Springe nei ynhâld

Dún- en Bollekrite

Ut Wikipedy
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Dún- en Bollekrite
(Duin- en) Bollestreek
Fjild mei reade tulpen
Fjild mei reade tulpen
polityk
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
Noard-Hollân
gemeenten Bloemendaal
Hillegom
Katwyk
Lisse
Noardwyk
Teylingen
sifers
ynwennertal 104.541 - 151.139 (ôfhinklik fan begrinzging)
Kaart
Dún- en Bollekrite (Nederlân)
Dún- en Bollekrite

De Dún- en Bollekrite (Nederlânsk: Duin- en Bollenstreek [ˈdœyn ɛm ˈbɔlə(n)streːk;]?, of gewoanwei: Bollenstreek [ˈbɔlə(n)streːk;]?) is in krite yn it sintrum fan it histoaryske Hollân dêr't de blombolletylt ûntstien is. De krite rint rûchwei fan Leien oant Haarlim. De krite is in kombinaasje fan dunen, blommefjilden, marren en skiednis itjinge de krite populêr foar toeristen makket.

De krite is ferneamd omreden it kweken fan tulpebollen, en dêrnjonken de krookjes, narsissen en hyasinten. De bolletylt ûntstie oan 'e ein fan de 16e iuw op de sângrûn by Haarlim, om't dy sângrûn tige gaadlik wie far de tylt fan blommbollen. Yn 'e 17e iuw gie it mei de tulpehannel foar in skoft ûnbidich goed fanwegen de tulpemany. De grutskalige tylt kaam yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw goed op gong.

Yn 'e bloeitiid fan de blombollen hat de krite in kleurryk oansjen. Nei de krookjes begjin ein maart de bloei fan tulpen, narsissen en hyasinten dy't oant yn maaie trochrint. Yn 'e neisimmer soargje gladioalen, daaljes, anjelirs en asters foar in twadde kleurrike perioade.

Bollefjilden by Noardwikerhout fan 'e dunen ôf sjoen

De krite leit offisjeel fan de ûnderrin fan de Alde Ryn westlik fan Leien oant it gebiet westlik fan Haarlim. In part fan de westlike Haarlimmermar, it gebiet om Zwaanshoek hinne wurdt ek wol ta de Bollekrite rekkene. Om't de krite gjin bestjoerlike ienheid is, binne de grinzen dizich. De gemeenten Hillegom, Katwyk, Lisse, Noardwyk en Teylingen hearre rûchwei ta de krite. De gemeenten Katwyk, Noardwyk, Teylingen, Lisse en Hillegom yn 'e súdlike Bollekrite wurkje boppedat gear yn it bestjoerlik gearwurkingsferbân Hollân Rynlân (Holland Rijnland) mei gemeenten yn 'e agglomeraasje Leien en in tal oare gemeenten.

Ta de Bollekrite wurdt tradisjoneel de fanâlds roomsk-katolike agraryske bolledoarpen Noardwyk-Binnen, Noardwikerhout, Voorhout, Sassenheim, Lisse, Hillegom, De Zilk en bytiden ek de Noardhollânske doarpen Vogelenzang en Bennebroek ta de Bollekrite rekkene. De Dúnkrite mei de fiskersdoarpen Katwyk oan See en Noardwyk oan See hawwe in protestants-kristlik karakter. Rynsburch is lestiger yn ien fan de twa groepen te pleatsen, om't it wol in bolledoarp is, mar net roomsk-katolyk.

De krite wurdt skaaimerke troch brede strânwâlen, dy't tusken 1650 en 1955 ôfgroeven waarden foar lânboukundich gebrûk en stêdebou. Dêr ûntstie de geastgrûn tusken de dunen en de polders dy't njonken de feehâlderij en lânbou tige gaadlik wiene foar it ferbouwen fan blombollen. It gebiet wurdt beskerme troch in grutte dunerige fan de Noardsee. Om't de sânige grûn justjes heger as seenivo leit, makkket it de krite in apart gebiet yn it oars leech lizzende Hollân mei klaai en feangrûn.

It klimaat en de boaiem meitsje de krite tige gaadlik foar de blommetylt. De mylde hjerst, de koele, dochs sinnige maitiid en de drûere simmers soargje foar in groeiseizoen fan betiid yn 'e maitiid oant let yn it neijier.