Teylingen
Teylingen | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Súd-Hollân |
sifers en geografy | |
haadplak | Sassenheim (kantoar) Voorhout (bestjoer) |
grutste plak | Voorhout |
ynwennertal | 38.448 (1 jannewaris 2024)[1] |
befolkingstichtens | 1356 /km² |
oerflak | 33,49 km² |
● wêrfan lân | 28,38 km² |
● wêrfan wetter | 5,11 km² |
tal doarpen | 3 |
ferkearsieren | A44 N208 N444 Skipholline, Alde line |
skiednis | |
oprjochte | 2006 |
foar 2006 | Sassenheim Voorhout Warmond |
oar | |
netnûmer | 0252, 071 |
postkoade | 2170-2172, 2215-2216, 2360-2362 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | https://www.teylingen.nl/ |
Teylingen is in gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De gemeente leit yn 'e súdlike Bollekrite, noardlik fan 'e stêd Leien. De gemeente ûntstie yn 2006 nei in fúzje fan de gemeenten Sassenheim, Voorhout en Warmond. De gemeente Teylingen hat 38.448 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 33,49 km² wêrfan 5,11 km² wetter.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan 'e gemeente is ôflaat fan Slot Teylingen, in ruïne yn 'e buorskip Teijlingen yn Voorhout, tichteby de kearn Sassenheim. Dêrnjonken komt de namme ek foar yn de eardere gemeenten Sassenheim, Voorhout en Warmond. Eastlik fan Sassenheim en Lisse leit in dúnrêch mei de namme Teijlingen, dy't weromgiet op in rekonstruearre Germaansk wurd *taglingja ‘sturt’ of ‘smelle, hege dúnrêch’; dat Germaanske wurd is ek werom te finen yn it Ingelske wurd tail.[2]
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente grinzget oan de gemeenten Noardwyk, Lisse, Haarlimmermar, Kaag en Braassem, Leiderdorp, Leien, Oegstgeest en Katwyk. It grutste part fan de Kagerplassen leit op it grûngebiet fan Teylingen. It polderlân oan 'e eastkant fan de kagerplassen is sûnder boat allinnich troch de buorgemeenten te berikken.
Kearnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Teylingen bestiet út de trije folgjende offisjele kearnen:
Kearn | Ynwenners (2023)[3] |
---|---|
Sassenheim | 16.020 |
Voorhout | 17.280 |
Warmond | 5.210 |
Fierders hat de gemeente de buorskippen Klinkenberg, Oosteinde en Teijlingen
Stasjons
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de gemeente Teylingen lizze twa spoarstasjons:
- Stasjon Sassenheim, sûnt 2011 yn gebrûk
- Stasjon Voorhout, sûnt 1997 fannijs iepene
Stêdebannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e gemeente Teylingen hawwe Sassenheim en Warmond in stêdebân.
Sassenheim
- Tileagd (Roemeenje), sûnt 2001
- Lagos (Portugal), sûnt 2013
Warmond
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De ruïnen fan Teylingen
-
Byld Lucas de Wit2 1994 Raadhuisplein Voorhout
-
Kagerplassen
-
Sassenheim, - panoramio
-
Silen op 'e Kaag, Warmond
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Gemeente Teylingen | ||
---|---|---|
Kearnen: Sassenheim • Teijlingen • Voorhout (bestjoersintrum) • Warmond | ||
· · |
Súd-Hollân | |
---|---|
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht | |
· · |