Strânwâl
In strânwâl of ouwer is in sânrêch dy't troch weagen ôfset wurdt en dy't lykop rinnend oan in kustline rint. Hy bestiet almeast út sân en sedimint ôfkomstich fan ûnderlizzend strânmareriaal. It bewegen fan it sedimint troch weachslach wurdt littoraal neamd. It bewegen fan materiaal parallel oan 'e kustline wurdt brâning neamd. In strânwâl kin foarme wurde troch dunen. De hichte fan in strânwâl wurdt beynfloede troch de grutte en enerzjy fan de weagen.
It sakjen fan it wetterpeil kin in strânwâl isolearje fan it wetterlichem dat him foarme hat. Isolearre strânwâlen rinne by drûge marren yn it westen fan 'e Feriene Steaten del en yn it binnenlân fan de Grutte Marren fan Noard-Amearika, dêr't se foarme waarden oan 'e ein fan 'e lêste iistiid doe't it nivo fan de marren folle heger wie troch it teieb fan gletsjers en in behindere issstream troch gletsjeriis. Guon isolearre strânwâlen binne te finen yn parten fan Skandinaavje, dêr't it teien fan gletsjers de druk op lânmassa's fermindere en late ta it dêropfolgjende glasiale opheffing. Troch it heger wurden fan it wetterpeil koene strânwâlen dy't yn in earder stadium ûntstien wiene ûnder wetter komme te stean, dêr't se troch erodearren.
Yn Nederlân waarden de âldere strânwâlen foarme yn it Holoseen, yn it Atlantikum. As gefolch fan hegere temperatueren kaam de seespegel omheech, dêr't it foarmjen fan sânplaten en strânwâlen mooglik wie. It opheegjen fan de seeboaiem gie yn dyt tiid flugger as it heger wurden fan 'e seespegel. Benefter dy wâlen ûntstie in waadgebiet, dêr't âlde seeklaai besakje koe. It sân fan de strânwâlen dat drûch wurden wie, waard letter troch de wyn opstood ta lytse dunen. Troch fegetaasje waard lang om let dúnfoarmjen werklikheid. Dat binne hjoed-de-dei de âlde dunen.
Yn it wiete westen fan Nederlân beane de heger lizzende strânwâlen gelegenheid ta de earste transportrûten oer lân en waarden dêr al rillegau delsettings stifte.