Dún- en Bollekrite
Dún- en Bollekrite (Duin- en) Bollestreek | ||
Fjild mei reade tulpen | ||
polityk | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân Noard-Hollân | |
gemeenten | Bloemendaal Hillegom Katwyk Lisse Noardwyk Teylingen | |
sifers | ||
ynwennertal | 104.541 - 151.139 (ôfhinklik fan begrinzging) | |
Kaart | ||
De Dún- en Bollekrite (Nederlânsk: Duin- en Bollenstreek [ˈdœyn ɛm ˈbɔlə(n)streːk;]?, of gewoanwei: Bollenstreek [ˈbɔlə(n)streːk;]?) is in krite yn it sintrum fan it histoaryske Hollân dêr't de blombolletylt ûntstien is. De krite rint rûchwei fan Leien oant Haarlim. De krite is in kombinaasje fan dunen, blommefjilden, marren en skiednis itjinge de krite populêr foar toeristen makket.
De krite is ferneamd omreden it kweken fan tulpebollen, en dêrnjonken de krookjes, narsissen en hyasinten. De bolletylt ûntstie oan 'e ein fan de 16e iuw op de sângrûn by Haarlim, om't dy sângrûn tige gaadlik wie far de tylt fan blommbollen. Yn 'e 17e iuw gie it mei de tulpehannel foar in skoft ûnbidich goed fanwegen de tulpemany. De grutskalige tylt kaam yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw goed op gong.
Yn 'e bloeitiid fan de blombollen hat de krite in kleurryk oansjen. Nei de krookjes begjin ein maart de bloei fan tulpen, narsissen en hyasinten dy't oant yn maaie trochrint. Yn 'e neisimmer soargje gladioalen, daaljes, anjeliers en asters foar in twadde kleurrike perioade.
Ofbeakening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krite leit offisjeel fan de ûnderrin fan de Alde Ryn westlik fan Leien oant it gebiet westlik fan Haarlim. In part fan de westlike Haarlimmermar, it gebiet om Zwaanshoek hinne wurdt ek wol ta de Bollekrite rekkene. Om't de krite gjin bestjoerlike ienheid is, binne de grinzen dizich. De gemeenten Hillegom, Katwyk, Lisse, Noardwyk en Teylingen hearre rûchwei ta de krite. De gemeenten Katwyk, Noardwyk, Teylingen, Lisse en Hillegom yn 'e súdlike Bollekrite wurkje boppedat gear yn it bestjoerlik gearwurkingsferbân Hollân Rynlân (Holland Rijnland) mei gemeenten yn 'e agglomeraasje Leien en in tal oare gemeenten.
Ta de Bollekrite wurdt tradisjoneel de fanâlds roomsk-katolike agraryske bolledoarpen Noardwyk-Binnen, Noardwikerhout, Voorhout, Sassenheim, Lisse, Hillegom, De Zilk en bytiden ek de Noardhollânske doarpen Vogelenzang en Bennebroek ta de Bollekrite rekkene. De Dúnkrite mei de fiskersdoarpen Katwyk oan See en Noardwyk oan See hawwe in protestants-kristlik karakter. Rynsburch is lestiger yn ien fan de twa groepen te pleatsen, om't it wol in bolledoarp is, mar net roomsk-katolyk.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krite wurdt skaaimerke troch brede strânwâlen, dy't tusken 1650 en 1955 ôfgroeven waarden foar lânboukundich gebrûk en stêdebou. Dêr ûntstie de geastgrûn tusken de dunen en de polders dy't njonken de feehâlderij en lânbou tige gaadlik wiene foar it ferbouwen fan blombollen. It gebiet wurdt beskerme troch in grutte dunerige fan de Noardsee. Om't de sânige grûn justjes heger as seenivo leit, makkket it de krite in apart gebiet yn it oars leech lizzende Hollân mei klaai en feangrûn.
It klimaat en de boaiem meitsje de krite tige gaadlik foar de blommetylt. De mylde hjerst, de koele, dochs sinnige maitiid en de drûere simmers soargje foar in groeiseizoen fan betiid yn 'e maitiid oant let yn it neijier.
Blommetylt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blommetylt, it ferwurkjen fan blombollen foar de eksport en oare aktiviteiten yn de blomme-yndustry binne wichtige ekonomyske aktiviteiten yn it gebiet. De bolletylt yn it gebiet sette útein oan 'e ein fan 'e 16e iuw. Benammen de tulpemany oan it begjin fan 'e 17e iuw spile in wichtige rol yn 'e ûntjouwing dêrfan.
De bollen wurde yn 'e hjerst plante. Dêrnei wurdt de grûn bedutsen mei strie en ynpakt om de bollen te beskermjen tsjin de froast. It bloeiseizoen begjint mei de bloei fan krookjes yn maart, ein maart folge troch de kombinearre bloei fan tulpen, narsissen en hyasinten, dy't oant begjin maaie trochrint. Yn 'e hjerst bloeie gladioalen, daaljes, anjeliers en asters.
Dy blommen wurde it meast ynearsten kweekt foar de bol, net foar e blom. Nei de bloei wurde de blommen koppe. De blom kin brûkt wurde yn blommekrânsen. Simmerdeis wurde de bollen útgroeven en de planteresten waarden eartiidsferbaarnd op it lân, dochs hjoed-de-dei mei it net mear omreden miljeuregels. De bollen wurde sortearre, de bollen dy't grut genôch binne wurde ferkocht en de lytsere bollen wurde fannijs plante. De bollen wurde puolle, almeast troch jongerein of wurknimmers om utens. Dêrnei wurde se ûntsmetten en by hege temperatuer drûge yn ûnbidich grutte bolleskuorren, in skaaimerkjend gebou yn 'e krite. De bollen wurde ferhannele op blommefeilingen yn Rynsburch, Lisse en Aalsmeer en dêrnei eksportearre fan it tichteby lizzende Skiphol nei in soad lannen wrâldwiid.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Taal en karakter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bollekrite is fanâlds in roomsk-katolike enklave yn Hollân en nettsjinsteande it ferstedskjen hat noch in lanlik karakter. Dialektkundich wurdt der in noardlik Súdhollânsk dialekt sprutsen. By de kust, yn 'e Dunekrite, wurde Strânhollânske dialekten sprutsen, dy't eigenskippen hawwe dy't har minder oan it Standertnederlânsk oanpast hawwe. Dy dialekten hawwe in sterker Frysk substraat oerholden, lykas de Nederlânske kombinaasje sch wurdt , kreksa as yn 't Frysk útsprutsen as sk. De r, oan 'e ein fan in wurd of wurdlid, wurdt yn 'e Dún- en Bollekrite, lykas yn it Westlân en de noardlike Hollânske dialekten rôljend útsprutsen ta tsjinstelling fan 'e Rânestêd dêr't de Goaiske r earder útsprutsen wurdt.
Attraksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As de bollefjilden yn 'e bloei stean, is de krite ien fan de meast kleurrykste (en meast besochte) yn 'e wrâld. Benammen de Keukenhof lûkt alle jierren goed 1 miljoen besikers. Der binne in pear blommekorsos yn it gebiet. Ien dêrfan is de Blommekorso Bollekrite yn april, dêr't blomsierweinen en muzykkorpsen stadichoan fan Noardwyk oan See oer Sassenheim, Lisse, Hillegom, Heemstede nei Haarlim paradearje. Yn augustus is de Rynsburchske blommekorso dy't fan Rynsburch oer Katwyk oan See nei Noardwyk oan See giet.
Oare attraksjes binne:
- de skjinne, brede strannen by gâns de kust del
- baaiplakken, lykas Katwyk oan See en Noardwyk oan See
- de dunen, gaadlik foar fytsen en kuierjen
- de Kagerplassen by Kaag justjes eastlik fan 'e krite
- twa kastielen, lykas Huys Dever en Slot Teylingen en ferskate lânhuzen, lykas Kastiel Keukenhof
- museums (De Zwarte Tulp, Panorama Tulipland, Museum Oud-Noordwijk, Katwijk Museum, Space Expo op it mêd fan ESTEC
- de pittoreske histoaryske doarpssintrums
- it tichteby wêzen fan Leien en Haarlim en, bytsje fierder, Amsterdam, De Haach, Gouda en Delft
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bennebroek
- Hillegom
- Kaag
- Katwyk oan de Ryn
- Katwyk oan See
- Lisse
- Lisserbroek
- Noardwyk
- Noardwyk oan See
- Noardwikerhout
- Oegstgeest
- Rynsburch
- Sassenheim
- Teylingen
- Vogelenzang
- Voorhout
- Warmond
- De Zilk
- Zwaanshoek
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kaart fan de Dún- en Bollekrite op Google Maps
- Kustgids foar de Dún- en Bollekrite
- Museum foar de Bollekrite
- Panorama Tulip Land
- Blommekorso Bollekrite