Springe nei ynhâld

Kastiel Keukenhof

Ut Wikipedy
Kastiel Keukenhof
Kastie Keukenhof
Kastie Keukenhof
Lokaasje
lân Nederlân
plak Lisse
adres Keukenhof 1
koördinaten 52° 16' 4" NB 4° 32' 25" EL
Skiednis
stifter Adriaen Maertensz. Block
boujier 1642
Oars
type lânhûs
boustyl klassisisme
hjoeddeisk gebrûk museum
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 511406
Webside
www.kasteelkeukenhof.nl
Kaart
Kastiel Keukenhof (Súd-Hollân)
Kastiel Keukenhof

Kastiel Keukenhof waard as in klassistysk lânhûs boud troch Adriaen Maertenssoan Block yn 1642. It kastiel stiet by it Nederlânske plak Lisse yn 'e provinsje Súd-Hollân. De wrâldferneamde blomme-útstalling Keukenhof is op in part fan it lângoed.

Yn 'e midsiuwen wie der in brede stripe yn 'e dunen dat Keykenduyn (kokendún) hiet. Dêr waard op wyld jage, fee holden en krûden ferboud foar de koken fan it Kastiel Teylingen. Dêr libbe grevinne Jakoba fan Beieren de lêste fjouwer jier fan har libben yn ballingskip.

Yn 1642 liet Adriaen Maertenssoan Block, in earder kommandeur fan 'e Feriene Eastyndyske Kompanjy, in lânhûs yn Keukenduyn bouwe. Yn dy snuorje wie it de wizânsje dat gegoede keaplju stikken lân yn 'e omkriten kochten en dêrnei bûtenhuzen bouden dêr't se simmerdeis ferbliuwe koene. De namme Keukenduyn waard letter brûkt as namme foar lângoed Keukenhof.

Yn 'e iere 19e iuw kocht jonker Johan Steengracht van Oostcapellen it lângoed Keukenhof. Hy koe it dêrtroch fan 'e sloop rêde en hy wreide it gebou tige by tige út. Syn dochter Cecilia boaske Carel Anne Adriaan, baron fan Pallandt (1810-1883). Hja jouwe de opdracht en lit seis tuorren oanbouwe en dêrtroch waard it lânhûs in kastiel mei de namme "Kastiel Keukenhof". Ek waarden de tunen fannijs ynrjochte troch de ferneamde túnarsjitekt J.D. Zocher en L.P. Zocher.

Harren dochter Cornelie (1840-1923) erve it kastiel nei't har broer Frederik (1838-1878) kaam te ferstjerren. Hja boaske Jan Carel Elias, greve fan Lynden (1837-1900). Nei har ferstjerren wurdt har âldste soan Jan Maurits Diederik, greve fan Lynden (1864-1930) de eigener. Hy liet de foarkant it kastiel trch balkons ta badkeamers om te bouwen.

Dy syn soan, Jan Carel Elias (1912-2003) bliuwt nei syn skieding mei syn mem en dochter yn it kastiel wenjen. Nei't yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it kastiel troch de Dútsers foardere. Dêrnei hat de greve net mear permanint yn it kastiel wenne. Nei't er ferstoar hat er it kastiel oan in stifting neilitten.

It oarspronklike 17e iuwske lânhûs mei folsleine kelder waard yn 1861/1862 omboud ta in neogoatysk kastiel nei ûntwerp fan Elie Saraber. It neogoatyske karakter wurdt skaaimerke troch it tafoegejn fan fesrkate soarten tuorren oan it oarspronklike rjochthoekige gebou, dat noch werom te kennen is oan it wolvedak mei Hollânske dakpannen en de fjouwer mitsele hoekskoarstiennen.

De tuorren hawwe spitsen dy't ferskillend faninoar foarme binne, dy't allegear mei laaien beklaaid binne en bekroane wurde troch in pinakel. Under alle daklisten rint in rûnbôgefries.

Tsjin de oarspronklike 17e iuwske westgevel waard in risalyt boud, dy't út trije tuorren bestiet mei yn 't midden de yngong. Yn 't midden is de heechste foarútspringende toer bekroane troch in spits yn de foarm fan in krombûgd wolvedak mei oan 'e foarkant twa en oan de sydkanten ien harkeniel ûnder in útstykjend trijehoekich skyld bekroane mei pinakels. Ek is der in tagongsdoar yn de toer mei in krombûgd fronton. Foar de doar is in hurdstienne parredis mei oan wjerskanten in mitsele balustrade bekroane mei natoerstiennen fazen. De rjochter toer is bekroene troch in puntdak en de lofter toer hat in spits mei deselde foarm as de middelste toer.

De súdgevel hat yn 't midden in fjouwerkante toerútbou, dy't op 'e oarspronklike midas fan it 17e iuwske hûs stiet. Oan wjerskanten fan dy útbou is in finsteras dy't bestiet út in finster mei mearrútfinster mei Frânsk balkon op de flierferdjipping, in T-finster mei lûken op 'e ferdjipping fan de harkeniel. De útbou is oplutsen op in rjochthoekige grûnslach ûnder in ynsnuorre seiskantige spits. Op 'e hoeken binne twa rûne tuorren bekroane troch in rûne nullespits. De toermuorre hat ien finsteras foarme troch dûbelde túndoarren, mei dêrboppe dûbele mearruten oan in balkon mei in skulpe râne oan in izeren balustrade, en op 'e tredde ferdjipping in dûbeld bôgerút mei lûken.

Yn 'e hoektuorren binne twa boppe-inoar pleatste bôgefinsters mei lûken. De gevels oan 'e noard- en eastkant binne fiif finterassen breed entwa boulagen heech. Op 'e noardeasthoeke stiet in rûne toer mei rûnbôgeruten mei lûken in in rûne nullespits. Lofts njonken de toer oan 'e eastgevel is in rjochthoekige útbou, in bykoken sûnder ferdjippings mei rûnbôgefinsters ûnder de daklist. De útbou hat in dakterras mei balustrade. In dûbelde balkondoar op 'e ferdjipping jout tagong ta in terras. De oare fjouwer assen wurde ynfolle troch 19e iuwske krúsfinsters mei glês yn lead en heale lûken. Op e gevel is in sinnewizer.

De listgevel oan 'e noardkant wurdt yn 't midden trochbrutsen troch in tútgevel ûnder in troch dakpannne bedutsen sealtek. De finsteras wurdt foarme troch in dûbelde glêzen doar. De finsterassen oan wjerskanten besteane op 'e flierferdjipping út mearrútfinsters en op 'e ferdjipping in Frânsk balkon.

De 17e iuwske yndieling fan it lânhûs is foar it grutste part bewarre bleaun. It bestiet út in lange midas fan east nei west mei keamers oan wjerskanten. Yn 'e grutte seal is in murmere houten skoarstien. De grutte seal hat in plafondskildering út 1843. Yn 'e iterskeamer is in skou út 1772 yn rokokostyl. De toerkeamer is ynrjochte as Sineeske pronkkeamer mei soad diggelguod en goudlear behang. De koken is nijsgjirrich mei in grut kôkkachel ûnder de skoarstien.

Ynterieur
Eksterieur

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kasteel Keukenhof, uit porseleinkamer en boekentoren, Hilversum, Verloren, 2008.
  • Kunst, natuur en techniek op en rond kasteel Keukenhof, Hilversum, Verloren, 2009.
  • Zeehelden, kooplieden, lords en ladies op kasteel Keukenhof, Hilversum, Verloren, 2010.
  • Dagboek van een reis naar Japan (1855), waaiers en Amerikaanse meisjesboeken op kasteel Keukenhof, Hilversum, Verloren, 2011.
  • Globes, oorkonden en botanica op kasteel Keukenhof, Hilversum, Verloren, 2012.
  • Kasteel Keukenhof: schilders en schrijvers, Hilversum, Verloren, 2013.
  • Kasteel Keukenhof: huis en haard, Hilversum, Verloren, 2015.
  • Ignus MAES, Gerard JASPERS & Marten HOFSTEDE (red.), Kasteel Keukenhof, cultureel erfgoed in en om het kasteel, njogende jierboek kastiel Keukenhof, Hilversum, Verloren, 2019

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kasteel Keukenhof fan Wikimedia Commons.