Jakoba fan Beieren

Ut Wikipedy
Jakoba fan Beieren
libben
berne16 july - 1401
(Le Quesnoy - Henegouwen)
ferstoarn9 oktober - 1436
(Teijlingen by Sassenheim)
heitWillem VI fan Hollân
memMargaretha fan Boergonje
houlik 1
datum? - 1416
partnerJan fan Touraine
berngjin
houlik 2
datum? - 1418
partnerJan IV fan Brabân
berngjin
houlik 3
datum? - 1422
partnerHumphrey fan Gloucester
berngjin
houlik 4
datum? 1432 én 1434
partnerFrank fan Borsele
berngjin
Hartoginne fan Beieren
perioade1417 - 1436
foargongerWillem VI
opfolgerFilips fan Boergonje
Greve fan Hollân en Seelân en Henegouwen
perioade1417 - 1436
foargongerWillem VI fan Hollân
opfolgerFilips fan Boergonje
Hûs Wittelsbach

Jakoba fan Beieren (Le Quesnoy, Henegouwen, 16 july 1401Teijlingen, by Sassenheim, 9 oktober 1436) wie grevinne fan Hollân en Seelân, Henegouwen en hartoginne fan Beieren.

De earste jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15-jierrige leeftyd trout se mei de Frânske prins Jan fan Touraine, dy’t yn jannewaris 1417 ferstjert. Fermoedlik troch fergif. Yn 1417 ferstoar har heit greve Willem VI. Sy folge har heit op, mar har omke, de Luikske biskop Jan fan Beieren krige Hollân tawiisd fan de Dútske Keizer Sigismund. De striid tusken Jakoba en Jan betsjutte in oplibbing fan de Hoekske en Kabbeljauske twisten.

Yn 1418 troude Jakoba fan Beieren mei har neef, Jan IV fan Brabân. Se krigen hjirfoar tastimming fan de Paus. Der wie in soad protest tsjin it houlik, sa wienen ûnder oare Hollân en Seelân tsjin. Under druk fan keizer Sigismund waard de pauslike tastimming ynlutsen. Omdat hy syn finansjele ferplichtingen net neikomme koe, ferhierde Jan IV it grûngebiet fan Jakoba foar 12 jier oan har fijân Jan fan Beieren. Jakoba liet doe it houlik ûnjildich ferklearje en gie nei Ingelân ta, wêr't sy yn 1422 troude mei Humphrey fan Gloucester.

Tegearre mei Humprey gie sy yn 1424 werom nei Hollân om de striid oan te gean tsjin har eks-man Jan IV, dy’t stipe waard troch Filips fan Boergonje (Filips de Goede). Doe't Hymprey har yn 1425 yn de stiik lit foar in hofdame, joech Jakoba fan Beieren de striid op. Se joech har oer oan Philips fan Boergonje en waard yn Gint finzen setten.

Fernijde striid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't har omke Jan fan Beieren ferstoar, kamen syn gebieten yn hannen fan Philips fan Boergonje. Jan IV waard greve fan Hollân en Seelân. De Hoeken fersetten har hjirtsjin en befrijden Jakoba fan Beieren. De eallju (leden fan it skuttersgilde “Sint Joaris” fan Heusden Spiering en Aalburch) slaggen der yn Jakoba fan Beieren te moetsjen en tegearre mei har waard in ûntsnappingsplan makke. Jakoba en har keamenier ferklaaiden har yn mânljusklean en rûnen simpel it kastiel út. Bûten wachte Spiering yn Aalburch mei hynders en it fjouwertal wist te ûntkommen oer Breda en Woudrigem nei Fianen.

Jakoba pakt de striid tsjin Philips fan Boergonje wer op yn de trijehoek Gouda - Oudewater - Schoonhoven. Trije jier letter moat se wer frede slute. Yn dit fredesferdrach (de Tút fan Delft) waard bepaald dat Philips fan Boergonje erfgenamt wurde soe fan Jakoba fan Beieren. En dat Jakoba fan Beieren net mear trouwe mocht. Jakoba bleau yn namme noch grevinne fan Hollân mar moast al rillegau alle macht ôfstean.

In skoft letter is se dochs troud mei Frank fan Borselle. Trochdat se hjirmei it fredesferdrach skeinden, moast se definityf ôfstân dwaan fan al har macht. Se luts har werom op it slot Teylingen, wêr't se yn 1436 op 35-jierrige leeftyd ferstoar oan tuberkuloaze. It is net bekend wêr't Jakoba fan Beieren te hôf brocht is. Der binne oanwizingen dat se yn de Nederlânske herfoarme tsjerke yn Sint Maartensdyk leit. Mar mear foar de hân leit dôchs dat se yn Delft leit.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jakoba fan Beieren