De Vrijheid (Skiedam)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Vrijheid
33268 Molen de vrijheid.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag Zuid-Holland.svg Súd-Hollân
plak Coat of arms of Schiedam 2.svg Schiedam
adres Noordvest 40
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1785
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 33268 [1]
webside Side fan de Stifting De Schiedamse Molens

De Vrijheid is ien fan de hege stedsmûnen yn it Súd-Hollânske plak Skiedam. De mûne stiet oan de Noordvest en waard yn 1785 foar in tal stokerijen tusken de ek tsjintwurdich noch besteande mûne 'De Noord' en de yn 1823 nei in brân ôfbrutsen mûne 'De Star' boud. Oare stokerijen hiene der net in soad mei op mei dy nijbou; hja wiene benaud dat de nije mûne troch de hichte en breedte de wynfang foar de oare mûnen beheine soe. De mûne mealle oant 1917 foar de stokerijen.

Gevelstien fan De Vrijheid

Sûnt 1917 sette de nije eigner Cornelis Antonius Knock útein mei it meallen fan feefoer. De mûne ûndergyng in restauraasje yn 1939 en yn de hongerwinter fan 1944-1945 mealle de mûne earten en beannen foar de gearkoken. Nei de Twadde Wrâldkriich rekke de mûne bûten bedriuw en yn 1960 kocht de gemeente Skiedam de mûne oan.

In tal frijwilligers knapte de mûne op en yn 1974 wie de mûne wer mealfeardich en fol yn bedriuw. De ynrjochting fan De Vrijheid is kompleet as moalfabryk en útrist mei trije koppel stiennen, werfan ien mei elektryske oandriuwing.

Hjoeddedei is de stifting 'De Schiedamse Molens' eigner fan De Vrijheid, dy't alle dagen foar ferskate bakkers, stokerijen, horeka en mûnewinkels yn bedriuw is.

Oare mûnen yn Skiedam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: