling en in diel fan it geande wurk waard wer opboud. Sûnt novimber fan dat jier waard de mûne ek wer draaifeardich. Tsjin it ein fan 2013 koe de restauraasje ôfsletten wurde.

Oare mûnen yn Skiedam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: