De Palmboom
De Palmboom | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Noordvest 34 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Moutmûne | |
boujier | 1781; weropbou 1991-1993 | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 33267 [1] | |
offisjele webside | ||
Side fan de Stifting De Schiedamse Molens |
De Palmboom is in rûne stiennen stellingmûne yn de Súd-Hollânske stêd Skiedam. Oarspronklik waard de mûne boud yn 1781 om foar de jeneverstokerijen mout te meallen. Yn 1901 sloech by in brân yn de omkriten in fonk oer op de mûne, dy't dêrnei folslein útbaarnde. De mûneromp bleau lykwols bewarre en yn de jierren 1991-1993 waard de mûne wer hielendal opboud, dy't doe de namme "De Nieuwe Palmboom" krige.
Oant 2018 hie de mûne in museumfunksje, dy't yn febrewaris fan dat jier oergyng op De Walvisch, dy't foar dat doel earst ferboud waard. Sûnt hjit de mûne wer De Palmboom. Tichteby de mûne steane oan it wetter De Noord en De Vrijheid. Yn de mûne is ek kantoarromte en in romte dy't oan partikulieren ferhierd wurde kin.

De Palmboom is útrist mei trije mealkoppels en in mingtsjettel. Fierder is der in elektryske túchôfsûchynstallaasje oanwêzich. De roeden hawwe in flecht fan 26,70 meter. Der wurdt nôt en mout mealle foar de stokerijen en de bakkers yn 'e omjouwing.
Sûnt 1978 is de mûne in ryksmonumint. Yn de muorre is in gevelstien ynbrocht fan in palmbeam mei opskrift.
Oare mûnen yn Skiedam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Mûnedatabase
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|