Lidwinabasilyk (Skiedam)

Ut Wikipedy
Lidwinabasilyk
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Skiedam
adres Singel 106
koördinaten 51° 55' N 4° 24' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Rotterdam
patroanhillige Marije
Lidwina fan Skiedam
status basilica minor
Arsjitektuer
arsjitekt E.J. Margry
boujier 1878-1881
boustyl Neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33276
Webside
Side fan de Lidwina-basilyk
Kaart
Lidwinabasilyk (Skiedam-Sintrum)
Lidwinabasilyk

De Lidwinabasilyk (offisjeel: Basilyk fan de hillige Lidwina en Us-Leaffrou fan de Roazekrâns), ek bekend as de Singeltsjerke, is in neogoatysk tsjerkegebou yn Skiedam. De tsjerke waard yn 'e jierren 1878-1881 neffens in ûntwerp fan Evert Margry boud, in learling fan Pierre Cuypers. Paus Jehannes Paulus II joech de tsjerke fanwegen de ferearing fan 'e hillige Lidwina yn 1990 de status fan 'basilica minor'.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wapen fan 'e basilyk

De bou fan 'e krúsbasilyk waard mooglik nei't parochianen in stik grûn foar dat doel skonken. Op 12 maaie 1881 waard de tsjerke konsekrearre en yn gebrûk nommen. Ynearsten wie de tsjerke noch in filiaaltsjerke fan 'e Sint-Jantsjerke, mar letter wie de oan Us-Leaffrou fan de Roazekrâns wijde tsjerke in selstannige parochy. Doe't de tsjerke 50 jier bestie yn 1931 waard in Hillich Hertbyld foar de tsjerke delset. De oan 'e tsjerke ferbûne geastliken wiene oan yn de jierren 1960 dominikanen, dy't de roazekrânsdevoasje hawwe ferspraat.

Yn 1969 waard de yn 1858 boude monumintale Lidwinatsjerke oan 'e Nieuwe Haven ôfbrutsen. De ferearing fan de stedshillige ferhûze mei de reliken doe nei de Us-Leaffrou fan de Roazekrâns-tsjerke. De tsjerke krige yn it ramt dêrfan de namme Us-Leaffrou fan 'e Roazekrâns en Sint-Lidwina. Nei't paus Jehannes Paulus II yn 1990 de status fan basilyk ferliende krige de tsjerke de namme Lidwinabasilyk.

Fan 1994 oant 1999 waard de tsjerke restaurearre.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur.

In measte fan de neogoatyske ynrjochting is noch oanwêzich. Allinne de kommunybank waard mei de liturgyske feroarings yn de jierren 1960 weibrutsen om plak te meitsjen foar in folksalter.

In grut part fan de muorren is pleistere en beskildere. Kroanluchters ferljochtsje it gebou. De krúswei datearret fan 1895-1901 en is lykas de alters en preekstoel makke troch P. Peeters út Antwerpen. De earste en lêste staasje binne letter tafoege: de ferdriuwing fan Adam en Eva en de ferrizenis fan Kristus. De grutte brânskildere ramen fan it dwersskip binne oan Marije wijd.

Ut de yn 1968 ôfbrutsen Lidwinatsjerke binne de skilderijen fan Jan Dunselman (1864-1931) ôfkomstich, dy't foarstellings toane út it libben fan Sint-Lidwina. Foar it haadalter stiet in neogoatyske kapelfoarmige skryn mei de reliken fan Sint-Lidwina. Yn 'e tsjerke stiet njonken de doopkapel ek de grêfstien fan de stedshillige. De sark hat de reformaasje oerlibbe en te sjen is de hillige, dy't troch ingels kroand wurdt mei op de hoeken fan de sark de symboalen fan 'e evangelisten.[1]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It twamanualige oargel waard boud nei de foltôging fan de tsjerke en op 11 july 1888 yn gebrûk nommen. It troch de bruorren Franssen boude oargel waard yn 1961 troch Vermeulen restaurearre en yn it ramt dêrfan wizige. It hiele oargel waard elektro-pneumatysk makke. Adema-Schreurs restaurearre it oargel yn 'e jierren 2000-2001 en besocht dêrby de technyk en de klank fan it ynstrumint neffens de oarspronklike sitewaasje werom te bringen. De neogoatyske oargelkas is makke troch A.F. Pieters út Antwerpen.

Njonken it haadoargel fan 'e bruorren Franssen is der noch in posityf fan H. Pelgrim út 1998.[2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: